Rein de Lange

Surrogaattee 

logo.ensafh

 

 

De kachel jout súntsjes decimberwaarmte frij,
kâlde rein tikket in treurich sankje,
de tichte kleden ûntnimme elts klear sicht.

Ik sit yn de hurde stoel der’t heit
ea de wrâld oerseach. mem mei
mimerjende wurden surrogaattee skonk.

No’t it oerstallige ynpakt is, leit de kalinder
ûnûntkomber it lêste momint fêst.
sil it ljocht op ’e nij feroarje.… Lês fierder

Rein de Lange

Troubrek 

logo.ensafh

 

 

op ’e tafel stean de restanten fan ferwyt
en petearen fol lege glêzen
gjalpje kristalhelder it ûnbegryp

wurden kinne rare kringels meitsje
do hearst wat ik n​et sis, boetsearrest
in wier ferhaal bûten my om

dyn swijen seurt noch wat
mar smyt dan myn namme
resolút út dyn suver bestean… Lês fierder

Rein de Lange

sûndfloed

logo.ensafh

 

myn ûntbleate wurden
ferljochtsje skrutele skaden
yn de delfal fonkelet langstme

en boppe de net beslepte lekkens
driuwt muskusrook swiet yn it rûn
ik haw ferlet fan in suvering

dy’t yllúzjes rou fertarret
en yn in oerstallige sûndfloed
sabeare ûnthjitten ferdrinke lit… Lês fierder

Rein de Lange

foarmen fan letter

logo.ensafh

 

op it lege strân hearde ik in bern
laitsjen, ús soantsje smiet wer
boartlik in bal omheech

do kaamst derby
sloechst dyn earm
leafdefol om my hinne

ik seach dyn langst
de jonge dy’t dyn oanwêzigens
net opmurk, rekke betize

yn it letter dat wy sels foarme hiene
in fersplintere libben
elk op syn eigen paad… Lês fierder

Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden
en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht
bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge

myn hert trillet my dyn djipste lusten ta
ik rûk oan dyn shirt
it hat dyn hûd noch net ferjitten… Lês fierder

Rein de Lange

sms

logo.ensafh

sy iepenet himel en ôfstân
loft draacht lyts har wurden
satelyt nei satelyt

toan fan ferbining
sykje ik gau it boadskip
by keunstmjittich swartljocht

ik ferskik ûngemurken
myn besette hert rjochting har
azemje in oare waarmte

fan it yntime momint
dat sy oan my tinkt; har fingers
op myn namme; sa tichtby… Lês fierder