Nije skuon
Oait song Ellen ten Damme yn De tranen van Maria Machita (Paul Ruven, 1991) ‘Nieuwe schoenen veranderen je leven.’ De film wie prachtich, mar ik leaude net yn de krêft fan nije skuon.
Ik haw in oare manier fûn om myn libben te feroarjen. Sûnt koart jouwe Willem en ik opskuor. Minsken dy’t ús in skoft net sjoen hawwe freegje foarsichtich: ‘Wat is der mei jim bard? Giet it wol goed?’ As wy yn koar roppe dat it prima giet, komt de folgjende fraach: ‘Wat is er dan mei jim oan ’e hân?’
Wy binne nammentlik slim ôffallen. Ik tink dat wy tegearre omtrint in slanke frou fan gemiddelde lingte kwyt binne. Ast útgiest fan in trochsnee topmodel sels mear. We binne op dieet. Al njoggen moanne. Gjin Sonja Bakker foar ús, gjin dokter Frank, pillen of crash diëten. Neat fan dat alles. Sûn ferstân, wilskrêft en it fan de dakken raze. Der giet it om. It lêste omdat ik der in ferdomde hekel oan haw om ôf te gean.
Jo hearre my net sizzen dat it maklik wie. Perfoarst de earste moannen net en foaral net foar Willem en ús help. Willem hie mei myn earnseach te krijen. Hy soarget meastentiids foar ús middeisbrochje, tsjintwurdich net mear as ien stikje bôle mei tsiis, sûnder bûter mar wol mei in daalderke komkommer of tomaat. Ik stie der dan op ’e noas by te sjen oft hy der net te folle tsiis op die.
Foar besite bleau ik romhertich mei de nútsjes, droege woarst ensfh. Wy mochten it sels net ite, mar ik hie se wol yn ’e hûs. Mar as de besite fuort wie en ik yn ’e smizen hie dat Willem stikem, al wiene it mar twa nútsjes - opiten hie, wie it mis. Ik koe it net litte en meitsje dêr in rotopmerking oer. Noch altyd trouwens. Us help waard wikenlang by de kofje konfrontearre mei deselde koeke of cake. Se sei dat se it net slim fûn. Willem wol. Hy skamme him doe’t ik foar de fjirde kear op ’e rige in joadekoek presintearre. It wie neffens him in skande. Ik tocht dêr oars oer. Joadekoeken sitte yn in goed ôfsletten bus en, sa wie myn redenaasje, ‘waar gehakt wordt vallen spaanders.’
Ik hie der yn ‘e tuskentiid grutte aardichheid oan om yn de supermerk by de fiifkilopûden earpels of de kilopûden sûker te mimerjen oer hoefolle kilo’s ik al kwyt wie. Ik sit no op mear as fiif fiifkilopûden earpels. Willem hast ek.
It betsjutte wol dat ús hiele garderobe rjochting Leger des Heils moast. Gjin ramp, we falle no yn de ôfdieling gjin jild. Ik kin no wol fiif shirtsjes keapje foar de priis dy’t ik yn it ferline foar íen betelje moast.
Oermoedich wurden troch it sukses kocht ik ferline wike nije skuon. Sa no en dan moatst dysels in kadootsje jaan. Yn in moaie outletwinkel foel ik foar in pear prachtige himelsblauwe learskes. Mei hege hakken. Ik haw yn 25 jier gjin hege hakken mear oan hân. Mear as grutsk besocht ik it in pear dagen. It gie prima. Oant earjuster. Ik bûgde my om in laadsje iepen te lûken en kaam net mear oerein. No libje ik op pynstillers. Neffens ynternet hoech ik net nei de hûsdokter. It is in klassyk gefal fan spit. Yn beweging bliuwe -swier genôch- en pynstillers is de iennichtste remeedzje.
Ellen ten Damme hat dochs gelyk.

Willem Winters
Reade skuon
Alles wat mei klean te krijen hat, hat by my in dûbele boaiem.
Ik haw dingen op dat mêd meimakke dy’t in hiel positive ynfloed op myn wrâld- en selsbyld hân hawwe, mar ek in protte negative ûnderfinings.
Lit ik fan elk wat neame.
Doe’t ik in jier as tsien wie spile de skroar noch in rol. Hy soe in kolbert dat myn âlden fan kunde krigen hiene - it wie noch sa goed as nij - fermeitsje sa dat it my paste. In skoft letter wie it klear. De skroar hie de mouwen ynkoarte, de rêch smeller makke en wat út de lingte snien. Dat hie ta gefolch dat de proporsjes alhiel ferdwûn wiene. De bûsen sieten fierstente leech, de revers wiene net feroare en dus te grut. Koartsein it wie in ramp en nei de earste kear haw ik it nea wer oan hawwe wold en ik rûn in groanyske tsjinwar tsjin kolberts op.
Yn de jierren dat de Rock’nd Roll de kop op stiek hie ik in kanarjegiele blûze, in spikerbroek, mar benammen reade sokken. Dy spikerbroek sinde my net, dy kaam fan Wehkamp en dat seagen jo der oan ôf.
Mar dy reade sokken, dat wie foar my Rock ‘nd Roll.
Letter – de 80-er jierren - haw ik nochris sa’n rite hân fan fleurige sokken: de Hema hie doe in ferskaat oan badstofsokken: fel blau, read, oranje, giel, ensfh. Studinten dy’t ik doe lesjoech, hawwe it der noch oer.
In kleanwinkel yn Ljouwert hat my ek ris frustrearre. Ik moast in nije spikerbroek ha. Passe. Tsja dizze moast ik ha fanwege de omtrek boppe, mar myn skonken fulden noch mar 3/4 fan ’e pipen. Ik kom út it klaaihokje om mei Anneke oer te lizzen, komt dy ferkeaper derby: ‘Jou kanne fan wat teveul is noch in moaie kotte broek make!’
Lulk haw ik de boel útsmiten en yn ‘t ferfolch gie ik nei De Werkman. De mannen dêr hienen in goed ûnthâld. Kaam ik nei in jier of langer wer ris om in spikerbroek dan pakten se sûnder mis in broek dy’t paste.
No is De Werkman mei pensjoen en moast ik wer oars omsjen. It kaam goed út dat Anneke foarstelde strang te ‘lijnen’.
Nei’t sa’n 20 kilo fet ferdwûn wie koe ik mei in gerêst hert nei de broekewinkel. [fan w 38 w 32 nei w 33 w 30].
No wol ik noch nije skuon: ik seach in pear readen by in wol hiel djoere winkel. Mar moai!
Rock ‘nd Roll Read!
Nije skuon, nije broek, in nij libben!









