H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (V)

logo.ensafh

V. De Ferskrikking fan de Oarloch

Party minsken ha oer ferskuorrende saken ferteld dy’t bard binne op de slachfjilden fan de Earste Wrâldkriich en net neamd wurde yn publikaasjes. Fan guon dêrfan rekke ik fan it sintrum, oaren makken my deaberoerd, wylst noch oaren my rydboskje lieten en derfoar soargen dat ik yn it tsjuster efterom seach; hawar, nettsjinsteande de slimste ferhalen, tink ik dat iksels de meast yslike saak fan allegear fertelle kin – de skokkende, de ûnnatuerlike, de net te leauwen ferskrikking dy’t út it tsjuster weikaam.
Yn 1915 wie ik in dokter mei de rang fan earste luitenant yn in Kanadeesk rezjimint yn Flaanderlân, ien fan in grut tal Amerikanen dy’t har earder as de oerheid sels mongen yn de ûnbidige striid.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (IV)

logo.ensafh

IV. De Skreau fan de Deaden

De skreau fan in deade man soarge foar myn heftige en groeiende eangst foar Dr. Herbert West, dy’t my yn de lettere jierren fan ús freonskip efternei siet. Fan natuere sil soks as de gjalp fan in deade man jin ôfgrizen jaan, want it is fansels net in noflik of faak foarkommend barren; mar ik hie soartgelikense ûnderfinings faker meimakke, dat ik hie der op dit stuit allinne lijen fan troch in beskate omstannichheid. En, sa’t ik ymplisearre ha, waard ik net bang fan de deade man sels.
Herbert West, dêr’t ik de kompaan en assistint fan wie, beskikte oer wittenskiplike ynteresses dy’t folle fierder gongen as de gewoanlike rûtines fan in doarpsdokter.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (III)

logo.ensafh

III. Seis Skotten Om Midsnacht

It is frij ûngewoan om alle seis kûgels fan in revolver tagelyk ôf te fjurjen as ien skot wierskynlik genôch wêze soe, mar in soad saken yn it libben fan Herbert West wiene ûngewoan. It komt, bygelyks, net faak foar dat in jonge, krekt ôfstudearre dokter de grûnen dêr’t er de lokaasje fan syn praktyk en hûs op selektearret, ferbergje moat, mar dat wie it gefal by Herbert West. Doe’t hy en ik ús bul krigen fan de medyske fakulteit fan de Miskatonic Universiteit, en besochten om ús earmoede te ferlichtsjen troch in dokterspraktyk op te setten, diene wy ús bêst om net te fertellen dat we it hûs keazen hiene fanwege de frij isolearre lizzing en om’t it tichteby it begraafplak foar de earmelju stie.… Lês fierder

H.P. Lovecraft, Trevor Scarse

Herbert West—Reanimator (I en II)

logo.ensafh

I. Ut de tsjusternis wei

Oer Herbert West, dy’t myn freon wie op ’e universiteit en dêrnei, kin ik allinne mei ekstreme freze fertelle. Dizze eangst komt net allinne troch de sinistere wize dêr’t er koartlyn op ferdwûn is, mar waard opwekke troch de hiele aard fan syn libbenswurk. It krige syn heftige foarm mear as santjin jier lyn, doe’t wy yn it tredde jier sieten fan ús stúdzje medisinen oan de Miskatonic Universiteit yn Arkham. Yn de tiid dat er by my wie, fassinearren de wûnderaardichheden en duvelskeunsten fan syn eksperiminten my sûnder ein, en wie ik syn neiste kompanjon.… Lês fierder