Jaap Krol

Krollum | Gea en Diana

logo.ensafh

De measte froulju skoppe it net fier. Se winne gjin Nobelprizen, se binne gjin direkteur, se wurde gjin minister-presidint. Faak wurdt der dan sein dat it foar de frou sa dreech is om har steande te hâlden yn de mannewrâld. Dat is it typyske Cisca Dresselhuys-argumint: as it yn Opzij stiet, is it altyd wier. Mar sa’t ik al sei: it is net sa. As jo graach Opzij lêze, ried ik jo oan it fansiden te lizzen en ris te sjen nei Groeten uit Hoogkerk, foarhinne Groeten uit Appelscha. Faak binne Lucas en Gea en/of Christiaan en Diana der as gast en sjonge se in ferske.… Lês fierder

Jaap Krol

Krollum | Foto’s

logo.ensafh

Yn septimber bin ik nei Noorderlicht west, de jierlikse fotomanifestaasje yn Grins. De measte minsken hawwe wol wat mei foto’s; ik dus net minder. Yn Der Aa-kerk hongen portretten, lânskippen en stúdzjes dy’t allegear wat sizze woene oer ús tiid.

Foto’s hawwe in nuver effekt op de sjogger: hoewol’t de byldtaal meastentiids hiel werkenber is, is de ôfbylding meastal sa betocht as it mar kin. In foto is ien en al manipulaasje: kleur, ljocht en dekor binne meastal bewurke, de ynhâld is suggestyf of it tema is bytiden folslein út syn ferbân helle. Mar it besjen fan in goeie foto is dêrom net minder moai.… Lês fierder