Jemke Visser

Der is mear tusken himmel en ierde …

logo.ensafh

… wurdt faak sein as eat wol hiel tafallich is. Earlik sein is it oan my net bot bestege. Ik ha der frede mei dat net alles te ferklearjen is en mearkes, hoe aardich ek, bliuwe mearkes.
Dat nimt net wei dat je soms wolris wat oerkomt …
It grutste part fan myn famylje is hikke en tein yn Fryslân en dêr ek bleaun. Net allegear,
âldomke Sytze Jehannes Kooistra (1868-1951) bedarre as ûnderwizer yn Amsterdam. In pear kear yn’t jier gie er op besite by de famylje yn Akkrum, ek by ús.
In freonlike, al wat âldere baas mei in griis burdsje, gouden briltsje en mei moai waar in striehoed op, sa sjoch ik him noch foar my.… Lês fierder

Henk Nijp

Om ’e nocht

logo.ensafh

Ik siet al in moai skoft op in plakje oan in lange tafel te wachtsjen oant myn namme neamd wurde soe. De stuollen yn ’e wachtromte wiene hast allegearre beset en der siet noch net in soad ferrin yn. Mar in pear plakken wiene noch frij. Ik wie moai op ’e tiid fan hûs gongen, want de foarige kear dat ik hjirhinne moast hie ik mear as de heale rûte efter in ûnbidige trekker mei fan dy ûnhuer brede luchtbannen oansukkele; ik koe dêr mei gjin mooglikheid omhinne komme. De trekkersjauffeur fielde him blykber de ‘king of the road’ want hy wie net fan doel om ek mar in heale meter yn te skikken.… Lês fierder

Eppie Dam

Yn Sondel rêst Jacobus Smink

logo.ensafh

 

 

 

Och Kobussy,
ús lytse Gasterlanner
Debussy fan it wurd,
sa gie it hurd
en wiest der al net mear,
mei dyn Quingo ôfslein
nei leanen fan de Hear.

Dyn Q
klonk altyd better
en leuker benammen
as wat de hoanne moarns
al kukeljend bestammere
doe’t Petrus Jezus miskend hie
en de Minske nei de geast
ûntmanne.

Der wurdt ferteld
datsto hjir wiest
mei dyn scootmobyl yn Sleat
en op ’e sydkant rekke bist.
It trotwaar hjir
hat ferrifeljende bannen.
Ik wist fan neat,
ast dat mar witst.

No Kobussy,
do lytse Saint-Exupéry
fan alle wiere poëzy,
krij dyn wurd op en riis
prinshearlik
troch it loftferkear
nei paradizen fan alear.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

JIM LA DREAM Andinkens an Jakobus Quirinus Smink

logo.ensafh

’t Begon op ’t Cruqiusailand foor de kust fan Amsterdam. Jakobus strandde met ’n auto bij mij foor huus, met de kont na de portyk en de moterkap in de haag fan de binnentún. Der mochten gyn auto’s komme, ’t waar foetgangersgebied. Ik weunde der met myn fryndin op tweehoog in ’n flet. Wij hadden ’n fergadering fan Hjir en soa reed Jakobus met syn nije, rooie bestelauto tot an de ingang fan de flet toe. In dieselde binnentún waar ’s een omkommen deur ’n ferdwaalde koegel. Maar ’t waren gyn loaden koegels die’t Jakobus rieken die overdâg, ’t waren hageltsys fan ’n jachtgeweer, dat hij op himsels ôfskoat en die’t him hest fataal worden.… Lês fierder

Jelma Knol

Jacobus Quiryn Smink (31 jannewaris 1954 – 27 jannewaris 2024)

logo.ensafh

Krekt foar syn santichste jierdei ferstoar Jacobus Quiryn Smink, dichter, heit, oersetter en dosint. De lêste twa jierren wenne er net mear yn Eindhoven, dêr’t er jierrenlang foar de klasse stie, mar yn Sondel, yn in sjalet op it hiem fan syn leave suster Tiertsje.
 
Sondel die him goed: it wie in nije start yn syn libben en hy hie in soad ballêst fan him ôfsmiten. It wie krekt as krige Kobus in gruttere mentale romte. Hy koe wer frij en iepen oer himsels prate, hoegdest net mear te tinken: wat is no wier fan syn ferhalen of net? Nim no dy Q fan Quiryn yn syn namme.… Lês fierder