Teake Oppewal

‘Skrjo eksakt op wat ik sees’

logo.ensafh

Freed 21 febrewaris hie ik de eare meidwaan te meien oan it Grut Frysk Diktee fan Skanomodu, de stúdzjeferiening Frysk yn Grins. It wie in noflik barren. Henk Wolf hie in prachtige tekst makke, mei oan de ein in knappe fynst dy’t op mear manieren skreaun wurde koe. Der wie foar my gjin eare te heljen, oars: te folle flaters op it mêd fan kapitalen, keppeltekens, apostroffen en spaasjes. En ek in oantal tsjin de regels fan de Fryske stavering, ik jou it daliks ta.

By de ynstruksjes foardat it diktearjen begûn waard ik al even kjel. ‘Skrjo eksakt op wat ik sees,’ sei Henk, en dêr achteroan: ‘Doch dat neffens de offisjele stavering.’ Hoe no?… Lês fierder

Teake Oppewal

In Memoriam Tsjêbbe Hettinga: De swartlakte tilbry rydt troch

logo.ensafh

It ferstjerren fan Tsjêbbe Hettinga is in grut ferlies foar de Fryske dichtkeunst, foar Fryslân en foar Nederlân. Foar dy’t him as heit, as broer, as freon, as meispiler yn in band kend ha is it ferlies ûnwittend grutter – dêr kin ik net oer skriuwe. Tsjêbbe hâlde wurk en privee sa folle mooglik apart. It gie om syn wurk, net om syn persoan. O wee de mediaman dy’t in fraachpetear mei him ha woe en skine liet dat er syn wurk net lêzen hie! Sagau’t er ûnechtens by de media opmurk wie it ho. By syn twadde kear op Poetry yn Rotterdam hie de Ljouwerter Krante in fotograaf dêre opdracht jûn in foto fan it optreden te meitsjen.… Lês fierder

Piter Boersma

Skriuwers oan it wurd op Skriuwerswykein

logo.ensafh

Op 5 novimber 2011 waard yn Riis yn Hotel Gaasterlân in Skriuwersbounwykein hâlden. Seis skriuwers wiene útnoege om wat oer harren skriuwerij te sizzen mei as tema ‘Ynhâld en ynspriraasje’. Trije – Greet Andringa, Hein Jaap Hilarides en Margryt Poortstra – hawwe wat se dêr sein ha sels op skrift steld. Fan wat de oare trije – Hidde Boersma, Koos Tiemersma en Akky van der Veer – nei foaren brocht ha (en de neipetearen) is troch Teake Oppewal fan Tresoar in ferslach opmakke (ek it neipetear by it stik fan Hein Jaap Hilarides). Alle seis stikken binne foar pleatsing op dizze ôflevering fan Ensafh beskikber steld.… Lês fierder

Teake Oppewal

De Nije biblioteek en de merk antikwarysk beskikbere Fryske boeken -update

logo.ensafh

Earste reaksje (pleatst op 16-05-2010)

De bydrage fan Sigrid Kingma en in groep oare studinten oan ensafh op 30 april 2010 oer de Nije biblioteek ropt de nijsgjirrige fraach op oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it printing-on-demand-konsept (pod) fan de Nije biblioteek. De toan fan it stik is wolwollend-skeptysk.

Tagelyk fernimt men de wrakseling mei de lytsens fan de Fryske wrâld. It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.… Lês fierder

Teake Oppewal

De 100 mooiste Friese gedichten

logo.ensafh

Justermiddei is by Omrop Fryslân de blomlêzing oanbean fan Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker mei boppeneamde titel. Ik wol fuortendaliks in pear yndrukken kwyt.

Unferwachte seleksje
Yn it foaropwurd lizze Bilker en Meerburg hiel dúdlik út dat de seleksje har eigen subjektive kar is. Krekt omdat der al in oantal ‘represintative’ blomlêzingen binne, benammen de Spiegel en Dream yn blauwe reinjas, is der romte foar in seleksje op basis fan eigen smaak, stelle de gearstalsters. It resultaat is in ferrassing: Fiifentachtich fersen binne fan de lêste tweintich jier. Dat is wol in hiel ûnhistoaryske smaak foar poëzij! Soene de dames as it giet om (pop)muzyk, arkitektuer, film of skilderkeunst ek sa’n smaak ha?… Lês fierder