Jelle de Jong

útsjoch op ’e stêd

logo.ensafh

Nei in fers fan William Carlos Williams

doe’t ik line tsjin in beam yn it wâld
bekommend fan myn troch mysels oproppen leafde
seach ik ôfwêzich nei de stjerren
krekt as socht ik troch de tûken wat oars yn de blauwe nacht
en in momint seach ik mysels lynjend tsjin in beam

dêrefter it lûd fan in grutte party yn de apparteminten fan New York,
wolskepen skilderings op de muorren, faam,
kraantsje-sûgen en triennen,
jild en arguminten fan grutte saken
de kultuer fan myn generaasje

myn eigen wrede machtferbyldings
myn eigen wrede siel notearret
op mominten fan isolaasje opnommen dreamen
piercings, sekwinsjes fan nachtlik tinken
primitive ylluminaasjes

ûngemaklik fielen dat de wite kat
dy’t op ’e tafel sliept
op in momint syn eagen iependwaan sil
en nei my sjen

ien soe yn wilmapas sitte kinne
registrearjend de ferskiningen yn it fjild
sichtber fan de hingelmatte ôf
útsjende oer it skaad fan de greide
yn hiel it foarfjild fan de ivichheid
in dwercheftich reiden dak
ûnder yn it gers op in holle ôfdracht
ûnder in hege massa fegetaasje
weitse op de wylde hoeke

it lange skaad fan de berch dêrjinsen
op koarte ôfstân
syn yndividuele hierline fan beammen
fyn en donker lâns de richel trutsen
tsjin it transparante loftljocht
skuorren en gatten yn ’e blauwe loft
en fealgiele skitteringen fan wolken
ferdwinend ûnder de oare side nei it suden

(Yn febrewaris 2008 ferskynt Jelle de Jongs dichtbondel ‘Ik ha fochten mei myn soan’ by de Koperative Utjowerij.Lês fierder