Sigrid Kingma, Geart Tigchelaar, Rachel Plummer, Stewart Sanderson

Translation Showcase

logo.ensafh

Fan 7 oant en mei 11 maart wie it StAnza, Scotland’s International Poetry Festival yn St Andrews. Op saterdei 10 maart hawwe de beide Fryske dichters Sigrid Kingma en Geart Tigchelaar mei de Skotske dichters Rachel Plummer en Stewart Sanderson sawat de hiele dei ûnder betûfte lieding fan Tsead Bruinja en Robin MacKenzie oan it oersetten west. Elk hie foar de saneamde Translation Showcase twa gedichten ynstjoerd. Der wienen al konsept-ferzjes makke dy’t dy deis finetuned wurde soenen troch inoar te befreegjen en oan te setten om krekter op de tekst te kommen.
Dy gedichten waarden op snein 11 maart presintearre oan in ynteressearre publyk.… Lês fierder

Sigrid Kingma

In flot, spannend en aktueel ferhaleboek

logo.ensafh

Auck Peanstra kenne wy benammen fan de printeboeken, lykas de Tomke-searje, mar Peanstra hat har ferline simmer ris goed talein op de jongerein. Har nije ferhalebondel foar de leeftiid fan likernôch 11 oant 14 jier draacht de titel De boel op stelten. De bondel bestiet út achttjin losse ferhalen oer ferskillende bern dy’t bymekoar op de basisskoalle yn groep 8 sitte. Elts ferhaal is skreaun út in oar perspektyf wei en jonges krije likefaak as famkes in haadrol.

De opset fan de ferhalebondel docht tinken oan dy fan it boek De oerwinnings fan Tido Houtsma fan Tys Wadman. De kar foar koarte ferhalen is taktysk om’t koarte stikjes minder in berop dogge op konsentraasje en geduld.… Lês fierder

Sigrid Kingma

De foarstelling fan dyn libben

logo.ensafh

It aksjeboek foar bern is fan’t jier in oersetting en wol fan de populêre Caja Cazemier. Cazemier hat tsientallen titels op har namme stean. Har boek Vamp is yn 2008 bekroand troch de jonge sjuery. It gloednije jeugdboek Foarstelling is fuort nei de Nederlânske titel Echt spel ferskynd, oerset troch Ans Wallinga. It boek is werkenber as ien fan Cazemier troch de probleemtema’s dy’t mei in soad ynlibbing en spanning útwurke binne, mar noch mear troch it oansprekkende hardcover kaft. It giet oer de fyftjinjierrige Roos dy’t krekt te hearren krijt dat har âlden útinoar geane en de sechstjinjierrige Joppe dy’t it dreech hat mei it fertriet om syn ferstoarne mem.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Dit is it gedicht dat poëzij net maklik makket

logo.ensafh

De namme Elske Kampen kaam ik yn 2006 foar it earst tsjin yn de dichtbondel foar de foardraachkriich FeRstival. Ien dy’t in fers fan Kampen útkeas, waard fuort as grutte konkurrint besjoen. Oan sa’n namme hong in kaartsje, lykas oan Tiny Mulder. De gedichten lizze goed yn it gehoar en slute oan by de libbenswrâld fan jongerein. Oant no ta binne njoggen fan har gedichten foar it FeRstival brûkt en dêrfan steane twa yn de nij ferskynde bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. In twatalige bondel, dêr’t ek fiif fan har earder ferskynde Nederlânsktalige gedichten op ’e nij in plakje yn krigen ha.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Sicht op de klaai

logo.ensafh

it tuorke fan de tsjerke stekt troch de beammen
net dy tsjerke fan de mummys
net elke oare tsjerke dy’t sprekken lije mei
gewoan in tsjerke mei in steal beammen
der giet in paadsje hinne mar ik kin der net yn.
op ’e kleasterdyk is it útsjoch oer it klaailân fier
soe Piter Wilkens hjir oer sjonge?
ik dûbelklik op de wei en spring foarút
werhelje dat springen oant ik in krusing tsjinkom
Wiuwert wurdt oanjûn mar ik wurd bedondere
read-wyt-blauflachjes brekke it lanlik oansjoch
Sinteklaas stiet te spytgnyskjen yn de sinne
hy keart my, ik mei de buorren net yn
in linige draai nei rjochts lit my boatsjes sjen
och, der is wetter, mar dat mei gjin namme ha
ik skrol in stikje, de hûzen wurde lytser
it gers wurdt griener
der komme lytse letters boppe de greide te stean
je sille der mar wenje
ik skrol oant ik Mantgum sjoch
52 minuten rinnen seit de sidebar
ik bin út de rie en slút it finster
de navigaasje moat mar mei… Lês fierder

Sigrid Kingma

Tiid, myn maat

logo.ensafh

Lit my in fisk wêze
en net fersûpe
yn it protsje tiid dat ik ha
in fûgel, in fûgel oars!
en fleane, de hiele dei
mei it oersjoch oer de wei
mei de tiid mei

Dat protsje tiid
it hat my te pakken
ik sit yn it tsjuster
sûnder te witen
fan ‘t ferfleanen fan ferrin
hoe lang oft dit noch duorret
Blyn..
Wit immen hoe let it is?… Lês fierder