Friduwih Riemersma

De ûnmooglikheid fan learen

logo.ensafh

De romans fan Sjieuwe Borger falle op troch de gewoane minsken mei gewoane doelen en misjes. Gjin machtige kontininten wurde ûntdutsen, gjin eksistinsjele ekstremen wurde ferkend. Gjin bûtenierdske útstapkes wurde oangean, of it moast al wêze fia geastferromjende middelen. Dat Borgers eardere romans allegearre yn it akademyske fermidden spilen, sa’t de efterflap fan Eksamenjier suggerearret, is in fersin fan inkelde letters, – it giet om in alkoholysk miljeu. Sa ek de fierde roman, Eksamenjier, dy’t in klupke lêstejiers gymnasiasten en ateneumklanten folget. Net har hegere sosjaalekonomyske status, mei de dêrby hearende gruttere drankkonsumpsje, meitsje harren spesjaal. Dat docht harren minsklikheid dy’t Borger, mei syn oanhâldend optimistyske minskbyld en mei licht ferwizen nei de humanist Catullus, yn al syn teatraliteit delset.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Cli-fi

logo.ensafh

De twa advizen kamen tagelyk. “Wat no selssensuer,” sei myn buorfrou. “Gewoan mei dyn fingers djip yn dyn earen it boadskip fersprieden bliuwe.” Myn klacht gie oer de meilydsume op my rjochte blikken sadree’t ik oer de klimaatferoaring begjin, want wa leaut dêr no yn. It is myte, paranoïde fiksje, the dogma of the doomsters. Op itselde stuit krige ik in sms-ke oer it klimaat: “Langst en leafde binne altyd sterker.” Mei de fingers yn de earen, fette ik foar de buorfrou gear, it boadskip fan leafde ferspriede om de wrâld te rêden -wêr ha wy dat earder heard? De útlis dat de wrâld fleurich ôfwachtet om’t it de lêste dei ferwachtet net as ûndergong mar as rêding en dat de wrâld te rêden fan dy rêding absurd is, is wilens in klisjee.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

logo.ensafh

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

De Fryske Akademy hat op har Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing (http://www.fryske-akademy.nl/nl/taalwebfrysk-faq/), ûnder it kopke: ‘Hoefolle feroaret it wurdbyld troch de staveringsoanpassing?’ in opmerklike útlitting dien. “De wurden (ynklusyf gearstallingen en ôfliedingen) dy’t wizigje, meitsje wat frekwinsje oanbelanget mei-inoar 0,07% út fan [it totaal fan] 8 miljoen wurden.” Ik haw dêr hurd om lake, hoewol’t gûle miskien mear op syn plak west hie: it wie in tige kontraproduktive foarm fan gerêststellende retoryk.

Pieter Breuker hat yn syn artikel “Trije jier ‘stúdzje’, € 378.000 subsydzje en dan dit (IV). Sitaat foar de sneintejûn: Lies, damned lies, and statistics” al it ien en oar opmurken oer it polityk tapassen fan statistyk.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Rive Gauche

logo.ensafh

Flak om de hoeke fan de dekadinte Brouwersgrêft lei in meterslange rige boeken klear om mei te nimmen. It soene wol krimi’s wêze tocht ik, dêr kinne de paupers út de efterstrjitsjes noch wat fan leare, noblesse oblige – en ik fytste troch. Op de weromreis in oere letter blykte der tusken de grutte gatten yn de rige yndie noch in Martin Koomen te lizzen. At it ek misdieden telde wit ik net want ik seach it net yn, mar de titel wie De literaten fan de linkerkant: Ingelsktalige skriuwers yn Parys – mei trije literêre ferkenningstochten. Letter soene de titels fan krimiskriuwer Koomen folle koarter wurde, lykas Moard yn de Walboarch en Haachske blabber, mar doe wie it noch 1983.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Hitens

logo.ensafh

Myn buorman seach my oer de râne fan syn balkon fronseljend oan: “Wa lêst no in boek mei dit waar? Is de krante net genôch?” Doe’t yn 1988 it Amerikaanske oarlochsskip USS Vincennes in Iraanske boargerfleanmasine út de loft skeat wenne ik yn Itaalje en oer it hite julywaar hong de politike hitens en ik lies my troch Iris Murdoch har broeiïge The black prince hinne. Oan ’e ein fan dat boek wist ik alles fan de spjalt tusken de keunst en de wrâld, fan de yllúzje fan realisme en fan taal dy’t makke is om ûnechtens oer te dragen en dat dat neat útmakket: “Dy ûnwierheid droech teminsten belangrike ynformaasje oer.” Wilens wie Amerikaanske ferantwurdlikens foar de fleanmasineramp útbleaun, want de wierheid soe wêze dat de Iraniërs om de Amerikanen te pleagjen in fleanmasine op harren ôf stjoerd hiene fol mei neakene liken.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Loftich simmerboek

logo.ensafh

De nonfiksje simmerferhalen binne der wer! Glenn Greenwalds boek oer Snowden en de NSA, Monica Lewinsky har Vanity Fair-ferhaal oer har relaasje mei de machtichste man fan de wrâld en it manuskript fan Martin Bosma oer Mandela dat oeral sirkulearret diele it tema fan de underdog dy’t it – al as net by ûngelok – opnimt tsjin de macht, it rjocht en it gelyk. De wrâld fan de machteleaze inkeling is ien fan ûnkomplisearre sosjaal ûnrjocht en dêryn hawwe syn eigen hannelings nea ferkearde konsekwinsjes. Mar, hoe wiis at ik ek bin mei myn steapeltsje simmerlektuer, it makket myn âlde fraach aktueel: wêr bliuwt it boek fan presidint Pûtin?… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Boekewikegeskink

logo.ensafh

“No is der ris in wiere skriuwer-reizger-histoarikus ree om in essee te skriuwen foar it boekewiketema reizgjen,” klage myn dochter, “en wat krije wy: in deiboek ynstee fan essee.” It tema reizgjen wie ek wol wat ûngelokkich, betocht ik, at der op de dei dat de boekewike begjint in hiele fleanmasine mei 239 reizgers spoarleas ferdwynt. “Wat ik noch minder begryp is wat de boekewike wol mei Wieringa,” sei myn dochter. “Wat wol de boekewike überhaupt! Yn 2011 hie de boekewike it doel om de rol fan it boek yn de maatskippij te fersterkjen. Mar wat is sa’n doel wurdich as se nea evaluearje at it berikt is.” It doel wie lang net smart genôch steld om evaluearber te wêzen, tocht ik.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Polare

logo.ensafh

“Boekekeatling Polare is hast fallyt!” seinen ferskate minsken dy’t lykas ik graach lêze. “Hoe moat it no?” Mear as dat opnij in protte wurknimmers in útkearing oanfreegje moatte sille, koe ik dêr net op antwurdzje. De boekferkeap rint werom, dat is wier, mar at it om de ferkeap giet is it net mear as in lytsboargerlik probleem dêr’t ik my as lêzer fan literatuer net drok om meitsje kin. “Mar hoe moat it no?” frege in oanhâlder. Tsja. Ut de opkomst fan de roman, in pear ieuwen lyn, bliek de triomf fan de boergeoisy en it kapitalisme en no toant it kapitalisme wer ris syn ynstabiliteit.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Lêze foar jins nocht

logo.ensafh

“Kinne wy no net gewoan lêze foar ús nocht?” frege in lêzer fan ús lêsrûnte.

Jawis, it kin sels net oars as mei nocht; by ús thús jildt foar lêzen de seksregel fan nea tsjin it sin. Dat haw ik net sein want it is in fatsoenlike lêsrûnte en boppedat wie it in retoaryske fraach, mar ik lies yn de deselde lêsrûnte en yn itselde boek wol foar myn nocht.

Sa ienfâldich as de politike gjalp reading for pleasure – in opmerklik ûn-Amerikaanske ferwizing nei pornografy – suggerearret, is lêze foar jins nocht dus net. Net allinnich bestiet der by it lêzen net in algemien nocht fersus gjin-nocht lykas by de belestingoanjefte.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Wat myn boeken oer my sizze

logo.ensafh

Der soe in protte besite komme, minsken dy’t hjir lang net west hienen en oaren dy’t hjir foar it earst kamen. De bern setten op myn ynstruksje in rige stuollen mei de rêch nei de boekekast. Krekt neidat se it resultaat seagen fregen se wêrom: “Meie se de boeken net sjen?” “Miskien better fan net,” sei ik. Minsken tinke faak dat ien syn boekekast wat oer syn of har persoanlikheid seit. Oan plankeferbettering haw ik noait wat dien. Mar ik wol net dat myn freonen yn noed sitte oer my. Net sa lang lyn wie kunde mei my de keuken yn rûn en wylst ik tee sette hie er de boekeplanken yn de keuken besjoen.… Lês fierder