Sytse Jansma

it jonge hea / het jonge hooi

logo.ensafh

Snein 23 augustus waard de nije bondel fan Sytse Jansma presintearre op de Willem Barentszwerf fan Harns. It is in twatalige bondel mei as titel: ‘as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht’ en in útjefte fan útjouwerij Afûk. Yn dizze bondel ferkent Jansma de grins tusken it libben sels en de poëzy. It stjoerende karakter fan taal wurdt bleatlein. It filmke ‘it jonge hea / het jonge hooi’ komt út dizze bondel.

Lês fierder

Sytse Jansma

sûnder mis gjin merke

logo.ensafh

lit my gekke fratsen fan dyn flanken draaie
ballonhûnen foarmje of as botswana’s brûke

fonken út it plafond fan dyn tinken sûnder
mis gjin merke en sûnder fleis gjin fêsten

lit my bibelrigels sûkerswiet spinne as in toefke
op dyn pokrovtoer dyn katedrale lichem bewenje

as klaterrussyske sinten en dan dyn madonna-langnek
fan jewelste útinoar skowe as in attraksje boppe it alter

lit my wachtsje yn lange gebeden op in foarsichtich
stjitten út dyn heupen de stilte foar it amen azemje

*

Ein septimber komt Sytse Jansma syn twadde, en twatalige, bondel út: as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht, dy’t útjûn wurdt troch Hotsum (yn gearwurking mei De Contrabas).… Lês fierder

Sytse Jansma

myn sukkeldraaf myn kninepoat

logo.ensafh

myn sukkeldraaf myn kninepoat
hillich hoarizontaal râne fan ’e

stêd it iepen fjild dat de delgong
fan ’e dei werkent kymkuiers

slakkegong hazzesprint deiboekdagen
sûnder ein sûnder begjin

in havenstêd dy’t syn misthoarn misbrûkt
in leger jonge hazzen marsjearret mei

tichtknypte eagen tsjin it oerbleaune ljocht
myn seemanstap myn misthoarnmars… Lês fierder

Sytse Jansma

trajekt Boalsert — Harns

logo.ensafh

hoeden de wjekken fan ’e einebekken no’t de kjeld it wetter strjemje wol mei tinne eastewyn op ’e rjochter wang noeden de trekkerbrêge rêgebrekker as stive hazzen skotsjespringe sleatwâlrinne drave oer drek ôfdekkende planken dit is winterblyn oer it lân klune runen fan wylde wytsingen nei de see tekens fan in tiid doe’t pionier mulier mei sweevjende izers oer reidplomôfbeakene fearten pleatsen as eilannen boppe it wetter útstekkend kop omheech dêr stiet de stiennen man ûnder in aureoal fan wachtsjende kobben