Gjin Sutelaksje yn septimber/oktober, mar wol in Boekemerk yn Drachten. No as ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek. It Fryske Boek/Tresoar organisearret de merk diskear mei de pleatslike organisaasje en de útjouwers. Sûnt IFB gearwurket mei Tresoar is de kommersjele kant by de promoasje-aksjes ferdwûn. De útjouwers leverje no harren eigen kolleksjes boeken. IFB/Tresoar soargje foar kreamen en katering. De útfiering is yn hannen fan de pleatslike organisaasje. De útjouwers krije in eigen plak tawiisd en by harren wurde de boeken ek ôfrekkene. In klant kin dus net mear mei boeken ûnder de earm by de oaren del en alles yn ien kear ôfrekkenje. Middeis sil Wiltsje fan Peazens der mei harren muzyk in fleurige boel fan meitsje. Wy hoopje dat de skriuwers diskear ek wer helpe wolle by de ferkeap, mar no by de eigen útjouwer. De Drachtster Boekemerk sil wêze op:
Sneon 2 oktober
op it Frânske pleintsje of foar kafee Marktzicht oer, mar dat is hast itselde plak.
De ferkeap begjint om tsien oere de moarns.
Yn it middeisskoft steane sop en broadsjes klear. Wy slute de merk ôf mei in Skriuwersmiel dat hielendal neffens de tradysje út grauwe earte mei omballingen bestean sil. Wy wolle der op dizze wize graach in feestlike ôfsluting fan meitsje.
Soene jo foar 5 july, leafst oer de mail, oan IFB/Tresoar trochjaan wolle oft jo fan doel binne te kommen en oft dat de moarns, de middeis of de hiele dei is? Wy wolle graach witte op wa’t wy rekkenje kinne by de ferkeap en by de iterij.
Mei freonlike groetnis,
De tariedingskommisje en
It Fryske Boek/Tresoar
Theo Kuipers en Janny Bottema.
Postbus 1311
8900 CH LJOUWERT
Telefoan: 058-7890789
e-mail: j.bottema@tresoar.nl of t.kuipers@tresoar.nl








