Carsten René Nielsen, Geart Tigchelaar

Carsten René Nielsen

logo.ensafh

Dichter: Carsten René Nielsen
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De fjirde út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

 

Indsamling

“Se, dén sky ser ud, som var den syet sammen med grove
sting,” siger jeg for at aflede deres opmærksomhed, da to
yderst velklædte kvinder rækker en raslebøsse frem mod
mig, men de ser bare surt på mig. Folk skal da også have
hjælp til at klare det mest elementære, tænker jeg. Først
var det døden og ensomheden, nu dette. “Jeg har desværre
ingen sedler,” lyver jeg og kommer en knap i raslebøssen,
men kvinderne lyser op i et smil: “Det var lige dén knap, vi
havde brug for, nu kan vi endelige knappe skyen ordentligt,”
siger den ene taknemmeligt, og alle tre kigger vi op.… Lês fierder

Richard Brautigan, Piter Boersma

Ik ha it earder nea sa foarsichtich dien / I’ve Never Had It Done so Gently Before

logo.ensafh

Ik ha it earder nea sa foarsichtich dien

De swiete drankjes fan dyn mûle
Binne as kastielen wosken yn hunich.
Ik ha it earder nea sa foarsichtich dien.
Do hast in kring fan kastielen
Om myn pimel set en litst se wimelje
as it sinneljocht op ’e wjokken fan fûgels.

(Oersetting: Piter Boersma)

*

I’ve Never Had It Done so Gently Before

The sweet juices of your mouth
are like castles bathed in honey.
I’ve never had I done so gently before.
You have put a circle of castles
around my penis and you swirl them
like sunlight on the wings of birds.… Lês fierder

Richard Brautigan

De stjerhalmaspilers / The Chinese Checker Players

logo.ensafh

 

Richard Brautigan

De stjerhalmaspilers

Doe’t ik seis jier âld wie
spile ik stjerhalma
mei in frou
dy’t trijeënnjoggentich wie.
Se libbe op harsels
yn in appartemint
by ús ûnder yn ’e hal.
Alle moandei-en tongersdeitejûnen
spilen wy stjerhalma.
Under it spyljen hie se it ornaris
oer har man
dy’t santich jier lyn stoarn wie,
en wy dronken tee, ieten koekjes
en skelmen.

(Oersetting: Piter Boersma)

*

The Chinese Checker Players

When I was six years old
I played Chinese checkers
with a woman
who was ninety-three years old.
She lived by herself
in an apartment down the hall
from ours.… Lês fierder

Richard Brautigan, Piter Boersma

‘Ah, grutte ferwachtings!’ / ‘Ah, great expectations!’

logo.ensafh

‘Ah, grutte ferwachtings!’

‘Ah, grutte ferwachtings!’ Flip mei it
op syn minst graach trije of fjouwer kear
sizze as er mei guon praat. Hy is tolve.
Gjinien wit wêr’t er it oer hat as
er it seit. Soms fiele lju har der
ûngemaklik by.

(oersetting: Piter Boersma)

‘Ah, great expectations!’

Sam likes to say, ‘Ah, great expectations!’
At least three or four times in every
conversation. He is twelve years old.
Nobody knows what he is talking about when
he says it. Sometimes it makes people
feel uncomfortable.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Richard Brautigan, Piter Boersma

It natuergedicht / The Nature Poem

logo.ensafh

It natuergedicht

De moanne
is Hamlet
dy’t op in motorfyts
in tsjustere dyk
del komt.
Hy hat
in swartlearen
jek oan
en skuon.
Ik hoech
nearne
hinne.
Ik wol
de hiele nacht
ride.

(oersetting: Piter Boersma)

The Nature Poem

The moon
is Hamlet
on a motorcycle
coming down
a dark road.
He is wearing
a black leather
jacket and
boots.
I have
nowhere
to go.
I will ride
all night.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Richard Brautigan, Piter Boersma

It hynder dat in lekke bân krige / The Horse That Had a Flat Tire

logo.ensafh

It hynder dat in lekke bân krige

It wie ris op in delte
dat in knappe jonge prins
op in moarnsread hynder
mei de namme Hearestêd
fan de goudblauwe bergen kaam

Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje

Yn de delte
wie in moaie faam
dêr’t de prins
fuort sljocht op waard
as in Nij Meksiko makke fan
appeltonger en lange
bêden fan glês.

Ik hâld fan dy
Do bist myn azemjend kastiel
Leaf sa leaf
Wy sille ivich libje

De prins betsjoende
de faam
en se rieden
op it moarnsreade hynder
mei de namme Hearestêd
rjochting de goudblauwe bergen.… Lês fierder