It sil wol sa wêze dat yn de rin fan de simmer in pear kear in bydrage oan dizze ôflevering foar it lange simmerskoft tafoege wurde sil.
Fierders sille de oare rubriken op ’e ensafh-site wol hieltyd fan nije items foarsjoen wurde. De nijsfoarsjenning giet dus gewoan troch.
Elske Kampen en Edwin de Groot
Fan har binne de gedichten yn dizze ôflevering. It gedicht fan Elske Kampen is in foarpublikaasje fan har te ferskinen debútbondel:
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje
Edwin de Groot syn gedicht slút wat de tematyk oangiet moai by dat fan Kampen oan:
Faaks dat myn klapwjukjen flechtich
it ôffeljen strjemmet of opmoediget miskien
wat fan ’e grûn komt wer
yn ’t sied sjit
Anne Feddema
Anne Feddema leit him de kommende tiid ta op it skriuwen fan proaza, wat liede moat ta in nije ferhalebondel. Yn ensafh (op ynternet en yn de papieren nûmers) sille de lêzers der de kommende tiid wol it ien en oar fan fernimme. Yn dizze ôflevering it earste priuwke, it ferhaal ‘Norsk Husflid’: “‘Ik kin sa min yn ’e sliep komme nachts,’ sei Munch, ‘ik lis mar te draaien en te wrotten, en dan tink ik oan ’e skilderkeunst en de keunst oer it generaal en hokker kant it op giet of eins… gean moatte soe.’ Datst sa min sliepst komt omdatst dea bist âld sûch, tocht Fedde mar op it selde stuit fûn er de hiele situaasje folslein absurd.”
Willem Winters en Anneke van Renssen
Fêste kollumnist Willem Winters wurdt dizze kear wer beselskippe troch syn partner Anneke van Renssen. It giet oer ôffalle, oer klean, mar it draait út op skuon, nije skuon, reade skuon.
Skermer
De tún stiet yn bloei, lykwols hat Skermer it net mear. Hy gûlt.
Besprek Fol túch de mist yn
Geart Tigchelaar, nije redakteur fan ensafh, besprekt it porazadebút fan Hidde Boersma, de ferhalebondel Fol túch de mist yn: ‘It iene lokket it oare út en Boersma kin it net litte om dy oanbelangjende anekdoate te fertellen. Je krije dêrtroch earder it idee dat je net in boek lêze, mar ien je it ferhaal foar de fûst wei op ferteld. Dy ferteltrant is typearjend foar it boek en ek it moaie der oan.’Wiere Wurden
Geart Tigchelaar en Hindrik Wiene Rinzemabinne binne yn ôflevering 31 út ein set mei it projekt Wiere Wurden, wêryn’t in ’siswize’ kombinearre wurdt mei in tekening. De siswize fersterket de tekening, en oarsom. Yn dizze ôflevering de twadde proeve.
Octavio Paz en Hindrik Wiebe Rinzema
Yn ôflevering 30 stiene al oersettingen fan trije gedichten fan Octavio Paz syn gedichten troch Hindrik Wiebe Rinzema. Dizze kear wer ien.
En fansels
De redaksje fan ensafh winsket de trouwe en de nije lêzers fan ensafh in goeie fakânsjetiid ta.
En… sa’t oan it begjin al sein waard, de nijsfoarsjenning op ensafh giet gewoan troch, ús webmaster Cornelis van der Wal bliuwt de hiele simmer op syn post.








