dêr’t heech it strakke tou oer spand is
dat freget om holle rjocht en earmen
wiid en om ’e wyn dy’t twirret yn hier
en om ’e fingers, dêr fynst it net ast
sikest. Net yn de rook fan skjin papier
of spuonnen hout.
En yn it stille wyt net. It freget om
in doelleas gean de buorren út, sûnder
immen acht te slaan en dan ynienen
út in doar dyn lytse hûn dy’t jierren
dea wie. Om nachtlik blaffen freget it,
om skerpe tearen yn in fuorttreaun
lekken oer de grûn.
Bliuw dêrom lizzen yn dyn bêd hjoed
en lit de dei op wolken fierder farre.
Bliuw sitten op in stoel en sjoch inkeld
hoe leaf dyn bleate knibbels binne.
Lit letter by it oanrjocht waarm wetter
oer dyn hannen rinne, ek om damp
en wetter freget it.
Faaks is dyn rêch op in ljochte moarn
reewillich en lit it yn waarme streken
sinneljocht stadich oer him krûpe.
Loert it oer in skouder en tsjoent it
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje.
Foarpublikaasje út:
Elske Kampen
Fan glês it brekken
Friese Pers Boekerij 2010
Elske Kampen (1955) is berne yn Burdaard en wennet yn Gytsjerk.









