Jan Kooistra

Wolken

logo.ensafh

se bleau ynienen stean
en ûnderbruts myn wurden
pakte mei har hân myn earm
en wiisde wite hingelwolken oan
sei: wat in skientme net?

mar ik tocht
wylst ik nei dy loften seach
och dy wolken helje ‘t net
by de skientme dy’t ik yn
har eagen sjoch

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jan Kooistra

Wake-up call

logo.ensafh

ik soe wol mei dy frije wolle
mar leaver noch
wol ik wekker wurde njonken dy
mei myn hân op dyn búk en myn noas
yn dyn hier en lústerje
nei it sêfte rûzjen fan dyn amme
en dan dyn eagen iepen tútsje en
en ûnderwilens opgean yn de
slieprook fan dyn liif en lea
om dan yn gedachten dy wer
út te klaaien
en flústerje yn dyn ear
ik soe wol mei dy frije wolle

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder