Teije Idzardi

Zoölogy 1

logo.ensafh

Sleepnetfiskje oer de boaiem fan myn siele
Myn pinne rachelet hjoed allinne
mar besopen gedichten mei
in promillaazje dat ferkearstechnysk
ek noch problemen opsmyt

In radiaal symmetrysk nettelbist, bin ik
mei swabberearms yn lij simmersop
om my hinne oars neat as deiblêden
en nachtflinters wylsto my begluorkest
mei it each fan in orkaan

Game over en format C:
dyn software wurket blykber oars as mines
of ha ’k my fersjoen, myn leave prins
en wie’sto
al foar myn earste tút in podde?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Teije Idzardi, Edwin de Groot

Sorry, âlde dichter (by gelegenheid fan it Literêr Sirkwy)

logo.ensafh

Edwin de Groot, presintator Literêr Sirkwy: 28 maart is de lêste ôflevering fan it Literêr Sirkwy, edysje 2009/2010. Yn Drachten. Dan sit it der foarearst wer op en sil der troch it Skriuwersboun sjoen wurde nei hoe’t it yn ’e takomst fierder moat mei dit “ynstitút”. Want bliuwe moat it Sirkwy wol fansels. It hinget no tefolle op ien/twa persoanen en dat is te krap, te kwetsber. En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe.… Lês fierder

Teije Idzardi

Sneintemiddei Bakkefean

logo.ensafh

Nea tocht
datsto sa sêft as papieren bûsdoekjes
lizzend op it moas –
ûnderhûds deselde foarmen
as beamwoartelnoesten

Nea tocht
eaglidden tear en fier
de draaide hals sa jongeseftich –
dat it hurde ôfwarrende
stadich taaie soe ûnder waarm striken

Nea tocht
de mûltsjes yn it triljend fel
prommeljend fan langste
– nim my, toe –
Dat ik krekt no heakjen bliuwe moat
yn ‘t Heras Hekwerk fan dyn tepel

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder