Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Blauwe eagen

logo.ensafh

(Dit is it begjinfragmint fan it ferhaal, dat folslein ôfprinte stiet yn it nûmer 7 fan ensafh op papier dat krekt ferskynd is. Om dat nûmer te besetten troch it nimmen fan in abonnemint of it keapjen fan in los nûmer klik op Abonneminten.)

Wylst de oaren fan Skiphol kamen hie ik yn München it fleantúch nommen nei it Ferihegy-fleanfjild fan Boedapest, terminal 1.
De oaren kamen oan op terminal 2.
Nei lang wachtsjen, in taksyrit fan in heal oere fan 1 nei 2, sykjen en wer lang wachtsjen, hienen wy inoar troffen en mei syn fiven rieden wy no yn it Hongaarske buske mei de Hongaarske sjauffeur, dy’t allinnich Hongaarsk ferstie, troch it lege, flakke lân yn ’e rjochting fan de Roemeenske grins.… Lês fierder