André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel ensafh 1 2015

logo.ensafh

Nij! – In nij jier, en ek dingen dy’t nij binne oan Ensafh. Wy jouwe elk papieren nûmer in tema mei, dêr’t in part fan de bydragen mei gearhinget. As earste tema hawwe wy ‘nij’ keazen, en in tal nije Fryske skriuwers útnoege om har dêrtroch ynspirearje te litten.

Lês hjir fierder (pdf)

Losse eksimplaren binne te keap by de Afûk-winkel yn Ljouwert, en te bestellen fia abonnementen@kok.nl. Foar €5,95 + € 1,95 ferstjoerkosten wurdt it nûmer dan by jo thús besoarge.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Hugo von Hofmannsthal, André Looijenga

Nei it lêzen yn Dante / Nach einer Dantelectüre

logo.ensafh

 

Nei it lêzen yn Dante

As swart útslein brûnzen grêflidden
Bin de ferneamde swiere âlde fersen
Kâld fiele se oan, ûnferwoastber, drage
Deadenpronk, swartgriene wapenskylden
En in ynskripsje, koper op metaal
Dy’t tinken docht, mar gjin huver jout.
Do lêst en úteinlik komsto by in wurd
Dat is, sa’t dyn siele gauris aand hie
En nea beneame koe, wêr’t se op doelde.
Fan dan set tsjoen útein. Yn elke kist
Bûnst binnenyn mei libbene knokkels
It libben, ûnder komme skouders te plak
It lid rattelet, tusken brûns op brûns
Is in smelle kier, skowe minskefingers
Troch en út de kieren streamt in ljocht
In ljocht, in wûndermoai waarm ljocht
Dat lang rêst hat yn kâlde donk’re grûn
En swijen yn him opsûgd en djippe rook
Fan nachtfruchten, dit ljocht streamt op
En op it lid fan har kisten sette del
De bleate foet yn goudene sandalen
De tûz’nen libbenen, en se sjogge
Nei dy en it toaniel fan spoekige rigen
En prate mear as datst begripe kinst.… Lês fierder

André Looijenga

Ensafh Fryske Literatuerkwis

logo.ensafh

Hoe goed werkenne jo eins de begjinrigels fan klassike Fryske boeken?

De earste rigels fan grutte literêre boeken (en ferneamde gedichten) út ‘e holle kinne, as der ien manier is wêrop’t literatuer har sosjaal-ekonomyske nut bewiist is it yn de ynformele sitewaasjes wannear’t jo soks yniens yn de macht ha moatte.

“Behalve den man, die de Sarphatistraat de mooiste plek van Europa vond…” “De portier is een invalide…” “It was the best of times, it was the worst of times…” “Als Gregor Samsa eines Morgens aus unruhigen Träumen erwachte…”

Steane jo mei de mûle fol tosken, bewize jo jo minmachtige belêzenens (en de superioriteit fan jo ‘freonen’).… Lês fierder

André Looijenga

Vrieslân wûnderlân

logo.ensafh

Op it toaniel in mânselhege fûgelkoai. Dêryn hinget, yn ûnderjurk en hiernetsje, it tormintearre stal fan in meager manspersoan. Wannear’t it publyk syn plak fûn hat yn it teatersealtsje, komt er ta libben, langliddich dûnsjend om in foarwrâldsk model mikrofoan. In drag queen op jierren en op syn/har retoer, fertelt er yn fragminten syn libbensferhaal. Yn in wûndere gearmjuks fan Wâldfrysk en nichterich Amerikaansk. It iene nei it oare wrâldferneamde diva-liet wurdt ûnneifolchber nei skeakele: Dietrich, Piaf, Monroe, Douwstra. De tirade fan de diva dy’t weromkaam yn it homofobe heitelân einiget yn in kranksinnige muzikale draaikolk, in songen miks dy’t dy tagelyk ta laitsjen en ta triennen twingt.… Lês fierder

Harmen Sytstra

Ofskied fan freonen, dy’t nei de Feriene Steaten fan Noard-Amearika teagen

logo.ensafh

Dit gedicht haw ik útkeazen om’t it goed de sterke punten en wichtichste tema’s yn it poëtysk wurk fan Harmen Sytstra sjen lit. It is hiel oare poëzij as tsjintwurdich wenstich: direkt, mei grutte wurden, retoarysk, dreech, polityk, God, Fryslân, taal. Der sit ek wat mankelyks yn: lykas it earder wie, wurdt it net wer. Mar boppe alles is it oanklacht oan it ‘(be)stjoer’, de machthawwers dy’t it barre litte dat safolle minsken fuorttsjogge út Fryslân. Ommers, dit is in fers út 1849 – in tiid fan revolúsje: it jier derfoar hiene de boargers yn Frankryk en yn Dútslân op ’e barrikaden stien… Dizze liberale revolúsje, dy’t op in soad plakken útrûn op in desyllúzje, sympatisearre Harmen Sytstra grif mei.Lês fierder