Hidde Boersma

Frits syn streken

logo.ensafh

Wannear is eat ôf genôch om mei nei bûten te kommen?

Ferline jier hobbele ik op ’e fyts op wei nei hûs by de rivier lâns. By de Mûne, dêr’t in stel bankjes op ’e ouwer steane, stie in bestelauto parkeard. In man en in frou tilden der mei muoite in gefaarte út. Ik stoppe om te sjen wat dy lju útheefden. It gefaarte bliek in selsfabrisearre wetterfyts, dy’t bestie út in kiste omliste mei in laach polyester en dêryn it mechanyk fan in âld fyts. It seach der slim amateuristysk út. En no soene se it apparaat foar de earste kear te wetter litte.… Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes 4: Tinke en betinke

logo.ensafh

“Ist das Schwein?”
Andrzej, 2016

Wa’t tinkt betinkt net wat er tinkt. Hy observearret.

Yn in âld pleatske tusken de Vecht en it Amsterdam-Rijnkanaal sit in lyts frommeske fan Sina oan ’e keukenstafel te iten. Lasagna. In grutte en lompe Poalske sumowrakseler bûcht him mei in heale literblik mei bier yn ’e mânske klau oer de tafel en sjocht ris op har itensboard.
‘Ist das Schwein?’ wol er witte.
It Sineeske famke – in operasjongeres – kin net ferstean wat er seit. Se seit dêrom mar fan ‘yes’.
Us Poal dan, suchtet fan ferromming.
‘O, glücklich,’ seit er, ‘ich dachte du warst ein Asylanfrager.’ *

No, tocht ik, doe’t dizze skiednis my meidield waard, dat bewiist mar wer hoe bysûnder de minske is.… Lês fierder

Hidde Boersma

De Kategoaryske Spagaat

logo.ensafh

De bollesesjes

De Kategoaryske Spagaat

“Hannelje allinne neffens dy maxime (prinsipe/regel), dêr’tst fan wolst dat it in algemiene regel wurdt.”
Immanuel Kant

Yn in klasselokaal lieten twa leave fammen oan de hân fan it folgjende foarbyld – by fersin fansels – sjen dat de Kategoaryske Ymperatyf net te brûken is as paadwizer yn morele dilemma’s – it doel dat Immanuel Kant dermei foar eagen hie.

Truus, Trien en Jelle binne befreone. Truus en Jelle hawwe ferkearing. Op in jûn geane Truus en Trien tegearre nei in feest. Jelle moast wurkje en giet net mei. Truus en Trien hawwe it tige gesellich mei in groepke jongfeinten en as Trien op in stuit weromkomt fan ’e húskes sit Truus yn in hoekje te tútsjen mei ien fan ’e jonges.Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes (2)

logo.ensafh

It antwurd op alles

‘We einigje allegearre yn in houten jurk.’
Menear de Strjitfeier.

In soad minsken kinne it net stelle sûnder antwurden. Dêrom leaut de ien en ûndersiket de oar. En mar diskusjearje. Lokkich is der in alternatyf.

Fuck it. Sprek it mar ris foar jinsels út: ‘Fuck it.’ Net dimmen, mar mei fierens en foldwaning. Der heart jin fuort nei it útsprekken in glim om ‘e mûle te kommen, dy’t je net sels meitsje, mar dy’t út it boarst opluchtet as ferlichting. Fiele je it? No, priizgje dan jinsels, want je hawwe it antwurd fûn op alles: fuck it.… Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes

logo.ensafh

Bargebiten

‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.’

Ut dit saneamde sjibbolet út de sechtjinde ieu kinne wy opmeitsje dat folk en oprjochtens net sasear te krijen hat mei etnisiteit, mar mei taal. En itselde sjogge wy hjoeddedei mei de eask oan ymmigranten om de Nederlânske taal te learen (as se mar leech genôch oplaat binne, want oars hoecht it net). Mar om no taal en oprjochtens sa oan inoar te ferbinen? Ik wit it net.

‘Oprjochtens is op himsels bullshit.’ Mei dizze wurden einiget Princeton prefester Harry G. Frankfurt syn filosofyske ferhanneling On Bullshit.… Lês fierder

Hidde Boersma

Te hastich om te rinnen

logo.ensafh

 

Ast my tsjintwurdich rinnen sjochst,
soest tinke dat de klinkers gloeie
Sa gleon slalomje ik tusken de mannichte troch

Myn kiezzen mealle om op myn tinzen,
en troch de groede yn myn foarholle
rint sâlt wetter de poeltsjes ûnder myn earmen yn

Dan sjitte myn eagen fjoer, en dan skroeie se dôf
Myn burd te lang, myn mûle droech

Ik far, mar sjoch neat foar de boech

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder