Wieke de Haan

Oer ‘Echt moai’

logo.ensafh

click foar grutter

Ik wie ûnwennich fan it ynterviewen foar de F-side. Dat ha ik jierren dien en dat ha ik altyd hiel moai wurk fûn om by elk oer de flier te kommen en him of har fan alles te freegjen. Mar it wie gauris sa, dat as ik myn opskriuwboekje yn ’e tas hie en de jas al heal oan, dat dàn de werklik moaie ferhalen kamen. Dêr koe ’k net in kant mei út, want dêr wie ’k net foar op ’en paad stjoerd.

By dit boek koe dat àl: ik hoegde in politika net oer har wurk te ûnderfreegjen, it stie my frij om it oer hiele oare dingen te hawwen.… Lês fierder

Brecht Schaafsma, miljeukeunstner [ynterviewfragmint]

logo.ensafh

‘Myn keunst: kykkastjes en bousels. Ik stopje der hiel folle fan myn siel yn. Ien middei yn ’e wike wurkje ik tegearre mei minsken mei in ferstanlike beheining yn in kringloopwinkel. Se binne sa earlik, hin, dat fyn ik it leuke derfan.

foto makke troch Elske Riemersma

Ik bin yn de recycling kaam te wurkjen op in hiel natuerlike manier. Ik hie dêr de loop, ik kaam dêr al in soad. Wy hiene al in bân. Se bewarren al dingen foar my. Wat der allegear binnen komt. In âlde treppot mei plestik roazen op in âld krukje.

Ik kom der deawurch wei.… Lês fierder

Wieke de Haan

De hûnsdagen fan Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Durk van der Ploeg is ien fan ús meast produktive skriuwers fan dit stuit. De stichting Bibleteken Midden-Fryslân hat skriuwer Van der Ploeg frege om yn opdracht in roman te skriuwen dy’t oan bibleteekdirekteur Frans Sijtsma by syn ôfskied oanbean wurde koe. De – foar Van der Ploeg begrippen – tinne roman is gelokkich ek foar it lêzerspublyk te besetten.
It boek De hûnsdagen hat as ûndertitel, of as nijere yndikaasje de folgjende tekst meikrigen:

In eigensinnich en byldzjend skreaune roman fol passy, humor en tragikomyske taferelen’. It is werklik sierlik foarmjûn, middels in omslach mei in gazen jute-oansjen en in losse bân deromhinne en mei in bypassend lêslint ferfolmakke.

Lês fierder

Elja, the movie, gummykut, the fun

logo.ensafh

Wêrom jouwe jo as skriuwer de twa haadfigueren en de byfiguer yn in boek nammen dy’t fan inoar ôflaat binne en dus bot op inoar lykje? It manlik haadpersonaazje yn Josse de Haan syn nijste roman, Elja, hjit fan El, syn tsjinspiler, de aktrise, hjit Elja en har dochter, dy’t ek in marzjinale rol spilet, wurdt Ella neamd. Ast witst dat El Spaansk is foar û.o. ‘Hy’; Elja (útsprutsen Eja) en Ella Spaansk is foar ‘Sy’, dan wurdt it al wat dúdliker; krijst hieltyd in manlike en in froulike sjochswize foarskûtele. As lêzer betrape ik mysels derop dat ik wolris miende dat El de ôfkoarting fan Elja wie en dan koe’k letter it fragmint mar wer opnij lêze.… Lês fierder