Gerbrich de Jong

Leafde yn Ljouwert, mar net foar it Frysk

logo.ensafh

Yn de maitiid fan 2020 ferskynde de alderearste Fryske bouquetroman, in ‘collector’s item’. It boekje is skreaun troch “Fleur van Ingen”, dy’t in man fan middelbere leeftiid (1962) blykt te wêzen. Fleur van Ingen is de alderearste man dy’t it sjenre beoefenje mei foar de grutste útjouwerij fan Bouquetromans: Harlequin. Foar dizze Fryske edysje hat Fleur van Ingen “in superromantysk” ferhaal skreaun dat him yn Ljouwert ôfspilet. Dêrnei hat Martsje de Jong der in Fryske oersetting fan makke. In moai inisjatyf en ek fruchtber, want mei de ferkeap giet it goed. Hjir en dêr waarden fuort hiele doazen ferkocht. By Van der Velde yn Ljouwert lei it boekje op de toanbank, as ‘kassapakker’ foar fiif euro.… Lês fierder

Gerbrich de Jong

Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan 12-15 jier

logo.ensafh

Dosinten wolle harren learlingen graach oan it lêzen krije. Miskien omdat se der sels fan hâlde en de learlingen deselde lêswille gunne. Mar grif ek omdat lêzen geunstige effekten hat. Yn de Leesmonitor, in magazine fan Stichting Lezen, wurdt ferslach dien fan wittenskiplik ûndersyk nei de effekten fan lêzen. In greep út de ûndersyksresultaten yn de meast resinte Leesmonitor (2017): lêzen fergruttet de wurdskat fan bern en hat in geunstich effekt op de skoalprestaasjes (Duursma 2011; Notten 2012); learlingen dy’t in soad lêze skoare heger op yntelliginsjetesten en ha bettere kânsen op de arbeidsmerk (Buisman e.o. 2013; Ritchie, Bates en Plomin 2015).… Lês fierder

Gerbrich de Jong

In Fryske Carry Slee?

logo.ensafh

 

 

De titel fan it nije boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong stiet yn leafst trije kleuren op it omslach drukt, op in felblauwe achtergrûn. Fierders stiet it kaft fol mei bûnt opmakke cupcakes. De lêzer komt fuort yn ’e feeststimming as er dit boek sjocht. Mar wa’t begjint te lêzen, fernimt al rillegau dat it boek oer mear giet as allinnich mar om feest.

Haadpersoan is Marike de Walle, in famke fan in jier as fjirtjin. De rest fan de húshâlding De Walle bestiet út heit, mem en broerke Peter. Mem wurdt meikoarten fjirtich jier en it idee ûntstiet om dat mei in ferrassingsfeest te fieren.… Lês fierder