Goffe Jensma

Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

De opdracht
Mei it oannimmen fan it fersyk om lid te wurden fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 wie it ús taak wurden om de bêste poëzybondel oan te wizen dy’t yn de jierren 2009 oant en mei 2012 ferskynd wie en om de dichter dêrfan oan de provinsje foar te dragen as Gysbert Japicx-priis-winner.
Dy sin seit mear en hat ek gruttere konsekwinsjes as dat je yn earste opslach tinke soene. De Gysbert Japicx-priis is bedoeld foar de bêste Fryske poëzybondel en dus net foar de bêste Fryske dichter. It is belangryk om dat te witten, want dêrtroch komme ek bondels yn de beneaming fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne, omdat se krekt yn de ôfrûne perioade ferstoarn binne mar noch al publisearre ha.… Lês fierder

Goffe Jensma

Giftige simmer

logo.ensafh

1
Stel, immen — neam him de persoan X – komt nei jierrenlang fan hûs west te hawwen werom yn — neam it mar it plak Y. It plak Y dêr’t er berne is, hikke en tein, dêr’t er boarte hat. X reizget dy dei mei de trein en as er op it stasjon útstapt dan wurdt er yn ienkear oerfallen troch folsleine panyk: ‘Myn hert jage my wylst ik út dy trein stapte. Mar it bûnze, lit my it mar earlik sizze, alhiel net fan folsleine bliidskip. Ja, it die my al goed, — ik wie der sels wol in bytsje grutsk op — dat myn stêd no gjin ynsliept provinsjestedsje mear wie, mar krekt likegoed oan it Europeeske spoar lei as de haadstêden fan it lân; mei in streekrjochte ferbining mei Hamburch, Berlyn, Parys – neam mar op!… Lês fierder