Anne van der Plaats

Kat

logo.ensafh

It hûs stie healwei de stêd en it doarp, in eintsje fan ’e dyk ôf. Der rûn in rjochte reed hinne.
‘Wat bist let?’ sei Freark.
‘Ik tocht datst freegje soest wêrom’t ik wiet hier ha,’ sei Nelly.
Se rûn wer nei de dûs ta, no om de holle ôf te droegjen.
‘Reint it?’ sei er doe’t se weromkaam.
‘Nee. Myn hier wie wiet om’t ik de holle ûnder ’e kraan hâlden ha. Ja, om ôf te kuoljen.’
It wie op slach roettsjuster yn ’e keamer.
‘En dat wylst it folle moanne is,’ sei se.
‘Okee,’ sei er, ‘ik tink, dat dizze keamer no leech is.’
Nelly stompte tsjin it buffet oan en sei spinnidich: ‘Au ’
‘De kat is der wer,’ sei Freark.
‘Ik sjoch him sitten,’ sei se.
Dat sil ‘t wol, ja,’ sei har man.
Nelly rûn nei him ta. Se tocht oan ’e tiid dat se altyd tegearre mei de hûn rûnen.
‘Witst it noch?’ sei se.
‘Wat?’ sei er.
‘It is allegear weemoed,’ sei se, ‘de kiel sit my ticht.’
Se trommele Freark krekt salang mei de fûsten op ’e holle oant er ferdwûn wie.
‘It is beskamsum,’ sei se, ‘mar se sille it witte ’
Freark sei ûnder ’e flier wei: ‘En dan?’
‘“Hè, hè,” sis ik, dan, “gelokkich, hy is der net mear.”
Der foel in blom út it finsterbank. De kat hie nei bûten sitten te sjen.
‘Sjoch ris,’ sei se, ‘de kat’.
Freark stuts de holle boppe de flier út en seach de fûnkeljende eagen.
‘Kinne wy yn ’e auto stappe en net wer omsjen?’ sei er.
‘Nee, in deastek bliuwt in deastek.’
Nelly trommele Freark op ’en nij mei beide fûsten op ’e holle.
‘Okee,’ sei er.
‘Lafbek,’ sei Nelly, ‘ast dat mar witst.’
‘Bist in kat,’ sei Freark, ‘hoe witst my oars yn it tsjuster te finen.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op