Ta gelegenheid fan de ‘Moanne fan it Fryske Boek’ wurdt der in bysûndere gedichtewedstryd útskreaun. Elkenien dy’t foar 30 septimber 24.00 oere in twicht (in twittergedicht) publisearret op syn of har eigen Twitteraccount docht mei foar de sulveren Twicht, dy’t op 2 oktober yn Drachten útrikt wurdt. De ynhâld, foarm en taalkar binne frij.
Op Twitter kin yn in berjocht maksimaal 140 tekens brûkt wurde, sadat de lingte fan in twicht yn prinsipe beheind is, mar in twicht mei wol yn mear tweets publisearre wurde (as it mar dúdlik is dat se byelkoar hearre!).
Troch in twicht herkenber te meitsjen mei it sykwurd #twicht (mei in hekje!) kin Tresoar de twichten fine en op de webside fan de Moanne fan it Fryske Boek werjaan. Hjir binne ek de spulrigels fan de wedstryd te finen.(Spulrigels Twittergedichtewedstryd)
De wedstryd wurdt organisearre troch Tresoar, it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert en troch de Stifting It Fryske Boek. De sjuery bestiet út Jellie Tiemersma (direkteur Bibliotheekservice Fryslân), Asing Walthaus (redakteur Leeuwarder Courant) en Sjoerd Ybema (produsint Omrop Fryslân).
Boarne: De Moanne fan it Fryske Boek








