Eric Hoekstra

Kening Kees en prepostmoderne sjenreopfettings

logo.ensafh


‘Mar hallo, sei er tsjin himsels, hy wie mei in metafysysk eksperimint dwaande, efkes de kop derby graach.’ (57)

It bart fansels net alle dagen dat in wichtich literêr wurk oan my opdroegen wurdt. Namste nofliker wie it my doe’t ik blêdzjend yn in treflik foarmjûn boek troffen waard troch de opdracht: ‘Dizze útjefte is ta stân kommen mei stipe fan de provinsje Fryslân’. Eh? Och nee, ik fersinde my efkes. Ik bedoel fansels de oare opdracht: ‘Foar Eric Hoekstra, dy’t my op it idee brocht.’

Ja, doe skimere my ek wol wer de e-mail mei it fersyk fan de literator C. van der Wal oft ik it goedachte dat hy it epos fan syn striid tsjin ‘the Powers that Be’ en har kollaborearjende lytsfeinten oan my opdrage mocht. In fersyk dat ik bliid en tankber tagelyk bewillige sawol as Fryske strider fan ’e earste oere (ommers warber nei middernacht) en as auteur fan it postmodern demytologisearjend pamflet Weg met de Randstad, dat meikoarten by Utjouwerij Elikser ferskine sil beselskippe fan in oar demytologisearjend pamflet mei de útdaagjende tinksprong Leve de Populisten.

Kening Kees is in fabel spûn om it histoaryske gegeven hinne dat de betinking fan it elitefeest Fryslân 500 yn 1998 troch in bommelding fersteurd waard. Dat gegeven is sels weiwurden, it tema is bleaun. De auteur hat om dit tema hinne in ferhaal boud fol fabel, drank, poëzij en folksnasjonale heroyk.

It sterkste punt fan it boek is de relativearjende humor yn it algemien en de selsspot yn it bysûnder, dat miskien wol it definearjende skaaimerk fan de Grutte Tradysje fan ’e Fryske Literatuer is. Want dy relativearjende humor fine wy fuort al yn it meinimmendste wurk fan ‘e 17e ieu, skreaun troch de man dy’t ús Fryske taele yn libben holden hat: ik bedoel fansels Johan van Hichtum, skriuwer fan Ansk & Houk en Wouter & Tsjalle, en faaks fan tal fan oare geniale dialogen dy’t spitigernôch net bewarre bleaun binne. Lit ús ek Gysbert Japicx. net ferjitte. Mear tagonklike humor is te finen yn it prepostmoderne saterspul Waatze Gribberts Brulloft, in wurkje dat op treflike wize it Frysk-eigene yn al syn rynske noblesse stal jout. Nearne oars wurdt it Fryske folkskarakter as ideaalbyld better beskreaun. En fansels meie wy de Halbertsma’s ek net ferjitte, waans Rimen & Teltsjes ek no noch sprekke fan in wrâld dy’t troch laitsjende goaden skepen is, itjinge net jildt foar de klisjeemjittige rymlerije fan Eeltsje Halbertsma dy’t him better ta it proaza beheine kinnen hie.

Yn ús eigen tiid hat Bornmeer in protte wurk útjûn fan skriuwers dy’t yn deselde tradysje steane, dy’t mei fantasy en spot ûnderhâldende literatuer skriuwe en alsa mei alderhanne dreechstinnerij ôfweve (Steven Sterk, Henk Wolf). De Reade Bwarre fan Tr. Riemersma befettet oars ek passaazjes dy’t yn dy tradysje steane, lyksa it bêste wurk fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, en sa mear.

In foarbyld fan selssport út Kening Kees is de neikommende passaazje. De haadpersoan, in alter ego fan ‘e auteur, befynt him yn in winkelsintrum (30): ‘Lykas meast wie it allegear folk, âlde ûnsjogge minsken, moaie jonge … En nuvere mantsjes lykas Kees Walstra – mar dy moatte der ek wêze.’
Of hjirre, as Kees yn ‘e trein sit (37): ‘Kees dûzele yn in ûnrêstige sliep. It âld wyfke dat op de bank foar him oer siet, waard frijwat kjel fan de nuvere lûden dy’t de lytse keale man makke. “Se lieten dy psychiatryske pasjinten tsjintwurdich ek mar oan har lot oer”, seachst har tinken.’

Mar de humor ferskynt ek yn oare foarmen as selsspot. Midden yn in driigjende martelsêne hat de humor in relativearjende wurking en foarkomt dat it tinken wei wurdt yn in domwei spannend of domwei emosjoneel ferhaal (80): ‘Op ’e tafels leine boaren, touwen, tangen, neam mar op. Slachter Keulen, ek wol Jan Baarch neamd – dat hie sawol mei syn wurk as mei syn uterlik te krijen – sloech in krúske, hy wie ommers fan it Roomsk Frysk Boun.’
Dizze koarte passaazje befettet trije grappen. De lêste hat in absurdistyske wurking: dat Roomske detail krekt op dit plak! Sa giet der noch folle mear humor yn dit wurk beskûl.

Belutsen maatskippijkrityk is der ek, diskreet suggerearre yn in fraaie folsin lykas de neikommende (30): ‘Yn it hûs neist sines hie de wenningstichting in pear moanne lyn in dealer yn en brûker fan harddrugs pleatst, en sûnt skillen benammen nachts ferslave skrinkelmannen dy’t har yn it hûsnûmer fersinden, by him oan ’e doar, of se seagen mei holle, longerjende eagen by him troch de ruten, op siik nei guod om te stellen en te ferkeapjen.’
De dreechbodzjende boarger wurdt ommers mar al te faak slachtoffer fan organisaasjes en partijen dy’t fan ’e konsjinsje snien binne en alderhanne rosmos by jo nêst de doar dumpe, sels tahâldende yn har wite fillaparken. It byld fan ’e longerjende skrinkelmannen mei holle eagen koe oars sa út in horrorfilm weinommen wêze – prachtich sein. Op in oar plak wurdt efkes diskreet de draak stutsen mei it eksterne libben fan aktualiteit en bûtewrâld, dat ommers weifalt by de wrâld dy’t in minske as yndividu yn himsels ha kin (60): ‘De datum en tiid op syn kompjûterskerm brochten him wer op ‘e hichte mei wat wol de wurklikheid neamd wurdt.’ Want wy witte hoe’n bytsje toarre details as datum en tiid mei wiere wurklikheden te krije hawwe.

Noch in moaie sin? Noch ien moaie sin dan. In freon fan ‘e haadpersoan, Piter Boanstra, is tsjûge fan ‘e ferdwining fan ‘e haadpersoan, dy’t nei it brûken fan in DNA-drug spontaan weiwurdt, oplost. Piter wurdt tige kjel (76): ‘Piter woe oerein, woe raze, mar krige ynstee in izeren klam fan pine op it boarst, koe net mear sykhelje en foel efteroer, it gebit glide stadich as in skaaldier út syn mûle, dat hie er lykwols ek net mear nedich. Hy wie dea.’ ‘It gebit glide stadich as in skaaldier út syn mûle’ is wer in prachtige fynst, dy’t de hurdens en sêftens fan in skaaldier mei de hurdens en sêftens fan in gebit yn in mûle ferbynt en ferliket, wylst de metafoar as gehiel symboal is foar it stjerren. It klisjee wol ommers ha dat immen de lêste adem útblaast. Hoefolle orisjineler is it dan en ferwurdzje it stjerren troch it gebit as in skaaldier út immers mûle gliede te litten, dat je ek letterlik as in morbide byld foar je sjogge.

No soe men jin ôffreegje kinne oft it dejinge oan wa’t in boek opdroegen is, wol gund is om in stikje deroer te skriuwen. Dat is fansels in tige wichtich etysk probleem dat troch in beskaat slach slûksturtsjend folk dat Loaie Evert op ‘e rêch hat leafst mei nee beändere wurdt. Fansels haw ik dyselde metempsychyske twifel ek field, en nei ryp berie is my dúdlik wurden dat it antwurd JA is, mei’t it gjin kop mar munt wie en munt sil ik út dit stikje dochs wol slaan, as Farsk alteast tenei ek foar ynternetstikjes betellet.

Yn in koart foaropwurd by it boek seit Goffe Jensma: ‘“Kening Kees” is in groteske, scifi-eftige kaairoman oer …’ (7). It boek falt dus yn 2 sjenres, scifi oan de iene kant, kaairoman oan de oare. Mar eins falt it yn mear sjenres. Yn it begjin wurdt ek in pear kear poëzije oanhelle as ûnderdiel fan it ferhaal. Dat mei om my wol faker yn boeken. Ik fyn it totaal absurd dat men, libjende yn in postmoderne tiid dy’t sels de grinzen fan ’e typografy trochbrutsen hat, gjin sjenres trochinoar helje mei wannear’t dat funksjoneel is (en sa’t ik dat yn myn earste gedichtebondel dien ha!). It is krekt oarsom fernijend om te eksperimintearjen mei it trochbrekken fan de grinzen tusken sjenres, sa’t ek al yn De Reade Bwarre barde. Mar goed, mei’t de oneliner (dy’t klearebare poëzy is) yn deistige konversaasje (proaza) hieltyd mear foarkomt, sil dat probleem himsels ek wol oplosse.

En yn deselde trant: wie dit stikje no in resinsje, of in ynstjoerde brief, of in sûnderlinge ferhanneling oer it libben en de dea of …? Of in ymplisite krityk op prepostmodern hokjetinken dat noch met weromwurkjende krêft ôfleard wurde moat. Want oars hat de ginneraasje fan Riemersma har heroysk befrijerswurk om ’e nocht ferrjochte en wie har offer dan fergees?

Cornelis van der Wal
Kening Kees
Bornmeer, 2008