Koosje Melis

Chique

logo.ensafh

Sa út en troch stelle jo in domme fraach. Sa frege ik fan ‘e wike yn de buertsuper wêr’t ik de espresso fine koe. De jonge wiisde oan: nespresso fan Nescafé? Of woe ik Kapoetsieno? ‘Nee,’ lei ik út, ‘ik zoek van die hele sterke koffie, voor in een espresso-apparaat’. Dat hiene se net. Ik hie it witte kinnen. Myn supermarkt lit him derop foarstean dat er ‘geen fratsen’ ferkeapet. Freondinne H. hat oer dy reklameslogan in hiel moaie krante-cartoon op it prikboerd. In net-skeard, net al te fris mantsje freget dêryn oan ien fan it winkelpersoniel wêr’t er de fratsen fine kin.

‘Dy ferkeapje wy net’.

‘Moai sa,’ seit it mantsje, ‘dat skeelt.’

Ik stie mei myn twa pakken Fair-tradekofje yn de rige foar de kassa, wylst links en rjochts fan my blikjes bier ynslein waarden. It wie tsien oere moarns. Yn de wyk dêr’t ik wenje wurkje in soad minsken net en binne de dagen lang. Myn tinzen doarmen ôf nei in besite koartlyn oan in sjyk restaurant yn it sintrum.

It sil likernôch sân oere west ha, dat wy der dy sneontejûn yn stapten, myn freon, heit en mem en ik. Ik woe myn âlden earne foar betankje, en wat is der dan gaadliker as in itentsje yn in sfearfolle ambiânse? Jo hoege jo net senuweftich te meitsjen at it sieden net te lang duorret en at it iten wol lekker wêze sil, en jo bliuwe ek net sneu achter mei in berch ôfwask en in lichte holle fan in glês wyn tefolle. Trije obers knikten ús tagelyk ta en fregen omstannich wêr’t wy sitten woene. Oan personiel yn elts gefal gjin tekoart. Alle fjouwer woene wy ús jas leaver by ús hâlde en dus koene wy mar plaknimme. Heit en mem hiene it sicht op de obers, dy’t har yn in rige achter yn de saak opstelden. In fjirde pingele op in pianofleugel. Ik waard der wat senuweftich fan, it wie krekt as wiene wy derby wylst er études oefene, der kamen yn elts gefal in hiel soad noatsjes yn foar, mar boppe-al: wat spile er keurich! Mem waard senuweftich fan de obers dy’t neat te dwaan hiene en dêr mar wat stiene.

Nonsjalant frege ik om de wynkaart, as hie ik dit faker by de ein. Wy bestelden in flesse wyn, in hapke foarôf en in haadgerjocht. Ein. Ja, dat is hiel sneu, mar wy wiene sjyk út iten en ek al soe ik graach noch ris in ein as húsdier ha (se rinne sa moai en wolle fêst ek graach aaid wurde), der giet neat boppe ‘eendenborst’. De lêste kear dat ik it iet wie al trije jier lyn, ik bestelde it doe per ûngelok yn Frankryk. De ober ferdwûn en kaam doe werom mei in flesse wyn dy’t as in pasjint yn in wite doek wikkele wie. Hy bûgde suver doe’t er ynjitte soe. Wa woe priuwe? It wie in flesse wyn foar minder as tweintich euro, dat ik sei, it soe wol losrinne, wy rêden ús der wol mei.

Pfffff, wy wiene noch mar amper bekaam of dêr kaam in oare ober mei in skaaltsje mei dêrop fjouwer rôze heuveltsjes.

‘Dan heb ik hier een kleine amuse’. Lang rekte er de klank fan de –uu- út, dizze man wist wêr’t er it oer hie. It wie mar in hiel lyts hoopke, mar dochs bliek it nei útlis fan de ober út wat bôle-eftichs, wat (rôze!) geitetsiis en frambose-parfait opboud te wêzen. Alle fjouwer pakten wy it hoopke mei tomme en wiisfinger beet.

‘Het lijkt wel een tiet,’ rôp ik, want fan safolle sjyk gedoch wurd ik opsternaat.

‘Koosje,’ bromde myn freon sabeare lulk, mar mem glimke. Dy tocht grif itselde.

It foargerjocht kaam: in ‘proeverij’. Nei de wyn, de knippende obers en de amuuuse wisten wy wat wy ferwachtsje koene. Omstannich lei de ober út: dit wiene tapenades, dat artisjokken, dat olijven (in gelok, dy binne oars altyd sa lestich te herkennen!), dêrby wat bôle mei krûdebûter. De ober ferdwûn wer fan it toaniel. It smakke allegear prima, mar wat in drokte. Wy kamen hjir dochs net om sjyk te dwaan, mar om te iten? Fan alle konsternaasje hiene wy net iens goed lústere. Wat wiene dy griene dinkjes no, wiene dat ‘okra’s’?

Letter op ’e jûn waard it gelokkich wat drokker. Chopin waard de muzyk fan Amélie, ek net myn kar, mar hawar, jo kinne net alles ha. Amélie stiet foar my gelyk oan forsearre gelok. Minsken dy’t sizze dat dit har favorite film is, binne óf sels dea-ûngelokkich óf se binne net te fertrouwen. De obers ferleine ûnderwilens har oandacht nei it selskip neist ús, dat der net sa mei oan wie as wy, en sa waard it dochs noch in fijne jûn.

Ik waard opskrille út myn tinzen doe’t ik hast oan bar wie. ’It famke achter de kassa flirte mei de jongen foar my, dy’t dat net yn ’e rekken hie. Ik fielde my ynienen lokkich en tocht: ‘Doch my dan toch myn buertsuper mar, ek al is der gjin espresso-kofje te krijen.’
‘Geen fratsen, dat scheelt.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op