Andries Miedema

Untdekkingen / Skûlhoekjes

logo.ensafh

Niis hearde ik op it nijs, dat de keunstner Armando ferstoarn is. Tafallich lies ik wat wiken lyn fan him it boek “Armando, de haperende schepping”. Yn dit boek fan 140 siden stean sa’n tachtich stikjes proaza. Troch syn aparte styl in aardichheid om te lêzen. Ik koe it net litte en set 24 fan dy stikjes op rym. Hjir binne dêr twa fan.

Andries Miedema

 

Untdekkingen

Foar’t er ûntdutsen wie wied er der al,
de ierde, tûmeljend wat om yn de romte
en net rjochtút mar yn ’e kromte
hy krige in himel, kaam doe yn ’t hielal.

Op ierde groeiden planten en bisten,
ek hite stiennen en wolkebanen.… Lês fierder

Andries Miedema

Havendei

logo.ensafh

De havenstêd yn iere skimer
wurdt wekker yn it earste lûd,
beweging fan ’e hege floed
driuwt stomers nei de fierste kimen.

Troch de strjitten garje weinen
files foar it grut beweech
fan minsk’ en lading en de seinen
read op grien en jachtich heech.

Thúsreis fan ’e fiskersfloaten
de sinne yn ’t foar de fangst al wûn.
De takelkranen oer de boaten
stjoere ladingen nei ’t rûm.

De ûnstjoerstêd, ’t havenkertier
mei kroegen, wurkfolk, lichte roazen,
swiere jonges, fleur en tier,
gaos as yn Pandoara’s doaze.

De wylde dei, te koart en gysten,
mei net ferlieze want de nacht
oersjocht op strange siferlisten
gong en tiid fan tonnen fracht.… Lês fierder

Andries Miedema

Frjentsjer 1947

logo.ensafh

Degelik klaaid yn swier mansjester pakken
swart as de loaits stoareagjend oer de dyk,
seach ik as bern de swiere karre rôljen
fan it iene nei it oare geasteryk.

Twa stjoerden deistich itselde rjochte paad
en trije oan in raffelich tou derfoar.
De broeder ek ferlern yn tsjustere tinzen
yn trage gong oant fan it gesticht de doar.

De lichte fracht te lyts foar grutte mannen
en nei in hoartsje leech it paad werom.
It mâle waar as passend yn ’e sêne
fan de groteske gong nei hel of hillichdom.… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Feest

logo.ensafh

Foar ’t feest wienen de sealen toaid,
de kelders iepen, de waaiers ûntploaid;
eat moaiers wie nea toand.
Mar no’t de ein komt fan ’t gelach
rop ik fan wee en ach.
Wee en ei,
om’t it net fierder troch giet
en net foar ivich bestiet.
It wurdt hast dei.

Fjouwer bokalen stienen dêr’t ik sûpte,
sieten noch trije drinkers,
tinkend oan gjin dei.
Doe’t it ljocht de seal yn slûpte,
kaam de duvel ús nei,
helle al de skinkers
en de nacht stiet op ’e weach.
‘t Waard noch letter;
oan ’e beek lis ik, drink wetter
en de lêste maat fan my
dy’t myn skande seach
wol te wurkjen op syn ikker
want de wrâld wurdt wekker
en heart oan de dei.… Lês fierder

J.J. Slauerhoff, Andries Miedema

De wurge soldaat

logo.ensafh

Efter hagen lâns de leane
dat se yn feestgewant dêr steane,
de tsjeppe froulju dy’t ik mij;
ferdiele meie se myn soldij.

’k Earje de hillige marren net mear,
ek let foar my jûns net de gong,
dy’t otter draacht fan ’t kweade sear
en krekt de dea ûntsprong.

Mar oan myn knibbel komme bern en hâlde
yn lytse hantsjes grutte skealen wyn.
Och, lit ik drinke, dreamend fan harren hâlde,
en nea soldaat wer wêze, ’t is ferlyn!

(Nei Sji King)

(Oersetting: Andries Miedema)

It gedicht komt út Slauerhoff syn bondel Yoeng Poe Tsjoeng.

Foaropwurd fan Slauerhoff by de bondel:

‘De fersen fan dizze samling binne út it Frânsk, Dútsk, Ingelsk, of streekrjocht út it Sineeske libben en lânskip oerbrocht mei foarbygean fan siden gewaden, roazen, moanneglâns, dy’t sa oerfloedich yn oare fûn wurde, mei in foarkar foar de bitterheid fan it libben, yn Sina oerfloediger fûn en mei mear nochterens beliden as by ús.… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Marsliet

logo.ensafh

Soldaat, wy ha in hechte bân,
myn neiste yn ’t gelid;
wy hawwe hûn noch krie, ha neat,
gjin frou, in gâns ferlitten steat,
in hierling hat gjin heitelân,
wy rinne yn ’t gelid.

Soldaat, do bist myn kammeraat,
de fijân siket tige;
ferskeatst dyn lêste pylk te wyld,
dan sikest skûl ûnder myn skyld.
Soldaat, do bist myn kammeraat,
myn neiste yn ’e rige.

Soldaat, do bliuwst myn kammeraat,
binne ús bonken wyt, ik wit
de moanne skynt giel op ús del,
in aap sa no en dan skreaut skel;
wy bliuwe nei de dea soldaat,
op ’t slachtfjild yn ’t gelid.… Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ‘t grien ûntnaam fan ’e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ’t klokkelieden.

Ut ’t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ‘t libben fierde,
oereage ‘t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ’t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ’t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ’t fermidden mei ús plannen
en ’t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder