Ap Kivinen, Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper

De nacht fan de katten / Kissojen yö

logo.ensafh

1.
de stêd is play off –arena
nei middernacht
power play, hoefolle mear ekstra tiid

learzens mei hakken klopje
froulju spylje
harren ritueel
derefter harren susters
minsklik skyld op it marktplein

ik moat it by my hawwe
myn mojo
sa gau’t ik it yn ’e hannen ha
fiel ik my feilich

koplamp fan de nachthimel, beljochtet
it haadstrjittesyndroom, cul-de-sac
hagediskening bewiist dat
de einleaze finale sprint ûndraachlik is

hoe bot wurd ik rekke
troch de sjirurgen, gitaarspilers, timmermanshannen
moat in nije sensaasje hawwe

2.
nim myn legere skoallementaliteit mei
nei de nachtklup
nimmen harket
wachtsje op harren beurt
efter de doar mjukst immen
de tongen
flugger
in binde yn ’e rige, wurd nerveus
fluch
kappe no, jim gekken
swierrichheden by it oanlûken
it koarjen en stinnen op it húske
krekt as by gymapparaten
dêr’t de oar it ritueel útfiert
mear freedsum
yn it skaad rôlet immen
it krûd
tusken bibeltinne pagina’s
ôffier is ferstoppe, floed oer de flier
gjin etikette, gjin voucher
lit ús passyf wêze as de bliksem
hjir is de foai
fan de skjinmakker fan dizze binde
lit ús nei myn plak gean
om stúdzje te meitsjen fan de metamorfoaze
en de foarm fan de amoebe

3.… Lês fierder