Rieuwert Krol

De wrâld fan de stedsdichter

logo.ensafh

De kollum as literêre foarm ûnderstelt datst oeral in miening oer hast. Hast gjin miening dan skriuwst dat op en leitst op dy manier ferantwurding ôf foar dyn tekoart oan fyzje. It is benammen yn Nederlân opmereklik datst sa te sjen oeral in miening oer ha moast. In mi neing dy’t oer it generaal net mear foarstelt as in soadsje foaroardielen en plotyk korrekte korreksjes op foaroardielen. Hast fansels útsûnderings. Dy ûnderstelle dat immen yn it foarste plak wat mear wit fan syn ûnderwerp as de trochstringse mieningjouwer en twad dat immen in kreative tinker is. Dy kombinaasje is seldsum.

As dichter is Arjan Hut al in bekend fenomeen. No hat er in bondeling makke fan stikken dy’t er foar de radio foarlies op Omrop Fryslân. Hy wie stedsdichter fan Ljouwert en in tal fan 0e stikken binnen skreaun yn dy snuorje. De term ‘stikken’ is fan Hut sels en stiet ek as ûndertitel op it kaft. Dy term joput daliks oan dat in ûnderling ferbân tusken de ûnderskate stikken net mear is as dat it allegear stikken binne. Dat is eins spitich. In kollum is gauris tige bûn ’e aktualiteit, it is de fraach wat de mearwearde fan in bondeling is foar de lêzer fan Hut. Ik tink dat dy mearwearde tige lyts is. Ik koe syn proaza net en kaam yn ’e kunde mei in begenedige skriuwer. Ik hie lykwols leaver wat substansjelers lêzen. Bygelyks in protret fan ’e keunstner as jonge heit. Mar útsein dat beswier ha ik wol bewûndering foar de styl fan Hut. It is in nijsgjirrige bondel wurden, dy’t sjen lit dat Hut elk ûnderwerp nei syn hân sette kin en dat er net bang is om dat te dwaan. Wêrom dan dochs it beswier?

Hut kin mear en soe eins mear dwaan moatte, fyn ik. Hut wurdt neffens my in grut skriuwer en foaral dichter, mar syn idealisme kin him dêr dochs aardich by yn it paad sitte. Ien fan ’e bettere kollums fan Hut bestiet út in oertinking oer it klimaat en alle doemsenario’s dy’t dêr by lykje te hearrren. Hoe soks út te lizzen oan in famke fan fjouwer? Dyn dochter? Troch har as se bang op bêd leit derôf te heljen en mei har nei de snie te sjen. Hy hâldt fan syn dochter en se krijt him safier dat er it wurk oan in stik oan ’e kant leit en mei har fuotballet. Op himsels faaks net sa bysûnder. Fan in dochter of soan sil mear minsken op sa’n wize oandien wêze, mar it lit sjen dat Hut in skriuwer is dy’t it ha moat fan sintimintele sênes. Krekt as bygelyks by John Fante wurdt it by Hut aldergelokst net weak, mar ‘libbensecht’.

Syn krêft leit yn syn linigens om redenearrings absurdistysk en synysk te ferdraaien. Boargemaster Dales is dêrfoar in tankber ûnderwerp. Hut is in moralist. Learaar en dichter ynien. It is de fraach wat de oerhân krije sil. As syn keunst mar net tefolle yn tsjinst komt te stean fan de earste twa. Ik tink en hoopje dat Hut te selsbewust is om yn dy falkûle te traapjen.

Arja Hut
Unferjitlik lok – Stikken
Bornmeer, Ljouwert/Utrecht 2007