Sigrid Kingma

Kingma versus Oppewal oer sirkwy.nl

logo.ensafh

Reaksje op de earste reaksje fan Teake Oppewal

Help de literatuer, help de skriuwer!

No koenen der twa dingen barre. Of ik krij gjin reaksje op it stik, óf it wurd hielendal ôfbaarnd. Teake Oppewal sil wol tocht hawwe: wat soe sa’n snotaap no, ús projekt de grûn yntraapje wylst wy dêr moannen oan wurke hawwe. Hy moat poer west hawwe want syn reaksje is langer as ús stikje sels. Ik hie dochs wol wat mear in wjerwurd ferwachte. It is eins in frij swak stik as ik dat sa sizze mei. Oppewal fettet ús stikje gear mei de sin: “It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.” Mar hjir wurde twa punten sa mei inoar ferfrissele dat it pessimistysk oerkomt. En dat fertekent it punt dat wy meitsje woenen.
It probleem fan de Fryske literatuer sit him net allinnich yn de lêzers mar leit ek by de skriuwers. Foar it befoarderjen fan it lêzen fan it Frysk is it nedich om ek it skriuwen yn it Frysk te befoarderjen. En dan hâld ik út dat se by de printing on demand-organisaasje de spiker bryk slein hawwe. Ik ha in soad sympaty foar de skriuwers dy’t harren wurk beskikber stelle foar pod-útjefte. Mar dejinge dy’t dat net wol, kin ik ek wer gjin ûngelyk jaan.
Oan ’e ein fan it stik fan Oppewal stiet in sin dêr’t my it hier rjocht fan oerein stiet: “Ik doar te wedzjen dat oer 10 jier alle Fryske boeken allinne noch mar mei pod-techniken makke wurde.” Dêr doar ik wol wat tusken te setten want ik leau net dat Fryske boeken oer 10 jier allinnich noch op oanfraach nij te krijen binne. Alteast dat hoopje ik net.
As pod-boeken de takomst binne, dan soenen Nederlânske boeken ek oergean op pod-ferzjes. Dit is net it gefal want it Nederlânske boek ferkeapet trochstrings goed genôch om boeken yn grutte oplage drukke te litten. In soad boeken wurde ommers ek kocht trochdat tafallich it each derop falt yn de boekwinkel. De lêzende befolking komt wol gauris yn in boekwinkel, gewoan om te sjen oft der wat nijs is. As in boek allinnich noch op spesjaal fersyk drukt wurde kin, is de drompel om it boek te keapjen heger. It jout boppedat it gefoel dat it net in goed boek is omdat it net rendabel is foar in útjouwer om it drukke te litten.
As Fryske literatuer oer 10 jier allinnich noch mar as pod-ferzje te krijen wêze soe, dan soe dat dus betsjutte dat der gjin merk mear foar is en dat gjin útjouwer noch in Frysk boek útjaan wol. Dat is foar in optimist, wat Oppewal seit te wêzen, in frijwat pessimistysk foarútsicht. Foar de begjinnende Fryske skriuwer soe dit sels in argumint wêze kinne om syn tekst dochs mar yn it Nederlânsk út te jaan. Dat, wylst de Fryske literatuer ek yn de ienentweintichste ieu sa’n soad groeimooglikheden hat. As wy allinnich al tinke oan direkte kommunikaasje tusken skriuwer en lêzer op it internet, oan e-books, oan moderne sjenres der’t de lêzer ferlet fan hat, dan is daalks dúdlik dat it Frysk in hiele wrâld oan media en sjenres hat om yn te groeien. En wat op it internet súksesfol wurdt, fynt op har tiid ek de wei nei in drukte foarm. Dat is ien fan de ferskate mooglikheden fan in grut netwurk.
Foar de skriuwerij soe it hielendal in ôfrinnende saak wurde as se allinnich noch terjochte kinne by pod-útjouwers. De pod-útjouwers lykje earder op klandyzje rochte as op wiere lêsbefoardering. It is fansels moai foar de klandyzje dat oare sites mei Fryske boeken reklame meitsje foar pod. Befoardering fan de ferkeap heart ek ta de mooglikheden fan in grut netwurk. Wêr’t it my om giet is dat it foaral needsaak is foar it fuortbestean fan de Fryske literatuer om in sa grut mooglik publyk te berikken. De Fryske literatuer hat no ek in plak yn dat grutte netwurk dat sa goed is foar de distribúsje fan it Frysk. Tagelyk is it net sa dat it e-book it papieren boek ferfange sil. Boekwinkels sille der altyd bliuwe en lit ús hoopje dat dêr oer 10 jier ek wat Fryske boeken te krijen binne.
Oppewal skriuwt dat it sirkwy-projekt in eksperimint is. Dat hat wat frijbliuwends, as wie it net mear as in aardichheidsje. Dêr stiet foaroer dat by de iepening fan de webside de sirkwisten harren lykwols presentearden as útfiners fan in nije religy. Ik tink earder dat se mienden dat wat mei it ynternet te dwaan wol yn goede ierde falle soe: “Sjoch ús no ris! Wy as minderheid binne digitaal gongen! As dit no net toanoanjaand wêze sil!”.
As de sirkwisten it wier yn it sin ha om de Fryske literatuer te befoarderjen, dan soe dat dochs better kinne. De Fryske skriuwer is net mear de skriuwer fan de jierren ‘60 dy’t dochs wol skriuwt en fersekere is fan lêzers. Om nije Fryske skriuwers te stypjen en it ek foar harren nijsgjirrich te meitsjen, soenen de pod-útjouwers dêrom bygelyks elk drukt boek foar in pear euro keapje kinne fan de skriuwer. Dán soe it projekt de Fryske literatuer stimulearje en leechdrompeliger meitsje, ek foar skriuwers. Omdat der allinnich op fersyk drukt wurde sil, bliuwt de pod-útjouwer net mei boeken sitten en binne der gjin ynvestearings dy’t risiko’s meibringe. It is, krekt sa’t Oppewal ek seit, de keunst om in sa oansprekkend mooglike formule te finen. Dy formule sit him yn it oansprekken fan sawol de lêzer as de skriuwer.

Troch: Sigrid Kingma
Mei tank oan Chris Lutgendorff

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op