Simen de Jong

frijersgong

logo.ensafh

 

wat wol ik leaver as yn earmen fan in frou
dreame oer wêr’t ik weikaam út it neat
mar fierder moast
as mei widzjen langje nei in ivichheid
yn ’e sliep bedobbe ûnder waarme trou?

wekker wurde as stjerren raze yn ’e bûk
fan har ûnderwêzen skonken himelsk
en fierder wei
it balten fol ferwyt oer ierdske brekken
bêdzje yn it rûzjen fan de flecht temûk?

wêr oars leit myn wrede lot fan in frijersgong
as op de ein fan wêzen it swart gat
djip fierder sûcht
mei fertriet ferfolle en fol ferlet noch
d’ eale ein foar feint en faam in bokkesprong?… Lês fierder