Heidi Andringa

Aaiskyl

logo.ensafh

Om bittertafel glimpkjend leedfermaak
bysittend folk wat stive blêdeklauwers
dreech, dûbelnekkich, stik foar stik oansjouwers
fan rederykdom, harren earesaak.

Guon ferversfeinten wakker teatraal
de skildersezel fan ús taal hantearje,
steltrinnen yn har rûntes útprebearje;
wiisgearich dogge hja har waarferhaal!

Hast geniaal, de meidielsume taal
fan aaikes yn wurdlidpatroan op rige;
werhellings noch net om har teksten lige.

Oarspronklik sizzen fier fan selebraal
neat sjocht yn ’t sinteklaasferhaal. (mei niget
oan ferbyldzjen socht aaikebrieder taal.)

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir.Lês fierder

Heidi

Barnstien

logo.ensafh

yn skom bebêde leit it dêr,
fersmiten hast, oanspield
bewarre ljochtfang út djipten wei
fan ivich weagjend wetter

wûnfocht út rûzjend baltysk grien
ferstienne yn syn tiidsferhaal
omwinteljend yn tsjusterens
bereizget sâlte grûnen

trochsichtich goud, omsletten
stjurre libben dat brâning socht
en ljochtomspield klear tsjûgje wol
fan ûnbeslipe skjintme.… Lês fierder

heidi

Obe Postma oerset (IV)

logo.ensafh
Obe Postma

Yn ‘e Foarsimmer

Op sokken dei troch ’t miedelân te rinnen
Op hege wei yn noflik beammeskaad,
En ’t blomkjend fjild myn eagen jaan te kinnen
Dat is dochs wol myn simmers swietste paad

Ik sjoch de kopkes fan de bûterblommen
Sêft triljen op ’e amme fan ’e wyn:
Fan fierrrens hear ik koweroppen kommen
En miggen gûnzje yn ’e sinneskyn.

Hoe fiel ik oan dy greiden my besibbe,
Myn earste moai as bêrn, sa trou , sa nei;
En al it lok, yn jonge tiid belibbe,
Doarm ’t by my op út stille fierte wei.

Sêft liket my myn libben fuort te driuwen,
’t ferline, no en takomst yn ien dream;
Fan ’t deiske stribjen kinn’ gjin fâlden bliuwe,
Hja wurde wei as tearkes fan in stream.… Lês fierder

Heidi

Obe Postma oerset (III)

logo.ensafh
Obe Postma

Yn Maart

De loft is griis fan teare wolkenplumen.
’t Is myld of ’t nei de simmer giet;
De lichte leepkes draaie oer de finne,
De ljurken sjonge omheech har liet.

De bern boartsje yn ’e bûnte ûnderwâlen,
De Feint giet mei de pols de lânen op;
Heech yn ’e mantels blinke ljocht de kuorren,
De einen ropp’ har fleurige foarjiersrop.

En efter fan it hiem, by skerne en dobbe,
Dêr komt in fine rook no wei.
Dat is it foarjier! En út âlde tiden
Komm’ lang fergetten bylden mei.

Wêr wie it dochs, dat sokken lucht my strielde
Yn ’t jonge lok fan fleur’ge dei?… Lês fierder

Heidi

nijjiersmoarn

logo.ensafh

nofteren stoarjen
loai lemieren

neiskaai út
lûd leidich ljochtsjen
oan it feale fuottenein fan
in slim trochlein âldjier

hoeden krûpe iere oeren
oer in flier fan fjoerfossielen

yn ’e fierte klokken liede
witte better… harren boadskip
grif foar letter… Lês fierder

Heidi

Obe Postma oerset (II)

logo.ensafh

Slotsang

Dizz’ sangen bringe it lok fan blide dagen,
– De tsjust’re hawwe sangen net –
Hja jouwe wer de bylden, dy’t my hagen,
It stil bewegen fan myn hert.

Ik haw se neamd nei Fryske lân en libben,
Mar ’t lân is lyts: myn eigen plakje grûn;
En ’t is ’t bestean fan my en fan myn sibben,
Sa as in blier tebinnenbringen ’t fûn.

Mar ’t Fryske hert dat slacht syn selde mjitte,
En yn my klinkt, wat ek yn oaren klonk;
Sa wist ik wizen, dy ’t hja net ferjitte,
En stille dreamen fan har âlde honk.

En ’t wie my mear as boartsjen yn in liddig’ oere,
-mei ’t ôfgean fan dy oeren wei; –
It heart ta libbens wurk, it trouwe, djoere,
O, dat er wat fan bliuwe mei!… Lês fierder

Heidi

Obe Postma oerset

logo.ensafh

Op de lêste dei fan novimber
 
It wie sa ljocht; de sulv’ren himmel
Lei as in blanke skaal yn ’t rûn;
En grien as yn ’e iere simmer
Blonk oer it fjild de focht’ge grûn.

It wie sa stil; fan droege reiden
Ferweegde amper blêd noch plom;
In jonge glâns lei oer it wetter
En blide dingen gongen om.

De gersbult joech syn rook; de hoanne
It boerelûd; in amerij
It âlde libben keart ta wêzen
En fiere bylden gean foarby.

Dochs wit ik efter my, oermachtich,
De stêd yn ’t wramen dat net stûk’t,
En út de blanke fierten komme
De fliten dy ’t syn rûzjen lûkt.… Lês fierder