Sytske de Jong

Bern

logo.ensafh

Sizze dat je gjin bern ha wolle, is in útspraak dêr’t je moed foar nedich ha, sa haw ik yn de rin fan de tiid fernaam. Want in frou dy’t gjin bern ha wol, dêr mankearret wat oan. Minsken wolle my yn ’e regel ek graach op dat feit wize. Om te begjinnen fynt men dat soks ûnmooglik myn eigen kar wêze kin, der spylje dus oare faktoaren mei. Ik soe dus ofwol in kâlde karriêrejager wêze (minsken dy’t my wat better kenne, witte dat ik sa no en dan foar Farsk skriuw en dy witte ek dat dat finansjeel net folle om hakken hat; dy minsken brûke it karriêreargumint dan ek net) ofwol ik bin op ien oft oare wize traumatisearre en haw dêrtroch myn bining mei myn natuerlike memmegefoelens ferlern (allegear ûnbewust fansels) ofwol myn relaasje is min. At ik tsjin dy lêste stelling ynbring dat ik tige lokkich troud bin, wurdt sein dat ik sûnder it te witten ûnbewust dochs echt in hiel minne relaasje ha. Ik ha dus eins in hiel ellindich leven, mar gelokkich wit ik dêr sels neat fan.

In oare opmerking wêrút bliken docht dat it ‘gjin bern ha wollen’ net in serieuze opsje is, is: ‘letter wolst se wol ha.’ Wannear’t dat ‘letter’ dan is, dêr wurdt ferskillend oer tocht. De measten miene dat froulju sa rûn har 29ste brodsk wurde. Oaren tinke dat dat earder om de 35 hinne leit. En dan ha jo fansels noch de ‘spijtoptanten’ dy’t op har 40ste it earste bern krije. Medysk-technysk skynt it sels mooglik te wêzen om op jo 60ste noch swier te wurden, foar de ekstreme ‘spijtoptanten.’ Hoe dan ek, it ‘letter wolst se wol ha,’ sil ik noch wol in pear jier oanhearre moatte.

Fieders fynt de bernelobby dat ik tige asosjaal en egoïstysk bin. Mei dy lêste ferwiten kin ik yn dizze tiden fan klimaatferoaring hurd ôfweve: ien fan de belangrykste oarsaken fan de klimaatferoaring is de oerbefolking en troch myn kar om gjin bern te nimmen, draach ik strukturiel by oan de oplossing fan dat probleem en bin ik yn feite tige altruïstysk. En dan ha ik it noch net iens oer de enoarme miljeubelesting troch lytse poppen mei al dy miljoenen pampers dy’t se ferslite en al dy wasken dy’t draait wurde moatte omdat se foar de safolste kear harsels ûnderspuid, -pisse of -poept ha.

Minsken yn myn omjouwing dy’t om redenen dy’t se ek net folle dúdliker omskriuwe kinne as ‘ik woe gewoan graach bern’ yndie bern krigen ha, besykje my der geregeld fan te oerstjûgjen dat it echt ‘geweldich leuk, bysûnder en ferrikend’ is, in pear fan dy oandachtfrettende lawaaimakkers om jo hinne. De oanbelangjende âlden ha oer it algemien dikke blauwe wallen ûnder de eagen fan it tekoart oan sliep, dy’t ek noch fel ôfstekke tsjin it bleke gesicht, ha ferskillende ûnbestemde flekken op de maklik sittende baby- en pjutteproof klean (mooglik opdroege kwijl of útspuide babyfoeding) en ha in útbluste, wat berêstende blik yn’e eagen. Wylst se by my op de bank sitte (‘goh wat hasto leuke Easterse siden kessentsjes mei fan dy moaie kwastjes deroan. Ja, dy kin ik net ha, de bern soenen se direkt stikken lûke.’) besykje se my sawat swier te praten. Miskien dat it in soarte fan ‘gedeelde smart is halve smart’ is, mar it docht my oan wat oars tinken. Emigranten dy’t nei de oarloch nei Amearika en Kanada gongen, hienen dêr faak in swier rotleven, mar dat woenen se it thúsfront fansels net witte litte. Yn brieven nei hûs waard breed útmetten hoe geweldich moai en folle better it allegear wol net wie yn it nije thúslân en thúsbliuwers waarden oantrúnt om foaral ‘over te komen.’ ‘Zuster, zuster kom toch over’ hjitte it dan. Sadwaande makket it ‘oh wat is it dochs geweldich ferrikend om bern te hawwen,’ in opmerking dy’t oer it algemien yn skril kontrast stiet mei de ‘zintuiglijk waarneembare’ feiten, my wat erchtinkend.

At âlden my besykje om te praten, ha se de bern meastal net by har, want elkenien wit: mei âlden falt gjin normaal wurd te wikseljen at de bern yn’e buert binne. Samar in telefoanpetear mei in jonge mem:

‘Jan, ophâlde! Wat sei ik no! Mem is no oan de telefoan. (Tsjin my: ‘Wacht even hear’)

‘At mem seit ophâlde, moast ek ophâlde!’ (Tsjin my: ‘Bin ik wer. No it liket my leuk om wer ris nei de film, yn tiden net west. Tsjitske, do meist Jan net slaan! Ophâlde, allebeide! Moat ik it no hûndert kear sizze?’ (Gegûl op de achtergrûn, tsjin my: ‘Wacht even hear’). Tsien minuten letter: ‘Ja sorry, dat duorre even. Mar Tsjitske is op in leeftiid dat se freeslik jaloersk is en dan slacht se Jan. Wêr hiene wy it ek alwer oer? Gvd, Jan! Do meist Tsjitske net slaan en wat dochsto mei dat mes? Dêr meist fan mem net oankomme!’ (Tsjin my: ‘Wacht even hear’). Kertier letter: ‘Sorry, kinst aansen even werom belje? It wurdt no neat. Wy prate noch wolris wat ôf.’ De lêste wurden binne amper te ferstean troch it gekrijs op de achtergrûn. Jûns belje helpt net, want lytse bern bliuwe hjoeddedei oant minimaal tolve oere jûns op. It komt derop del dat de bern sa’n bytsje de stimgerjochtigde leeftiid berikt ha, foar’t wy nei de film kinne. Wa hat hjir no eins ûnbewust in ellindich leven?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op