Aggie van der Meer

Op ’e brêge

logo.ensafh

Hy stie der alle sneinen: Jan Sikma. Op ‘e brêge. Sjekje op ‘e ûnderlippe, fiskangel yn ’e hân. Praterich wie er net, hy wie mear ien fan stadich libjen.

Kaam it troch it fiskjen of fiske er omdat er sa stadich wie?

Hy soe it net witte. Wetter hat dy gau yn ‘e greep. Wetter mei alles wat der yn huzet. En dat is hiel wat mear as je earst tinke. Wetter kin je bot ferrifelje. Der binne dagen, wat wynderich waar, net kâld, gjin fisk dy’t bite wol, dan dreamt er samar in ein fuort. Hy giet op himsels ôf.… Lês fierder

Aggie van der Meer

Twadde snein fan de advint

logo.ensafh

De sneinen dêr’t Aggie Van der Meer in gedicht út foarlêst, sil op 2 desimber útkomme. De bondel bestiet út 52 gedichten. Oer alle sneinen ien. Oer it ûntstean fan de gedichten seit de skriuwster: ‘Ik rin dan de dyk út, prakkesearje fan alles byelkoar, sjoch wêr’t se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te kommen en ferwurkje dat deryn as it ferrassend genôch moai by de prakkesaasjes oanslút.’
Earne yn de iere maitiid fan 2013 sil nei oanlieding fan de bondel hooplik in muzykteaterstik presintearre wurde.

Klik hjir foar de tekst yn pdf
Klik hjir foar de foardracht

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Aggie van der Meer

De susters

logo.ensafh

Freda wie troch wat oars yn beslach nommen as de wenstige ûnfrede, dy’t al jierren yn bittere wurden in útwei socht. As har suster werkende se alle fariaasjes: hoe’t se de jas oanluts en de doar útgie, dramatys, ferûngelike of mei in swymke spot; hoe’t se der soms sûnder wat te sizzen tuskenút struts en yn gjin oeren wer werom komme soe; hoe ûnferskillich se it wurk die of mei in soad gebear; de manier dêr’t se op siet, de hichte dêr’t se op prate Gjinien dêrfan wie har frjemd. Se wienen sa mei elkoar fergroeid dat de iene alle lytse feroaringen yn it gedrach fan de oare, net allinnich opmerke soe, mar ek fiele.… Lês fierder

Aggie van der Meer

Underweis nei Den Haach

logo.ensafh

Achter syn holle: Babel, fingers dy’t wize. Yn gjin fjilden en wegen Van Brunswijk.
De spegel liicht net.
Hy skuort it servet foarwei, faget de lêste brij fan ‘e mûle.
Gjinien hat syn swypke, syn tinnen soldaatsjes en lykas de oaren slacht ek sy syn ôfkomst net acht.

Sy sil him rêde. Sy knipt mei de fingers en in hiele armee stiet klear.
Hy wol gjin armee. Hy wol op bêd. Sil sy..? Nee, moai oanbean, mar net ien mei hannelswaar ûnder de rokken. Ek goed, pannen genôch oer it fjoer.
Hy sil dochs wol witte…? Ja, ja, de siederij kin gjin útstel ferneare.… Lês fierder