Henk Liauckema

Chantal

logo.ensafh

Pisroken hingje yn ’e romte, minsken ûnderút yn stoel of bank, stoareagjend.
De tillevyzje bringt wrâldkampioenskippen atletyk yn China en leven
yn ‘e brouwerij. In man, hy hat de mûle skeef, skoddet op en del
mar net op ‘e maat fan de muzyk, nee nergens op eins.

Klanken út Peking en it ge-âl út âlde mûlen biede hieltyd lûder
by inoar op en wa’t it te mâl docht moat in keamer fierder. Dêr
leit al in kollega-kliënt mei de mûle op en de eagen iepen achteroer
nei de souder keard wylst de medisinen wurkje.

Dan swaaie de doarren iepen. Rook skoot op.… Lês fierder

Henk Liauckema

Wuive

logo.ensafh

dêr stienen se te swaaien se wuifden ús út allemacht út
ús heit en mem op it paad fan ’e tún mei sa’n tachtich
sentimeter tusken harren dy’t net mear oer te kommen
út te hâlden of te bestreakjen wienen mei fingers of mei wurden

sy swaaide: it soe ommers altyd sa bliuwe dat ien fan ’e bern kaam
en wer fuortried en hieltyd minder, al mar grizer en alles dizenich
mar heit en mem it âlde hûs it spoargat en alle bruorren en susters
dy bleauwen dy gienen har noait mear út de holle wei.

krekt noch hie se dronken út it kopke mei it stikje derút
it leppeltsje brûkt mei de toer fan it doarp dêr’t se de lêste skoften
faker tahâlde samar wer sûker nei in heal libben sûnder
oan en ta en om ‘e nocht hinne en wer rûn mei it bonbonskaaltsje

noch fan har trouwen by har kasten lâns it kabinet mei de foto’s fan in ferline
dat him út hieltyd mear hollen weiwine sil se hat der gjin weet fan
mar it is de lêste kear en ôfskie nimme kin se net fan it kopke en it leppeltsje
en de ôfwaskkwaste de pylders fan har tsjintwurdige tiid

fannacht lizze se op har eigen matras ûnder har tekkens mei de lekkens
dy’t se útsocht en kocht by sûp en stút it folle ferstân gjin stekje los doe
neist de man leit se dy’t se útsocht by sûp en stút en it folle ferstân
se sille tegearre sykhelje de sliep fan de skuldeleazen sil se sliepe

en se sille tegearre wekker wurde, waskje en wachtsje
oant it safier is, oant se it túnpaad deltoffelje sil wa wit sizze se oant straks
gehoarsum yn it buske stapt en swaait nei de man op it paadsje
se wit it net, mar se wuift foar it lêst nei har tún, nei har hûs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder