Nûmer 3 fan ensafh op papier ís út

logo.ensafh

It tredde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

ensafh-300dpi

Ynhâld ensafh 3 yn print

3 Redaksjoneel
Anne Feddema
4 Aria (gedicht)
5 Ljouwert apart (gedicht)

Goffe Jensma
6 Blogs en fetes; Oer konfl ikten yn it Fryske literêre fj ild (essee)

Neeltje Bonnema
13 Op it eilân fan de grutte hûnen (gedicht)

IJsbrand van den Berg
14 Yn ’e kearn bliuwt eltse biografy in hillichlibben (besprek  biografy fan Anne Wadman troch Joke Corporaal)

Hidde Boersma
21 Kowekop (ferhaal)
24 Pas op de plaats (ferhaal)

Geart Tigchelaar
27 Mokerheide (gedicht)

Teije Idzardi
28 Basaltblues (gedicht)

29 Hendrik Elings – Tekening

Hein Jaap Hilarides
30 De groep (ferhaal)

Greet Andringa
35 Gatsjetsiis (ferhaal)

Eric Hoekstra
38 Peter Pan sjocht werom (besprek fan de bondel Sondefal fan Jacobus Q. Smink)

Foppe Venema
43 Fan it Fryske front (gedichten)

Jacobus Q. Smink
48 Second Life (gedicht)
49 Seventh Heaven (gedicht)

Bartle Laverman
50 Sietse en André (ferhaal)

Atte Jongstra
62 Lânmjittersdream (gedicht; oersetting)

63 Perspektyf (gedicht; oersetting)

Redaksjoneel

Publiceren is het doel van de schrijver en daarvoor zijn er literaire tijdschriften.
Als je de literaire tijdschriften wegneemt, neem je de stem weg van de schrijver. Dat vind ik niet zo lief.
Dit sei Leo Vroman yn in fi deoboadskip dy’t toand waard op de debatjûn oer de takomst fan de literêre tydskriften, op 6 april yn Amsterdam. ‘Tegen de barbaren’, hjitte de jûn. Bytsje pretinsjeus fansels. De ‘barbaren’ stiene dan ek foar de net ynteressearre minske. De jûn wie organisearre troch 8 literêre
tydskriften en mooglik makke troch it Nederlands Letterenfonds.
Der wie in soad (sels)krityk te hearren. Sa kostet de produksje fan dizze tyd skriften in hiele soad jild; se binne goed te missen, essayisten bygelyks publisearje leaver yn mear kommersjele blêden of kranten; de tydskriften bûgje ûnder de ‘vloek der gezelligheid’; by redaksjes ûntbrekt it oan de urginsje om debutanten
te ûntdekken; de sjenres yn de tydskriften binne net populêr ensfh.
Is der dan noch wol in takomst foar literêre blêden? Ja, fûnen de measte oanwêzigen, fansels hast allegear ferbûn oan in literêr tydskrift. Njonken de mooglikheden fan ynternet (argyffunksje, mear kommunikaasje mei lêzers), soe ek it papieren tydskrift noch altyd syn funksje ha. De tydskriften binne
in poadium foar debutanten; redakteuren kinne skriuwers oanfi terje, krityk jaan en ynspirearje; op ynternet krijst ynformaasje, op papier argumintaasje. Mar, de tydskriften moatte wol modernisearje.

Jildt dit alles ek foar ús? Ja en nee. In oantal dingen binne oars om’t wy it iennige folslein literêre Fryske tydskrift binne. En Frysktalige kommersjele wykblêden en kranten binne der net, dat it ûntwyk dat Nederlânsktalige skriuwers ha, ha Frysktalige skriuwers net. Mar ek wy brûke mienskipsjild
en soene graach mear abonnees ha. En hoewol’t wy ferline jier in nije namme en nij jaske krigen ha, moatte ek wy hieltyd wer fernije en ús (digitaal) paad fi ne. Fansels tinke wy dêr sels oer nei, mar ideeën kinne jim ús altyd witte litte (mail nei redaksje@ensafh.nl).

Neffens Arjan Peters moat it der by de literêre tydskriften ‘gemener, harder en vuiler’ om en ta gean. Yn dit nûmer lit Goffe Jensma sjen wat konflikten betsjutte kinne yn en foar de Fryske literatuer. Gau lêze.
Miskien kin ús nij en ek jongste redaksjelid Geart Tigchelaar soargje foar wat ‘spul en skeel’ yn de redaksje fan ensafh. Mar om’t wy ek gesellich binne: fan herte wolkom Geart!

Imke Hooijenga

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op