Eric Hoekstra

Jep Jup

logo.ensafh

Genesis Abbekatekantoar, de nije roman fan Sjieuwe Borger, is it ferhaal fan de jup Sybren Brouwer. It ferhaal is ek in byld fan in minsketype dat op it heden in protte omtinken kriget yn boeken en films en dat karakterisearre wurdt troch syn wurkneuroaze, syn latinte drank- en drugsferslaving en útinoar spattende relaasje. Fansels binne dat ek universele minsklike problemen.
Mar yn âldere ‘gewoane’ romans en ferhalen (nim it measte wurk út de KFFB) waarden minsken beskreaun dy’t har maklik skikten nei de kristlike moraal, de seksuele moraal en it mienskipslibben. Sokke minsken besteane noch altiten, mar se wurde hieltyd minder as ideaal en hieltyd minder as realiteit opfierd in romans. De noarm foar de gewoane roman wie de mienskipsminske. Dêrtsjinoer wurdt stadichoan de minske as yndividu hieltyd dominanter, de minske dy’t him net mear om de mienskip bekroadet en dy’t libbet yn mienskip mei syn wurk en syn geniet.
De haadpersoan fan Borger syn boek hat gjin mienskipslibben los fan syn wurk, krekt as de moderne minske. Syn wurk is de mienskip dêr’t er yn libbet: doarp of stêd is inkeld it plak dêr’t syn hûs stiet. It yndividu hat him yn de ‘sfearen’ fan wurk en hûs weromlutsen (sjoch Sloterdijk syn Het Kristalpaleis. Een filosofie van de globalisering): de mienskip, dy’t sa prominint oanwêzich wie yn de roman út de njoggentjinde ieu en it begjin fan de tweintichste, is weiwurden.
Sa hat elke tiid en elk sjenre syn eigen minsketype. De romans út de njoggentjinde ieu hiene gauris as haadpersoanen de frijfeinten en frijfammen dy’t oan de ein inoar fûnen of earme swalkers dy’t nei in protte aventoeren rykdom, in sosjaal fermidden en/of in goeie baan fûnen. Yn ‘e sechtiger jierren waard de ûntbining fan sokke idealen mandeguod yn de roman: fan idealisme nei realisme, al ha de wier goeie skriuwers altyd it meast realistysk west en binne problemen lykas wurkdruk, drankferslaving en houliksproblemen fan alle tiden. Mar eartiids waard dêr, yn de trochhinne roman, amper oer praat.

Yndie, Genesis Abbekatekantoar is in frijwat realistyske roman. It libben fan de haadpersoan wurdt beskreaun sûnder idealisme, mar ek sûnder dat de fantasy en alderhanne refleksje fan itsij skriuwer itsij haadpersoan in rol spylje. It is in Bildungsroman yn moderne styl.
De haadpersoan leart nammentlik yn ‘e rin fan it ferhaal in tal dingen oer syn wurk en syn relaasje, eins net iens sa bot oer himsels. Kwa relaasje fynt er stadichoan út dat syn partner eins in wat oergeunstige eamel is dy’t in protte tillevyzje sjocht: dat wurdt ymplisyt toand, net eksplisyt makke, want oars soe it earder in teoretyske ferhanneling oer in relaasje wêze. Syn nije flam (kollega Jildau) is in frommes dat mear op himsels liket: earder wurkaholic as tillevyzjeslaaf.
It nijsgjirrichst oan it boek is wat de haadpersoan leart yn relaasje ta syn wurkmienskip en de beskriuwing fan hoe’t it tagiet op syn wurkplak. Fan datoangeande is it boek ek ûnderhâldend, sawol yn syn beskriuwing fan ‘e haadpersoanen as yn it kreas ymplisite boadskip.
De sympatykste figuer op it wurk is Erik. Hy wurket dei en nacht, is meifiellend, en bringt it measte jild yn foar it bedriuw. De grap is dat hy de leechste beleanning kriget: hy hat net iens in lease-auto. Wat leare wy dêrfan, lêzers? Op it lêst wurket er dei en nacht, hy yt net mear: it iennichste dat er ta him nimt is sigarettereek en swarte kofje. Oan de ein fan it boek giet er dan ek dea. Syn dea is frijwat hommels en wurdt amper omtinken oan jûn; noch liket de haadpersoan him derom te bekroadzjen. It boek is op dat plak earder in parabel as in ferheljende roman: de dea fan Erik symbolisearret dat de haadpersoan syn eigen wurkneuroaze baas wurdt en sprekt in ymplisyt negatyf wearde-oardiel út oer it Wurkevangeelje dat yn ús tiid útdroegen wurdt.
De persoan fan Piter biedt ek sa’n parabel. Piter is hast altyd te jeien mei ‘relaasjes’ om alsa opdrachten foar it kantoar yn te heljen. Piter bringt it minste jild yn it bedriuw yn. Mar hy is de favoryt fan ‘e baas, Cornee. Piter kriget it meast betelle foar syn ‘wurk’.
It ûnbidich belang fan it wurk blykt ek út de religieuze namme fan it abbekatekantoar: Genesis. De direkteur draacht dat as in evangeelje út (s. 112): “it wie Genesis, Genesis, Genesis en fierders wie neat yn tel.” Minsken dy’t sa mei har wurk fergroeid binne ûntliene har yndividualiteit inkeld noch mar oan har funksje op it wurk; los dêrfan besteane se amper mear. Wurk as religy: wurdt dat net sûnt fiifentweintich jier of langer troch ministers en omsittende lagen dêrûnder útdroegen?
De haadpersoan Sybren sit kwa wurkhâlding tusken Piter en Erik yn, mar ticht op Erik. Hy besiket de opdracht dy’t er fan ‘e baas krigen hat sa fanatyk mooglik út te fieren, mar konkludearret letter dat de baas syn strategy net doocht. Dêrom bliuwt it sukses, yn ‘e foarm fan in grutte klant, út. En dan is der noch kollega Jildau. Sy hat alles op it ynheljen fan ien grutte klant set, en de lytskes sjitte litten. Mar it ynheljen fan de grutte klant mislearre omdat bliken die dat manlju leafst mei manlju saken dogge. Úteinlik sil Sybren dy grutte klant ynhelje.
Foar sa fier as der sprake is fan geastlike ûntjouwing by de haadpersoan, is dat foaral in ûntjouwing op it mêd fan it wurk. Yn it begjin fan syn wurk tinkt er noch dit (s. 42):

Cornee gong yn op sifers en de risseltaten, mei Piter prate er oer de jacht. Dat koe oars neat betsjutte as dat er my as teamlieder oanstelle woe. Al frjemd dat Piter wist fan de plannen fan Cornee en ik net.

In fraaie passaazje. Fansels wurdt fierderop yn it boek neatwitter Piter troch Cornee oansteld as teamlieder! De haadpersoan kriget yn ‘e rekken dat de baas feitlik ynkapabel is, omdat er fêsthâldt oan strategyen om klanten te krijen dy’t feitliks mislearre binne (it ynsetten fan froulju, de jacht). Fierder hâldt er de ynkapabele Piter (dy’t ek syn eksamens pas nei twa kear mar krekt hellet en gjin klanten ynbringt) de hân boppe de holle. Allyk wurdt moai beskreaun hoe’t Piter him beklaget oer brek oan erkenning fan Cornee, want hy mei gjin partner yn de saak wurde. Borger skriuwt dat hiel droech op, sûnder it eksplisyt te bekommentariearjen. Borger hie der as alwittende skriuwer of fia de protagonist Sybren oan taheakje kinnen “It wie fansels in skande dat Piter him beklage oer brek oan erkenning wylst er gjin prestaasjes levere en it measte lean opstruts”. Mar sokke dingen skriuwt Borger nea; dat lit er oan de lêzer oer. It boek makket yn syn amorele droegens in robúste yndruk.

Der is ek noch in aspekt oan boeken dat in resinsint noch in konsumentebûn oanjaan kin: hoe hâldt in boek him op de lange doer? Aldergeloks ha ik in pear jier lyn Borger syn earste roman, It ferrin fan de tiid, lêzen en dy stiet my noch helder foar de geast. Dat is in goed teken. Der binne ek boeken, dy binne aardich as jo se lêze, mar nei in healjier binne se al ta feanige ienfoarmichheid yn it ûnthâld kompostearre. In Borger, yn syn Romeinske feitlike ienfâld, bliuwt jin goed by. Ik bring it boek yn ferbân mei in oar boek oer it beropslibben, in ginneraasje tebek, nammentlik Stil Jild fan Hette Uilkema, dat oer de wrâld fan it boekhâlden giet.

Juppen wurkje hurd en at se al efkes frij binne, ferwenne se harsels mei har ferslavingen: lekker ite, djoere dingen, smoke, alkohol. Der wurdt wat ôfsûpt en ôfsmookt yn it boek! Borger wierret syn fakkennis op dat mêd breed út:
Hajenius-sigaren
in sigaar komt út in humidor
in sigaar wurdt mei de spesifisearre namme oantsjut fan panatella
se ite in tonynsalade en in Caprese
se drinke Cointreau, mar ek bier, wyn, jenever en wat net
se drinke bier mar ek kastielbier
se ite blebberbeistip (“bosbessensaus”)
se drinke krikelbei (drank fan “sleedoornbessen”)
se drinke Fernet (Italjaanske likeur mei in protte krûden)
It twingt him net op, want it bart net systematysk, mar it jout in paslik aksint oan it boek. Juppen binne ôfjage op dat soarte fan kennis. It genietsaspekt hinget nau gear mei de ferslavingsproblematyk fan it eigentiidske yndividu dy’t himsels bedisiplinearje moat ynstee fan dat tsjerke of maatskippij dat dogge of besykje. Mar dy problematyk wurdt yn Genesis Abbekatekantoar net eksplisyt oan ‘e oarder steld. Op syn heechst wurdt Jildau omskreaun as ‘ferslave oan spanning’.

Der sitte in pear flaterkes yn it boek.
26 Dat hat west, it is net, dy tiid komt net wer. [it is net -> it is net mear] 27 Bram en ik hawwe dat altiten al dien hiene. [hiene moat fuort] 35 Sûnder klopjen sette de keamer fan Cornee yn. [sette se] 37 Men kaam de oare yn ‘e mjitte en de oare jin. [de oare -> de oar] Fan de typflaters neam ik ‘kinnne’ (s. 12), want dat soe de Fryske staveringshifker net ûntkommen wêze. In pear kear wurdt ik foar in brûkt, mar dat falt de staveringshifker fansels net op.

De haadpersoan lit him komselden ta algemiene filosofyske útspraken ferliede, mar op side 134 lêze wy doch in fariant fan it Quisque sibi proximus (“elk is himsels it neist”):
“Moatst earst fan dysels hâlde. Oars kinst dyn neiste ek net leafhawwe. Ytst mei?” de haadpersoan lit him alsa kenne as in persoan dy’t foarst op himsels rjochte is en dêrnei pas op oaren.

It eufemistysk-burokratyske aspekt fan ús tiid toant him yn hoe’t jagers harsels hanthavenje kinne. Se binne as ‘faunabehearsienheid’ diel fan in maatskippij wurden dêr’t alles yn beregele wurde moat en in ferhimmeljende namme kriget.

By it taalgebrûk falt fierder út en troch snjiddich Ingelsk op, lykas yn ’e suggestive fraze ‘wine, dine, sixty-nine’, dat slacht op it útgean fan in man en frou neffens it patroan fan: ite, drinke en seks (stantsje 69).

Ik slút ôf mei in Borgeriaanske sêne (s. 106):

Se skriemde sûnder lûd, de triennen rûnen har oer de mûlshoeken it romerke yn.
“Dat is net lekker yn de Fernet”, sei ik. Ik naam har de romer út hannen en sette dy op it taffeltsje.
Mei besefte ik dat se my ferkeard begripe koe.

Sjieuwe Borger
Genesis Abbekatekantoar
Venus, Frjentsjer 2008

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail