Jaen

Op ’e baan

logo.ensafh

Wy ride op ’e baan en
ik groetsje by de toer

dy op dyn hege post
wy streekje en ik streekje

de desennia troch oant
datsto wer mei ús rydst

wy op ús memmens
molketintsje tasette

ús melde by de heiten
dy’t prizen te ferdielen ha

de pakes fan ’e dyk ôf ús
earste skekken achtslaan en

wite reek jaand beslisse:
(dit útsprekke mei de pink

as piip tusken de tosken)
‘It sit der yn, dat kinst wol sjen!’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Radyskes

logo.ensafh

We brochten radyskes bij ús heit en mem.
Earste radyskes út ’e kas.
Se bearden der wakker fan.

Op it teemeubel stie in kaart
fan kunde, dy’t ‘50 jier’, sei heit,
‘nee, 55 jier,’ sei mem, troud wienen.

Se helle it foto-album fan
harren eigen 50-jierrige troudei derbij.
In fleurige dei, sa heugde it ús allegearre.

‘Sjoch, dy is der net mear,’ sei mem.
‘En dy net,’ sei ik.
‘En dy allebeide net.’

We kamen op in stik as tolve
yn amper acht jier tiid.

‘Wij wolle noch wol even mei, hear,’ sei ús mem.
En heit sei: ‘Wat binne dy radyskes dochs prachtich.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

In sneintemiddei

logo.ensafh

Hoe soe ik net mear witte
dy middei datsto my ophellest
foar it earst
en wij tegearre nei Grou.

Hoe’t wy sieten yn ’e Treemter
wat ûnwennich sûnder
maten as praters.

Hoe’t wy kuieren troch de strjitsjes
en op in hoeke doe ynienen

dy etalaazje
fan Stichting It Fryske Boek.

Dat wy bij de Pikmar
op in steger stiene
en wat tuteboarten tsjin in muorke.

Datst op ’e weromreis dyn hân
fan it stjoer op myn knibbel leist
it stiet my noch wol bij,

mar it skerpst foar eagen
stiet my dochs – dêr’t jûns
myn dreamen har om spûnen –

dy etalaazje
fol Fryske boeken.… Lês fierder

Jaen

Fryske jûn

logo.ensafh

wy sitte op ’e barte
by buorfrou achterhûs
ús brannettels bloeie
by har troch it stek
lykwols krije wy
kofje en wat derby

oare kant sleat gapje
skiep ús oan, klinkt slach
fan in klyster, dizz’ kant
pypboartet kat mei mûs
troch it kroas skowe
einepyk en ein, foarby

eardere huzen hiel oars
as dizze mar wy jonger
en grutter doe ús dreamen
mear minsken libben noch

mar ek minder want
dy’t dizze dagen
op ús hiemen boartsje
wiene der noch net

de loft kleuret read as
de rosé dy’t buorfrou
ynskinkt, proast

op de minsken en
huzen fan doe, proast
op dy fan no

net folle mear te winskjen
beleaven net, we kinne dit
ommers amper neikomme

ûnderhâlde, slaggen as dy
fan opkommende tonger
net te kearen, proast

op dy’t oer safolle jier
dizze huzen, hiemen

wolkje ús wurden
út ’e sleat wei krûpt
de damp yn ús klean

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Fryske jonge

logo.ensafh

Hy stapt by de kroech út ’e bus
in jonge draaft it kuorbalfjild út
want syn broer komt thús nei
twaenhealjier en in stikmannich
brieven út Ynje, in mem dy’t

tocht en sein hat: ‘Dy sjogge wy
net wer,’ krijt op deselde dei
har soan werom as dat se in
suster ferliest, it moat mar sa
treffe, in spandoek oer de reed

‘Wolkom Thús’, 30 april 1950
korporaal …stra swaait ôf

en krijt in pear wike letter
malaria, wat er dokter sels
fertelle kin, want hy hat it
earder hân en tyfus ek

‘Ik wie soldaet yn Ynje’
it fotoboek dêr’t tweintich jier
letter de bern har mei fernuverje

de maten dy’t dêr bleaun binne
de maten dy’t him opsykje
de maten dy’t hy opsiket
nei tritich jier, nei fjirtich jier

nei fyftich jier wize de pakesizzers
nei de wajang-pop op it dressoir
de soldatekiste fol boartersguod

wat er fertelt en wat er net fertelt
of krekt nei hast sechtich jier, de
patrûlje dy’t ferdwaald wie yn ’e
jungle, jonges noch mar amper

oankommen en mei in ynlanner
ûnderweis nei in oar kamp, de
patrûlje dy’t al opjûn wie, mar
dy’t hy, Fryske jonge, mei

allinne legere skoalle en in pear
jier lânboukursus mar wol de
kaderskoalle dien yn Harderwyk
nei fjouwer, fiif, seis dagen, en

nachten, op it kompas
út it oerwâld werombrocht
it hiele kamp rûn út doe’t se
mei in stik burd om ’e kop en
smoarch en ûngedien en mei de
honger yn ’e hals weromkamen
en de heechste offisier tsjin him sei:
‘Kerel, wat ben ik blij dat ik je weer zie!’

Hy stapte by de kroech út ’e bus
op itselde plak as dêr’t er mei
syn heit – dy’t him oan Ljouwert
ta bringe woe – ynstapt wie

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Fryslân is gjin lân

logo.ensafh

De grutsten fan ’e lytskes wisten wy ús
in fyts wie sûnt de fakânsje ‘een fiets’
Jan en Af, en Syp en Sip, dy’t mei Kees
de Hûn it lân yngiene dêr’t Heit en Om-
ke hea ophellen, ferkrongen troch ‘Pim
en Mientje die met Pa en Moe op het
trottoir op de tram stonden te wachten’

op in dei frege juf watfoar lannen oft
wy koene, Nederlân, sei ien, Dútslân
sei in oar en – troch de iepen ruten
hearden wy kij balten, skiep bletterjen
einen kweakjen, protters tsjotterjen –
Fryslân, sei ik, dat nimmen dêr…

Dat is gjin lân, sei it soantsje fan master
en juf sei dat er gelyk hie; en sûnt dy dei
in libben om deroan te wennen, mar

altyd lân yn myn gedachten: merkelân,
tsjerkelân, ierappels-, weet- en bitelân,
heitegreidelân, memmeblikkelân, ljip-
en skriezelân, pakeskieppelân, beppe-
op-’e-knibbelskrûperslân, jeugdlân,
keats- en kuorballân, wetterlân, letter-

lân, leaf brechjeskoallelân, grut genôch
om op te waaksen, om op te bouwen, ek
de soan fan master wennet der noch

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Grutsk in Fries te wêzen

logo.ensafh

It wie ien fan dy simmers dat wy
mei alles wat wy noadich hiene
achterop bûn op in sneontemoarn
neiwiuwd troch besoarge memmen
mei-inoar dat útsetten nei Harns

It wie ien fan dy simmers dat de
ierappels noch bloeiden en it weet
op it lân stie doe’t wy mei de boat
oergiene en de grutte bungalow-tinte
– dy’t wy by de skuonmakker hierd
hiene – opsetten op kamping Nij-
Formearum mei help fan in
optrommele omke dy’t foar de
wissichheid it wurd Durex
mar ris falle liet

It wie ien fan dy simmers dy’t foar
ien fan ús de lêste of de ien nei lêste
wurde soe, mar dat wist nimmen noch
op Radio Fryslân ien it hie oer in
brutsen kaibonke en Le Jop Zoetemelke
wer twadde waard, ien fan ús blierren
as aaien op ’e rêch hie fan ’e sinne en
dokter sei: moatst mar goed drinke

It wie ien fan dy simmers dat der
fammen fan it Bilt wiene dy’t Freule-
winner Joop Bierma goed koene en
heiten hiene mei pôlen hektares en
jonges oet Twente dy’t as se út ’e
kroech kamen nei Easterein fytsten
om in geit te melken en stoet ieten

It wie ien fan dy simmers dat wy
– nei’t wy miskien nei de Boschplaat
west of midgetgolfd of in sorbet iten
hiene, want sa wiene wy ek noch wol –
op luchtbêden leine of sieten op in
op ’e kant setten kratsje, dat ien fan ús sei:
ik bin der grutsk op dat ik in Fries bin

en dat wy dêr allegear, oer de râne
fan ’e hals fan in fleske hinne,
wat om laitsje moasten, hysels ek

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Fryske soarch

logo.ensafh

Woe ik in boek keapje foar
in omke dy’t in oanfaltsje hân hie
tocht ik der is in boekwinkel

yn it MCL, moatst miene, twa
Fryske boeken stiene der
en dy hied er sels thús wol

dat ik frege: wêrom
ha jim hjir net mear
Fryske literatuer

de frou achter de kassa seach my
fernuvere oan en sei: daar
vraagt nooit iemand naar

Soe ik in blomke meinimme
foar in operearre mem, út ’e
blommewinkel yn it MCL

wolst wol leauwe, net ien Frysk
kaartsje op ’e baly
en Hollânske wol hûndert

dat ik frege: wêrom
it fanke seach my oan
as kaam ik fan in oare planeet

en ik wit net wêr’t it meast om wie
om mysels dat ik dochs in kaartsje
kocht – de blommen wiene moai – of
om dy Friezen dy’t der net nei freegje

mar ik WÛN MY NOCH AL OP

Moatst net dwaan, sei F.,
it is net goed foar dyn hert

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Fryske skriuwer

logo.ensafh

yn neitins

ik stie in middei neist dy
yn it boekediske

net ien fan dij hie ’k lêzen
en do liest tink ek mines net

dat we sprutsen oer it waar
en oer de midden
dêr’t de bettere
ferkeapers ûnder ús

sels ien him weage
achter it diske wei en
tusken it folk

dat haw ik ek wol dien
seisto, sizze en roppe
minsken sjoch
ik skreau
in prachtich boek

dat doch ik net mear
as se it ha wolle
keapje se it wol
en oars mar net

it berjocht no
fan dyn skriuwersdea
nee, it oerfalt my net

lit stjerre wat stjerre wol
àl nim ik my foar
en lês dochs
dyn boeken ris

sa sjocht men mar wer
in deade skriuwer docht
it faak sa goed noch wol

Jaen

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jaen

Mare Frisicum

logo.ensafh

Sinne strykt oer Hoarne
oer de huzen en de tsjerke
bosk en dún
en dyk en Waad
oer de skoalle mei de skelters

en oer ’t begraafplak
mei de jonges dy’t hjir
earder boarten

sinne strykt oer Schylgeralân
en oer Hessel syn one street town
oer fyts- en ruterpaad
oer wykein en oer wrâld

oer de kearen dat ik hjir kaam
en oer al de tiid hjirnei
strykt de sinne
hjoed sjoch ik it

ik bin in eilân yn ’e Fryske see

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder