Teije Idzardi

Zoölogy 1

logo.ensafh

 

Sleepnetfiskje oer de boaiem fan myn siele Myn pinne rachelet hjoed allinne mar besopen gedichten mei in promillaazje dat ferkearstechnysk ek noch problemen opsmyt In radiaal symmetrysk nettelbist, bin ik mei swabberearms yn lij simmersop om my hinne oars neat as deiblêden en nachtflinters wylsto my begluorkest mei it each fan in orkaan Game over en format C: dyn software wurket blykber oars as mines of ha ’k my fersjoen, myn leave prins en wie’sto al foar myn earste tút in podde?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op