Sigrid Kingma

Kingma versus Oppewal oer sirkwy.nl

logo.ensafh

Reaksje op de earste reaksje fan Teake Oppewal

Help de literatuer, help de skriuwer!

No koenen der twa dingen barre. Of ik krij gjin reaksje op it stik, óf it wurd hielendal ôfbaarnd. Teake Oppewal sil wol tocht hawwe: wat soe sa’n snotaap no, ús projekt de grûn yntraapje wylst wy dêr moannen oan wurke hawwe. Hy moat poer west hawwe want syn reaksje is langer as ús stikje sels. Ik hie dochs wol wat mear in wjerwurd ferwachte. It is eins in frij swak stik as ik dat sa sizze mei. Oppewal fettet ús stikje gear mei de sin: “It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.”… Lês fierder