Teake Oppewal

De Nije biblioteek en de merk antikwarysk beskikbere Fryske boeken -update

logo.ensafh

Earste reaksje (pleatst op 16-05-2010)

De bydrage fan Sigrid Kingma en in groep oare studinten oan ensafh op 30 april 2010 oer de Nije biblioteek ropt de nijsgjirrige fraach op oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it printing-on-demand-konsept (pod) fan de Nije biblioteek. De toan fan it stik is wolwollend-skeptysk.

Tagelyk fernimt men de wrakseling mei de lytsens fan de Fryske wrâld. It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij. Dat is krekt wêr’t elk dy’t serieus mei it Frysk dwaande is him mei lykfine moat. Dat blykt ek út it stik: ‘De feiten lizze no ienris sa’. Dan is it de keunst om in sa oansprekkend mooglike formule te finen. Miskien is printing on demand dat wol.

Algemien byld
It ûndersyk, stelt Kingma, ‘moat in aardichheidsje bliuwe’. Dêr bedoelt se mei dat it mear bedoeld is om in earste yndruk te krijen as dat it in folslein byld jaan moat. En de earste yndruk is helder: healsliten boeken by antikwariaten binne folle guodkeaper as nijmakke pod-eksimplaren. Logysk! Mar de suggestje dat it gûl om goarre wêze soe, in antikwarysk boek of in nij pod-boek, en dat keapers dus wol automatysk it antikwaryske eksimplaar keapje sille, is te koart troch de bocht. Der hat altyd in merk west fan healsliten boeken, en dat hat nea in beheining west om bepaalde titels op ’en nij út te bringen. Yn it artikel wurdt dat ferskynsel mei ien sin oan de kant reage: ‘In minske moat wol ôfgryslik smeteangst hawwe om foar itselde boek fjouwer knaken mear del te tellen.’ As dat wier wêze soe, hoe kin it dan dat der allegeduerigen nije útjeften ferskine fan titels, dy’t folle guodkeaper antikwarysk te besetten binne? De bestseller Gloed fan Sandor Márai kinne je foar € 4,– rûnom antikwarysk keapje, mar dochs is der wer in nije printing útbrocht mei in ferkeappriis fan €16,50. En tichter by hûs: Fan De fûke en fan Feroaring fan lucht ferskynden de lêste jierren nije útjeften, ek al binne der genôch fan antikwarysk te keap.

Wat fan belang is, dat is dat de boeken út de Nije biblioteek der goed útsjogge en foar in nij, goed fersoarge boek in oantreklike priis hawwe. As je ien in oansprekkend Frysk boek kado dwaan wolle, bygelyks Sûnder garânsje fan Froukje Annema – ik neam mar in suksestitel út it TDE-fûns – dan komme je net mei in betomke en stoffich ding út in antikwariaat oansetten, ek al is dat tsien euro guodkeaper. En itselde jildt foar in bepaalde kategory minsken dy’t foar eigen gebrûk in boek keapje.

Hoe krekt is it ûndersyk dien?
It ûndersyk mei dan ‘in aardichheidsje’ wêze, ik freegje my ôf hoe krekt oft it dien is. Neffens de pdf-list by it artikel op ensafh binne bygelyks fan De sûnde fan Haitze Holwerda 19 eksimplaren beskikber fia boekwinkeltjes.nl. Dat is wier, mar dêr binne 17 fan útjeften yn de âlde stavering, 1 is de tsiende printing út 1991 dy’t ‘korrupt’ is want troch de Afûk sûnder ferantwurding behoffene, en mar 1 is de njoggende printing út 1983, deselde dy’t no as nij pod-boek op ’e merk komt (de iennichste goede edysje yn de nije stavering).

Foar De gouden swipe jildt presys itselde: de measte antikwaryske eksimplaren dêrfan binne âlde, brúnpapierene útjeften út de jierren ’40 en ’50. Leuk foar kolleksjoneurs en conaisseurs, mar net foar it sljochtwei lêzerspublyk. By De smearlappen jildt ek itselde, dêr is mar 1 eksimplaar fan de 12 dy’t de studinten yn har list fermelde yn de nije stavering.

Lykwols, ik wol it punt fan de stavering net al te swier oansette. Yn de Nije biblioteek sitte ek in oantal titels dy’t yn de âlde stavering binne, omdat de pod-útjeften makke wurde op basis fan scans fan eardere útjeften. Mar foar in krekt byld fan de antikwaryske merk mei dat aspekt fansels net oer de kop sjoen wurde.

Netwurk
Yn de resultatelist foar ‘Wadman, Smearlappen’ op boekwinkeltjes.nl is noch wat te sjen: in link oanbrocht nei de nije pod-útjefte fan TDE, te keap foar €13,50! Sa begjint dus te wurkjen wat de studinten ek neame, de needsaak en de mooglikheden fan in grut netwurk foar in stimulearring fan de ferkeap. De titels fan de TDE-boeken binne ek ynbrocht by speurders.nl en kinne allyksa weromfûn wurde op allerhanne oare ferkeapsites. Sykje mei google op in willekeurige titel bewiist dat. Sa wurde potinsjele keapers nei de ferkeapsite fan TDE laat en yn alle gefallen wiisd op de mooglikheid dat in nij eksimplaar oantúgd wurde kin.

Hokker titels as pod ?
De studinten neame yn it pdf-oersjoch 7 titels dy’t as pod beskikber wêze soene, dy’t dat net binne: de nrs. 22, 25, 26, 29, 30, 34 en 35. Dêr is betizing omdat al dy titels wol digitaal op ynternet steane, mar net as papieren eksimplaar te keap binne. Dat is of omdat de rjochthawwers gjin tastimming jûn hawwe, en/of omdat de boeken noch te krijen binne. Ek de Rimen & Teltsjes, dêr’t yn it artikel fan Kingma c.s. fan sein wurdt dat der noch wol 70 eksimplaren fan te keap binne fia ynternet, is net as pod beskikber. Wat soe it ek? De Friese Pers Boekerij hat ferline jier augustus krekt in 12de printing útbrocht, dy leit noch folop yn de boekhannels… ûndanks it oanbod fan 70 âlde eksimplaren op ynternet.

Kosten
Yn de jierren 1992-2003 waarden 26 ‘klassike’ Fryske titels yn twa rigen op ’en nij útjûn. It waarden moaie útjeften, mei in neiwurd oer skriuwer, boek en útjeften, en in ferantwurde omstavering. Krityk wie der allinne op de foarmjouwing fan it omslach fan de earste rige en op de seleksje. Mar dan de kosten: It Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds skode in smite jild oan subsydzje foar dy útjeften. By de Nije biblioteek is by in grutter tal boeken de subsydzje folle en folle minder. De formule is dan ek ienfâldiger: de teksten kinne net omstavere of beredigearre wurde en de kontekst-ynformaasje is beheind ta in nije flaptekst mei in oantal markante oanhalen út kritiken (yn de rin fan de tiid sil op Sirkwy wol mear kontekst-ynformaasje oanbean wurde).

Hoe dan ek: de TDE-rige lit sjen dat je op in guodkeapere manier werútjeften fan Fryske boeken yn de merk sette kinne. Dat is in part fan it eksperimint dat de TDE-rige foarmet. Us doel is om de rige fierder út te wreidzjen en om yn gearwurking mei alle útjouwers op termyn ek sa folle mooglik nijere boeken oan te bieden. Ik doar te wedzjen dat oer 10 jier alle Fryske boeken allinne noch mar mei pod-techniken makke wurde.

De takomst sil útwize oft it in goede set west hat om âldere Fryske literatuer mei pod op ’en nij oan te bieden, en dan sil bliken dwaan wa’t gelyk hiene: de pessimisten of de optimisten.

Teake Oppewal

Twadde reaksje (pleatst op 08-06-2010) Ynstjoerd nei de redaksje fan Ensafh op 27 maaie foar besprek yn de redaksjegearkomst fan 29 maaie, mei as doel eventuele pleatsing yn de papieren Ensafh. Dat is net bard. It stik waard ûnferoare en bûten witten fan de skriuwer pleatst op ynternet op 8 juny as twadde ferzje. Efternei oerlein en mei dizze meidieling klear.

De Nije biblioteek en de merk fan antikwarysk beskikbere Fryske boeken

Op 9 april lêstlyn is de Digitale Biblioteek fan de Fryske Literatuer (DBFL) online gien. Op de websites www.sirkwy.nl en www.dbnl.org binne yn earsten 82 Fryske proazawurken digitaal beskikber kommen. Dat beantwurdet oan in wichtich doel dat Tresoar him steld hat: sa folle mooglik Frysk tekstkorpus kontinu beskikber op ynternet krije.
Doe’t yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt de teksten ienkear digitaal makke wiene, lei it foar de hân om dêr in printing-on-demandfasiliteit oan te keppeljen. Dat is realisearre troch Tresoar en DBNL yn ’e mande mei útjouwerij Elikser. Oant no ta (ein maaie) binne 48 fan de titels út de DBFL by Elikser te keap as pod-útjefte. It betreft meast titels dy’t net mear leverber wiene yn de boekhannel.

Nije biblioteek
De werútjefte-rige hat de namme krigen fan ‘Nije biblioteek’ as útjefte ûnder it imprint TDE. De boeken hawwe in nij foarwurk en printinge-rangnûmer krigen; it tekstblok sels is makke op basis fan in 600 dpi pdf-scan fan de digitalisearre titels. Nij is ek it omslach, dat yn in fergelykbere opmaak foar alle titels it rige-karakter oanjout; it waard ûntwurpen troch Hannie Pijnappels. Foar it achteromslach is in nije flaptekst skreaun, oanfolle mei in oantal opfallende en besteklike oanhalen út kritiken.

Priisfergeliking
In groep studinten út Grins (wurdfierster Sigrid Kingma) hat in globale priisfergeliking makke tusken de boeken út de Nije biblioteek en deselde titels op de merk fan antikwarysk beskikbere boeken, sa’t dy op ynternet oanpriizge wurde. It resultaat is te lêzen op de webside fan Ensafh, pleatst op 30 april 2010, mei in folsleine list fan alle titels. De fraach dy’t Kingma c.s. opsmite is oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it pod-konsept fan de Nije biblioteek. De earste yndruk dy’t it ûndersyk jout is nammentlik dat healsliten boeken by antikwariaten folle guodkeaper binne as nijmakke pod-eksimplaren.

Ferlet fan nije boeken
It resultaat fan de priisferliking hoecht jin net te fernuverjen. Antikwaryske boeken binne oer it generaal folle goedkeaper as nije, salang as it net om spesjale eksimplaren of titels giet. Kingma c.s. suggerearje lykwols dat in antikwarysk boek en in nij boek foar in keaper of lêzer gûl om goarre wêze soe. Keapers soene dus wol automatysk it antikwaryske eksimplaar keapje. Dat liket my te koart troch de bocht. Der hat altyd in merk west fan healsliten boeken, en dat hat nea in beheining west om bepaalde titels op ’en nij út te bringen. Yn it stik fan Kingma c.s. wurdt dat ferskynsel mei ien sin oan de kant reage: ‘In minske moat wol ôfgryslik smeteangst hawwe om foar itselde boek fjouwer knaken mear del te tellen.’ As dat wier wêze soe, hoe kin it dan dat der allegeduerigen nije útjeften ferskine fan titels, dy’t folle guodkeaper antikwarysk te besetten binne? Fan De fûke en fan Feroaring fan lucht ferskynden de lêste jierren nije útjeften, ek al binne der genôch fan antikwarysk te keap. Ek fan de Rimen & Teltsjes, dêr’t yn it artikel fan Kingma c.s. fan sein wurdt dat der noch wol 70 eksimplaren te keap binne fia ynternet, is ferline jier augustus in tolfde printing útbrocht.
Wat telt is dat de boeken út de Nije biblioteek der goed útsjogge en foar in nij, goed fersoarge boek in oantreklike priis hawwe. As je ien in oansprekkend Frysk boek kado dwaan wolle, bygelyks Sûnder garânsje fan Froukje Annema – ik neam mar in suksestitel út it TDE-fûns – dan komme je net mei in betomke en stoffich healsliten ding út in antikwariaat oansetten, ek al is dat tsien euro guodkeaper. En itselde jildt foar in bepaalde kategory minsken dy’t foar eigen gebrûk in boek keapje.

Hoe krekt is it ûndersyk dien?
Yn it ûndersyk is gjin rekken hâlden mei it feit dat hiel wat antikwarysk beskibkere boeken yn de âlde stavering binne. Nim bygelyks De sûnde fan Haitze Holwerda: dêr binne 19 eksimplaren fan beskikber fia boekwinkeltjes.nl: 17 útjeften yn de âlde stavering, 1 is de tsiende printing út 1991 dy’t ‘korrupt’ is (want troch de Afûk sûnder ferantwurding behoffene), en mar 1 is de njoggende printing út 1983, deselde dy’t no as nij pod-boek op ’e merk komt (de iennichste goede edysje yn de nije stavering).
Foar De gouden swipe jildt krektengelyk itselde: de measte antikwaryske eksimplaren dêrfan binne âlde, brúnpapierene útjeften út de jierren ’40 en ’50. Leuk foar kolleksjoneurs en conaisseurs, mar net foar it sljochtwei lêzerspublyk. By De smearlappen jildt ek wer itselde, dêr is mar 1 eksimplaar fan de 12 dy’t de studinten yn har list fermelde yn de nije stavering.
Lykwols, ik wol it punt fan de stavering net al te swier oansette. Yn de Nije biblioteek sitte ek in oantal titels dy’t yn de âlde stavering binne, omdat de pod-útjeften makke wurde op basis fan scans fan eardere útjeften. Mar foar in krekt byld fan de antikwaryske merk mei dat aspekt fansels net oer de kop sjoen wurde.

Netwurk
In effekt dat de ferkeap fan de pod-boeken befoarderet is it feit dat útjouwerij Elikser de titels rûnom op ynternet útset hat. Der wurdt by wize fan sprekken fiske mei tsien angels tagelyk. Benammen de beskikberens op bol.com is fan belang. Kingma c.s neame dit punt ek as foardiel foar de nije boeken: de mooglikheden fan in grut netwurk foar de stimulearring fan de ferkeap. It rynske oanbod skept ek in fraach. Wa’t mear witte wol kin sels titels út de TDE-rige begoogelje.

Kosten
Yn de jierren 1992-2003 binne 26 ‘klassike’ Fryske titels yn twa rigen op ’en nij útjûn. It wiene moaie boeken, mei in neiwurd troch in saakkundich redakteur oer skriuwer, boek en útjeften, en in ferantwurde omstavering. Krityk wie der allinne op foarmjouwing en typografy fan de earste rige en op de seleksje. De ynvestearringskosten wiene hiel heech mar waarden mooglik makke troch subsydzje fan it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds. By de Nije biblioteek is by in grutter tal boeken de ynvestearring folle minder. De formule is wol ienfâldiger: de teksten kinne net omstavere of beredigearre wurde en de kontekst-ynformaasje is beheind. It doel is wol om op Sirkwy mei ferrin fan tiid mear kontekstynformaasje oan te bieden. Boppedat is der no in struktuer makke dy’t it tafoegjen fan wer oare titels tige maklik makket, en net djoer.

Trochgeande beskikberens: digitaal en op papier
De TDE-rige lit dus sjen dat je mei pod-produksje op in guodkeape manier Fryske boeken op ’en nij útjaan kinne, in foarhinne hast ûnmooglike saak. Fan like grut belang is dat de boeken no permanint beskikber bliuwe. Tapassing as e-book leit foar de hân en sil ek oppakt wurde. De prioriteit fan Tresoar leit lykwols by digitalisearring en net by de pod-rige. Us doel is om de DBFL fierder út te wreidzjen: poëzij, mear wichtich proaza en sekundêre literatuer (alle jiergongen fan De Tsjerne, Trotwaer en Hjir, bygelyks). Yn gearwurking mei de útjouwers moat it op termyn ek mooglik wêze sa folle as kin resint ûtjûne boeken digitaal oan te bieden. As de scans der ienkear binne, kinne se ek betreklik maklik as papieren pod-útjefte beskikber komme. De ûntwikkelingen geane op dit stuit sa hurd, dat it no net te sizzen is hoe’t yn de fierdere takomst de balâns útfalle sil tusken digitaal op it net, digitaal as e-book en papier. Mar it is dúdlik dat de digitalisearring mei faasje trochset wurde moat.

Teake Oppewal

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op