Rieuwert Krol

Wat no: wer in konformistyske Riemersma?!

logo.ensafh

Riemersma is de ferneamdste skriuwer fan Fryslân. Hy wûn mei syn magnum opus De Reade Bwarre de Gysbert Japiks priis en begûn syn karriêre as skriuwer mei Fabryk yn ’ ’e jierren sechtich. Syn hiele oeuvre lang boartet er mei de ferwachtings fan de lêzer. Noch altiten skriuwt er gjin ‘gewoane’ romans, al wolle sommigen hawwe fan wol. En al liket er mei dizze novelle tichter by ‘gewoane’ romans yn ‘e buert te kommen as ea. Op it earste gesicht liket de lêste novelle fan Riemersma in gewoan ferhaal: der wurdt net mei fertelstim, fokalisator of mei oare eleminten út it ferhaal boarte, sa as de lêzer fan Riemersma wend is. It ferhaal fan De Fugel giet oer in doarpke op in berch yn Toskane, Itaalje. Yn it doarpke wurdt op in dei in hiele grutte fûgel sjoen. Net lang nei it ferskinen fan dy fûgel fertelt babysitter Valeri dat in bern troch de fûgel út syn wein helle is. Jierren lyn wie dy fûgel der ek en doe hat er trije lammen út it gea pakt. As de earste berjochten oer it weomkommen fan de fûgel elkenien berikt hawwe wurde de lammen wer binnen helle.

Ut foarsoarch binne de foarige kear dat de fûgel ferskynde de berneweinen net mear op it lân by de wurkjende froulju set, mar op it plein midden yn it doarp ûnder de grutte beammen. Ut in soart tradysje wurde de bern sûnt dy tiid op dat plein ûnderbrocht by Valeri, in wat domme frou. Ien bern wurdt troch Valeri altyd apart set, om’t de mem, Allessandra, net troud is. Om it bern fan Allessandra te finen wurdt in grutte ekspedysje ûndernommen. Luigi, dy’t troch sommigen sjoen wurdt as de heit fan it bern, ferûngemakket dêrby. Net lang dêrnei ferdwynt Allesandra út it doarp.

Sa besjoen is it in gewoan ferhaal fan in lyts doarp yn ‘e tweintichste ieu. Mar hielendal yn ’e tradysje fan Riemersma is de fertelstim faaks noch wichtiger as it barren sels. Dy fertelstim is op himsels in barren. Wêrom is dy ferteller der krekt as dit allegear bart en wa is er eins? Dat witte wy net en dat komme wy ek net te witten. It is in alwittende ferteller dy’t wat der bart op in rychje set en – wat it wol nijsgjirrich makket- syn eigen miening net foar himsels hâldt, mar iepenlik fermingt mei it ferhaal sels. It is âldfrinzige fertelposysje dy’t ek yn Duvels fan de Russyske skriuwer Dostojesvki brûkt wurdt.

De Fûgel waard yn in besprek op Go-Gol mei Riemersma syn De Hite Simmer fergelike. Yn earste ynstânsje liket De Fûgel wier wol op ien fan de ferhaalparten fan De Hite simmer, mar dat is net it meast wichtige. It ferhaal liket oer in lytse en benepen doarpsmienskip te gean dy’t in saneamde nijljochter útstiet. Dat docht tinken oan De Hite simmer, mar de stim fan de ferteller is hjir dochs in hiel oare as yn De Hite Simmer. Dizze stim liket wol in sarkastyske detektive, sjoernalist of kronykskriuwer, dy’t op fakânsje yn Itaalje in pleatslike histoarje beskriuwt.

De Fûgel is in novelle yn ’e tradysje fan De Hite simmer en De Reade Bwarre. Dat wol sizze dat der in fertelstim is dy’t it barren iroanysk besjocht en in lytse doarpsmienskip de gek oanstekt. Der is lykwols in grut ferskil mei beide foargongers en dat is de net-Fryske setting. Dat liket wer op Bretange libre, boekewikegeskink fan in tal jierren lyn. De fûgel is net hiel nijsgjirrich. De ûntjouwing fan Riemersma syn oeuvre is dat wol. Wol Riemersma wier neat oars as alle foarmen en stilen útprebearje en is dat genôch, hat er wier gjin oare yntinsjes? Is literatuer foar Riemersma in spultsje en is yn syn skriuwen te merken dat er syn taak as skriuwer sa besjocht? Oan ’e iene kant kinst tinke dat Riemersma sa no en dan in roman of novelle skriuwt dy’t konformistysk is. Dôchs liket it der mear op dat Riemersma alle mooglikheden fan it skriuwen fan fiksje útprebearje wol. Wat dat oanbelanget liket Riemersma syn trajekt wol op dat fan de ferneamde skriuwers J.M. Coetzee en Dave Eggers.

Yn Disgrace, de ferneamde roman fan J.M. Coetzee, einiget in heechlearaar Ingelsk mei in grut undersyksplan nei de Ingelske dichter Lord Byron yn in ferinnewearre keamer mei in tal losse gedachten. Dat is in einpunt. Dernei skriuwt Coetzee de semi-autobiografyske roman Portrait of a young man. Letter folgje Elizabeth Costello, Slow Man en Diary of a bad year. Dat binne eins gjin romans mear yn de sin fan Disgrace. It esseeïstyske oerhearsket dêrfoar tefolle. Dat einpunt fan de roman is in punt dêr’t trochgean mei itselde prosedee net folle sin mear hat om’t it net genôch nijs mear opsmite sil. Kinst sizze dat Riemersma dochs noch lang net klear is om’t er alle fasetten fan ’e roman bygelyks ûndersykje wol en net allinnich it barren sels.

Dave Eggers waard ferneamd troch/mei syn autobiografyske roman A heartbreaking story of a staggering genius. Dat wie in roman yn it sjenre fan The Catcher in the rye fan J.D. Salinger, mar dan fermongen mei it postmodernisme fan de njoggentiger jierren. Dêrnei skreau er in minder slagge roman You shall know our velocity. Yn dy roman gean twa freonen de wrâld rûn om jild oan de earme minsken te jaan. It docht bliken dat dat dreger is as se tocht hienen. Eggers syn tredde roman What is the what liket ek foar him in einpunt te wezen. What is the what is eins in autobiografy fan lost boy Valentino deng Achak skreaun troch ghostwriter Eggers. Eggers brûkt it formele Ingelsk fan Valentino om de meast groulike barrens út it libben fan de haadpersoan te beskriuwen. It wie in nijsgjirrich prosedee om’t yn in foaropwurd fan Valentino no krekt stiet dat net alles krekt sa bard is as Eggers it opskreaun hat, mar dat it wol in truthfull account is fan syn libben. It giet hjir dus om in nuvere miks fan fiksje en nonfiksje, dy’t neffens my foar it ferfolch fan Eggers syn skriuwen wichtiger is as syn earste suksesroman.

Dit docht jin tinken oan Riemersma syn Nei de klap. Mei dat boek skriuwt er uteinlik formalistysk sjoen syn meast konformistyske roman. Der wurdt net boarte mei perspektyf, fokalisator, tiid, romte of foarm. It is ‘gewoan’ it ferhaal fan in jonkje syn wjerfarren nei’t er syn âlden, syn hûs en syn memmelân kwytrekke is. Dêrmei docht Riemersma dochs wat nijsgjirrichs. Hy skriuwt wol in konformistyske roman, mar net sûnder de wrâld deryn hast hielendal ferdwine te litten. Oan ’e ein is Fryslân fuort. Dochs it plak dêr’t De Reade Bwarre grut wurden is. Riemersma is net konformistysker wurden, mar siket nei oare mooglikheden om in ferhaal stal te jaan. It wiere masterwurk sil er noch skriuwe.

Tr. Riemersma
De fûgel
Venus, Frjentsjer 2006