Hein Jaap Hilarides

JIM LA DREAM Andinkens an Jakobus Quirinus Smink

logo.ensafh

’t Begon op ’t Cruqiusailand foor de kust fan Amsterdam. Jakobus strandde met ’n auto bij mij foor huus, met de kont na de portyk en de moterkap in de haag fan de binnentún. Der mochten gyn auto’s komme, ’t waar foetgangersgebied. Ik weunde der met myn fryndin op tweehoog in ’n flet. Wij hadden ’n fergadering fan Hjir en soa reed Jakobus met syn nije, rooie bestelauto tot an de ingang fan de flet toe. In dieselde binnentún waar ’s een omkommen deur ’n ferdwaalde koegel. Maar ’t waren gyn loaden koegels die’t Jakobus rieken die overdâg, ’t waren hageltsys fan ’n jachtgeweer, dat hij op himsels ôfskoat en die’t him hest fataal worden.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides, Sue Cooper, Antoine Cassar

It-toni tar-ram ta’ Malta / The coppertones of Malta / De kopertoanen fan Malta

logo.ensafh

It-toni tar-ram ta’ Malta

                                                 lil Antoine Cassar

Il-poeta jeħodna għal passiġġata mar-raħal tiegħu.
Fi ġnien imdawwar bil-ħitan jikbru l-larinġ u l-mandolin.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Adrian Grima, Hein Jaap Hilarides

De lege plakken / L-Ispazji Li Battlu / The emptied spaces

logo.ensafh

By ‘De lege plakken’ fan Adrian Grima

Foar Poetic Potatoes, in projekt fan de Bildtse Aardappelweken, mocht ik fan ’t foarjier nei Malta. Yn it ramt fan KH18 ha ik tegearre mei Janneke Spoelstra op Malta foarlêzen. Ik ha dêr ferskillende dichters troffen. Ien fan harren wie Adrian Grima. Hy is doktor yn de Malteeske taal- en letterkunde en wurket op de universiteit fan Malta. Al hiel lang is hy warber yn en foar de Malteeske literatuer. Hy skreau ferskate fersebondels. Gedichten fan him binne oerset yn û.o. it Frânsk, Dútsk en Ingelsk. Oer de hiele wrâld lies er foar op poëzijfestivals.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Stimd slik

logo.ensafh

IV*

Hoe beskriif je leegte?
Dúzzend grizen klaai?

De mîns fult de rúmte in:
De stâd, ’t hoofd, ’t Wad.

Ik ful de sintugen fan sândlopertiid.
Eb lait besinkdelen bloat.

Floed slibt op de klaai.
See blinkt griis in oalyforf.

* Skreven bij ‘Nat Noorderleeg’, ’n oalyforfskilderij fan Fred Thoolen

Wad2014

Hendrik Elings: Wad 2014

Op 31 Maaie hat Hein Jaap Hilarides in boekpresintaasje fan de bondel Stimd Stik. Der wurde dan ek lânskippen fan Hendrik Elings presintearre. Oanfang 15:00 oere yn Atelier Elings
Sjoch ek ris op de side fan Hein Jaap Hilarides.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

De steertfeer

logo.ensafh

 

Bij ’t fernimmen fan ’t ferstorven fan Tsjêbbe Hettinga

De dyk draait foor my weg.
’n Lantearnpaal skuuft in ’e berm.

Ik fyn genade in dyn skoat,
‘n Briefy met liefde in ’e jasbús.

Bij de plaats lêge swartwitte feren fan ’n skolekster.
’n Haas skiet fort, ’n wikel skeert der overhyn.

As foorjaarssnee de witte dônsferen.
Ik pak ’n steertfeer en dink an de groate dichter.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Watertromboat

logo.ensafh

Muzebiter skeurt ’n mol hol pipend útnander op dampaal.
Kroasspraai izermenyroad opdreven tun dam.
Feenswarte Friese peerden frete hooi út mintgroene plestik baal.

Klotswyn slaat maat op watertromboat.
Halve regenboog boven Wâldwei.
Lucht griis as de tank fan ’n melkauto.

De regenkleuren ferdwine in iisblau:
Oneandige, opklaarde wolkerúmte boven ploegd lând
en maïsstoppels met ferfomfaaid raid.

Nij winterwait op kopêgde akkers, ferkrúmmelde klaai,
Bach’s clavecimbelfantasy in A-klain
en ’n halve guillotine-maan boven autobaan.

It fers ‘Watertromboat’ makket diel út fan Hein Jaap Hilarides syn syklus ’t Onfermijdlike, dy’t yn it lêste papieren nûmer fan 2012 (ensafh 7) yntegraal ferskine sil.Lês fierder