Hakan Jörder

Manna

logo.ensafh

‘Hy hat moai sprutsen, fine jo ek net?’

‘Prachtich. Dit moat noait wer, sei er. In wier wurd.’

‘Ja. En dat de slachtoffers noait by ús wei binne, dat wie al sa moai sein.’

‘No! It is alle jierren wer like yndrukwekkend, fyn ik.’

‘Myn namme is Durksen. Us heit hat noch yn it ferset sitten.’

‘Eabeltsje Reitsma, goeie! Libbet jo heit ek noch?’

‘Nee, ús heit is oarlochsslachtoffer. Hy is yn ‘e neidagen fan ‘e oarloch omkaam.’

‘Al dy dappere minsken dy’t har libben foar ús frijheid jûn ha, wat is it wat. Hoe is jo heit stoarn?’

‘By in operaasje yn ‘e hongerwinter.… Lês fierder

Hakan Jörder

Duvelsrit yn de krystnacht

logo.ensafh

Wylst ik oer de sneldyk wiskje
Sjoch ik hommels rjochts in auto
Mei dêrop sa’n eachleas fiskje.

De bestjoerder gappet my nei
Ferjit syn hjerring, poan of blei.
Gjin idee wêrom’t er sa sjocht,
En by it talud op fljocht.

Ik tink noch: minsken, ’t is wol tryst
Samar dea, de deis foar kryst.
Dan jou ik gas, ferfetsje myn reis.
Myn kenteken is seis seis seis.… Lês fierder

Hakan Jörder

Net in rare trochgang

logo.ensafh

yn side 29 fan de nrc sit in tegelgrut gat
dwars troch de tafel hinne
in famke yn in swart T-shirt
sjocht mei iepen mûle
nei in wite knyn
of wa wit nei grize planten of sa
yn har swart mei wite tún
fjouwer pianofingerkes op ‘e foarholle
in haadletter S fan hier rjochts fan de skieding
(links foar de bûtengatske waarnimmer)
drapearre – ja sa liket it echt –
oer in skouder dat sêft wêze moat en waarm
sels yn dy swart-wite wrâld
oars kin ik ek wol oan allah leauwe
of oan swevende sinezen sûnder swiertekracht,
oan spontane generaasje of flugger as it ljocht
en om it gat hinne stiet skriuwen
oer dat it famke
skriuwt oer minne en mûning,
oer slange en ierde en oer
en oer snakken naar kruisbestuiving
ik mei net sa grut wêze
grutter as tegelgrut bin ik al
mar wie ik in wite knyn,
no, dan wist ik it wol… Lês fierder

Hakan Jörder

God is begroeven

logo.ensafh

God wie al dea
mar noch net begroeven
God wie al dea
lei te rotsjen
God is sa lang dea
ik haw him begroeven
mei syn praatsjes op in papierke
yn syn binnenbûse
want dy wienen fier út de tiid

Es gibt keine Maikäfer mehr

Ik haw op de fakatuere dien
ha myn testen ek trochstien
omdat de oaren sûgen wienen

De Koning is dood
Leve de Koning

Neues Gesetz 1
Die Schweinejagdsaison ist eröffnet.

Neues Gesetz 2
Dein Widerstand wird überwunden.

Neues Gesetz 3
Zögern ist ein Straftat

Der binne gjin wroechwjirmen mear

Alle wjirmen sitte djip yn ‘e grûn
en frette noch lang
oan dat taaie begroeven lyk fan God

Datum in Kraft: heute… Lês fierder