Ane Bote Jukema

jookje of dookje

logo.ensafh

 

myn freondinne
seit tsjin elkenien do,
behalve tsjin
de kening en keninginne

ik fyn dat wol moai

stadichoan
ha ik dat oernommen,
lykas safolle oare
dingen fan har

okkerdeis troffen wy
foar it earst
de 94-jierrige
renommearre keunstner
JanMurk de Vries,
by him thús

ik fielde my sa op myn gemak
oan de keukentafel
by it âlde, freonlike mantsje,
dat ik do tsjin him sei

it wie derút foar’t ik it yn de rekken hie
en ik hie daliks al spyt

ik skrok
doe’t myn freondinne,
dy’t elkenien doket
útsein de kening en keninginne,
JanMurk joke

letter sei se dat se jo sei
omdat hy jo sei
tsjin my

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Ane Bote Jukema

De groeispurt fan in lytse boer

logo.ensafh

It wie nachts trije oere doe’t Klomstra wekker waard fan in frjemd lûd. De boer kaam fan ’t bêd ôf, die de doar fan de keuken nei de skuorre iepen, die it ljocht dêr oan en doe seach er midden yn de skuorre in ûnbidich grutte man stean mei in pakje hea yn de hannen.

‘Wat moat dat dêre, bliksem!’

‘Goeie,’ sei de grutte man. Hy wie seker twa meter lang en hast in meter breed. ‘Ik woe in pakje hea fan jo keapje foar myn geit.’

‘Soa, midden yn de nacht?’ Klomstra wie sels mar in lyts, tin mantsje.

‘Ik miende dat boeren der altiten betiid ôf wienen, dat ik tocht: kom, ik weagje in skot.… Lês fierder

Ane Bote Jukema

Stjerdei

logo.ensafh

Bist no trije jier dea,
trije jier al wer,
noch mar.
Dy earste dei yn septimber
wie in grize dei.
Foar my wie de dei
swart,
lykas 1 septimber
1939
foar ús heit en dy.
De foarige jûns
hie ik fol fjoer praat oer boeken,
op myn lêsklubke,
net wittende dat de oare deis
myn muze
deagean soe.
De nacht dêrnei
stippe ik myn pinne
yn triennen.
It is no trije jier lyn:
de tiid fljocht
en krûpt
foarby.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Ane Bote Jukema

In sintsje

logo.ensafh

It wie in sombere dei
yn Boalsert,
griis en wiet en kâld,
wylst it stedsje
ornaris al
sa treasteleas is
yn de hjerst.
Lokkich
seach ik Beitske,
we fytsten elkoar foarby
op de Blaupoartsbrêge
en groeten elkoar.
Se striele
doe’t se my seach,
stiek de hân op
en rôp
myn namme,
as wie ik
har leafste.
Dat makke myn dei
wer goed.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder