Jouke Hylkema

Branje foar de blinen

logo.ensafh

‘Hee Morgan…!’ De donkere fyftiger seach op doe’t er de limûsine útstapte.
‘Mista Yllema… wat dogge jo hjir yn Den Haach?’
‘Ik haw in fraachpetear foar Ensafh.’
‘Enza..?’
‘Ja in literêr blêd út Fryslân, it hjitte foarhinne Farsk.’
‘Farc?’
‘Farsk! Mar eh do buorkest de lêste tiden ek hiel aardich sjoch ik… net gek… limûsine, bestjoerder, krytsjestreek, rolex. Dochst neat mear foar fakbûn ju?’
De swiere donkere man lake him in huodsje. De holle grut as in fuotbal.
‘Ik bin mei it fakbûnswurk opholden, krige tefolle lêst fan ’e rêch.’
‘Hoe no?’
‘No ja minister wêze ûnder Mugabe is nochal dreech wurk… lyts bedriuwsûnkje hân sis mar.’
Ik seach yndied oan syn rinnen dat er wat oprûn hie, Morgan wie der de man eins net nei om fan in trep te fallen.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Foar de kofje net eamelje

logo.ensafh

‘Nós temos o café e esquecemo-nos da tomada aolongo do açúcar!’ frege ik Kitty de húshâldster fan ’e buorlju oer ’e tillefoan.
‘…Nenhum problema senhor Hylkema, eu trago-o logo nivelar!’
Ik skeakele nei it koarte petear de mobile tillefoan wer út. Sapke kaam de keamer yn.
‘Wa hiest sakrekt oan ’e tillefoan?’ frege hja erchtinkend.
‘O eh… de húshâldster fan buorfrou Carlese, oft se ek sûker en kofjemolke oer hie… om’t wy it yn ’e hastigens fergetten hawwe mei te nimmen!’
‘Do kinst dochs wol in pear dagen sûnder? Moatst dan daalk wer mei de buorlju oan ’e tillefoan hingje?’
‘Sjochsto hjir in supermerk oan it strân dan?… Lês fierder

Jouke Hylkema

Opspoaring betocht

logo.ensafh

It wienen eins noch mar pjutten, de twilling. Se hienen eins nei de basisskoalle ta moatten fan ’t jier, as dit der net tuskenkommen wie. Ik beseach de tekenings nochris goed, ûnderútsakke yn ’e stoel mei in whisky malt. It jonkje hie in soad fan syn suske fansels, beiden wienen behindige typkes. Hy hie gymskuon oan, in swarte broek, wyt shirt mei swarte streepkes oerdwers. Fierder in eigensinnich kúfke dat him in soarte fan sjarme mei joech. Tûfen hier dy’t him út ’e krún omheech skeaten. Ik seach oan alles dat it mantsje lykas syn suske goed lykrûn. Harren noastopkes krollen proastich op.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Ynbine

logo.ensafh

Wy rinne troch it sintrum fan ’e stêd; oan ’e oare kant fan ’e strjitte sjoch ik it al mei grutte letters op in úthingboerd stean yn fet swart: ‘MA’.
‘Ma…?’
‘Dat is Sineesk foar mem…’
‘Hea, in Sineesk teehús yn nofteren Fryslân’, merk ik op.
‘Nei’t it skynt is Ma fan ’e wike foar it earst iepen’, seit de persoan dy’t neist my rint en fierders net mei namme neamd wurde wol yn dit stikje.
Eefkes letter rinne wy de nije saak yn. Lege bankjes  op ’e read stiennen flier, in smûk sfearke mei al dy baarnende kjerskes. Der lizze ek kjessentsjes mei goud stikte ôfbyldings by.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Noaswiis

logo.ensafh

De twa manlju hongen wat sjofel ûnderút, oars as it fleurige frommeske dat op it puntsje fan ’e stoel siet. Miskyn fielde se har oanlutsen ta myn wite sportsokken, de swartlearen broek, en benammen de strakke sulverkleurige body dy’t ik oer it optoaide krús lutsen hie. Se naam my mei grutte eagen op. Ik rûsde har op in jier as fyftich, ek al besocht se der noch wakker tweintich jier jonger út te sjen mei in laach maskara dêr’t je samar in muorke mei foegje koenen. Hawar, it frommeske naam it wurd mei in hege, suver sangerige stim dy’t yndied mear by in famke fan tweintich paste.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Homo Erektus

logo.ensafh

Ik rûn op de iere sneintemoarn de hoeke fan it kafee om en folge de Himdyk mei grutte stappen. Eefkes bûten Blauhús lei in stikkene bearenburchflesse op it fytspaad. De firma op it skuorde etiket kaam út myn wenplak. Dy firma hie der fansels gjin skuld oan.
Nee dit wie it wurk fan sa’n harsensleaze flessesmiter út it jeugdhonk, sa gong it troch my hinne. Nederlânske, en ek Fryske jongerein sûpte him nei de top fan ’e Europeeske ranglist fan drankmisbrûk. Jierliks kamen der sa’n fiifhûndert oant tûzen jongeren op ’e yntinsive care telâne fanwegen ‘komasûperij’. Om in better tafersjoch op ’e gong fan saken te krijen gongen der hieltyd mear heiten en memmen mei de jeugd mei op sneontejûn, eefkes in pilske pakke yn in honk.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Op ’e sweef

logo.ensafh

Wy fleane op it stuit  oer Warkum, op in twadde plak, in pear hûndert meter boppe de merk. Mei dizze snelheid binne wy yn fiif minuten yn Boalsert, as dy kâlde loftstreamen ús wat mei rêst litte teminsten, miskien moatte wy noch in pear manoeuvres meitsje om goed yndale te kinnen nei de einstreek. Wa’t as earste oer de A7 komt hat wûn.
Nûmer ien sjoch ik op in twahûndert meter foar ús út fleanen.
O ja… ‘wy,’ dat binne iksels as ferslachjouwer, en de piloat, Baron Otten te Deume út Amersfoort. Hy is eigner fan dizze PH 153.
‘Út hokker jier komt dizze kiste eins Baron?’
‘Uit 1947, hij is gebouwd door Fokker, voordat hij door de Gooise zweefclub werd gekocht en later eigendom werd van de Texelse zweefclub.’
‘Wurdt der op Teksel sweefflein?’
‘Jazeker… zandbodem schept ideale omstandigheden voor het ontstaan van  thermiek, meer nog dan op de Friese kleigrond!’
‘Och heden, mar it giet goed oant no ta dochs, ús fleanderij?’
‘Zeker we zijn nog geen enkele maal gecrasht!’
‘Sis, bûten it fleanen oer Fryske boaiem kinne jo in aardich wurdsje Frysk ferstean,
net?!’
‘Oh, eh ja zeker wel… maar spreken doe ik het niet… beslist niet!’
Eefkes letter yn ’e wedstryd.… Lês fierder

Jouke Hylkema

It ritueel

logo.ensafh

It plakje siet al tweintich jier as in eilantsje yn it tafelkleed fan ’e lange stamtafel, it hurde stikje kersfet koe de himmelster, dy’t alle woansdeis kaam, der mei gjin mooglikheid mear útkrije. Je soenen it plakje mei in fjoeroanstekker opwaarmje kinne,  om it mei húskepapier oan te tippen, mar de kâns wie dan ek grut dat de boel yn ’e fik fleach. Libbensgefaarlik! Der útknippe koe ek net, want dan hienen je in grut gat yn it kleed, soks wie al hielendal gjin gesicht. Lokkigernôch wie it kafee fan tante Leen dochs al sa âld en brún dat in plakje mear of minder neat útmakke.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Suffertsje

logo.ensafh

‘Wat in aparte namme foar in auto!’
‘Hmm… ik fyn it wol in tapaslike namme, in Frysk ferlytsingswurd foar grutte broer, de SUV (Sports Utility Vehicle). Us projektlieder is Ljouwerter fan berte, hy hat de namme betocht.’
‘Ah… wêr stiet dy namme krekt foar dan?’
‘Wolno… yn gearwurking mei in bekend Frysk automerk hat ús bedriuw: ‘Frisians Engineering Rattekrûddjoere Systems (FERS), it Suffertsje ûntwikkele, bedoeld as in lytse hybride SUV… sis mar as andert op ’e krisis yn ’e auto-yndustry en twads om de útstjit fan koalstofdiokside tsjin te gean. Se stjit mar 1,05 gram de kilometer út. In revolúsjonêre auto foar op ’e Fryske diken, mar ek in auto dy’t foar ferskate befolkingsgroepen tagonklik is, in gesinsauto dy’t tagelyk útboud wurde kin as fette bak foar hiphoppers en topfuotballers.’
‘Is it bygelyks gjin auto foar in frijgeselle man mei in modaal ynkommen, dy’t hurd eefkes op sneontemiddei in sekje jirpels ha moat út ’e pleatslike supermerk?’
‘Och heden jawol… fansels… de gewoane man mei in modaal ynkommen… dêr kin ik ynkomme… lykas dat der ek hiel gewoane rike lju binne, of gewoane húshâldings dy’t in priis yn ’e steatslotterij winne, lykas der ek gewoane hiphoppers en gewoane topfuotballers binne!’
‘Dus it Suffertsje hat neat mei opskepperij te krijen?’
‘No nee, de auto hat earder in útstrieling fan in Deux Cheveaux sis mar!’
‘En de priis?’
‘Dy is noch it meast nijsgjirrich… mar fyftichtûzen euro.’

‘Wurde der al Suffertsjes ferkocht?’
‘Foarearst oant 2010 allinnich yn Fryslân, it earste Fryske model stie yn April al op ’e AutoRAI 2009, útfierd mei in coating fan pompeblêden.’
‘En wat kinne jo sizze, bûten de gaadlike priis… oer wat it eigenlike geheim fan dizze Fryske fynst is?’
‘No ja alderearst fansels de krêftboarne fan ’e auto, in lithium-ion pakket batterijen yn kombinaasje mei in elektromotor en in benzinemotor.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Lapke as leedmotyf

logo.ensafh

‘Im wunderschönen Monat Mai,
Als alle Knospen sprangen,
Da ist in meinem Herzen
Die Liebe aufgegangen.’

It is sûnder mis de hege sjongstim fan de Dútske tenoar Fritz Wûnderlich dy’t ta it iepen kokensrút út komt. Ik stean by S. foar de doar mar druk de skille noch net yn. Poëzije fan Heine op begelieding fan Schumann; de wurden ûntsnappe, driuwe op ferwaaide pianoklanken nei bûten. Altyd docht it my oan ivigens tinken, dy ile sjongstim fan ’e Dútske tenoar. Sa’n earste kûplet ek, suver fergonklike skientme, brekber as wie it syn lêste foarjier, in lêste leafde. Ik sjoch om my hinne nei de knipte ligusterhage, it koart meande gers, de oerhingjende klimop.… Lês fierder