Lomme Schokker

Tút en der út

logo.ensafh

In buertkafee op in lette sneintemoarn yn Ljouwert. Myn man, oerdeis kronykskriuwer fan Fryske fiten en nachts master fan it kroegekadaster -syn wurden, net mines-, skûlet ferlern en rûch om it kin yn in hoekje. Der sit net folle libben yn him, hy liket krekt sa ferslein as it flutsje bier yn syn steapelglês.
‘Ik bin skjin tenein, leave, sa wurch!’ Hy knypt in swart sjekje tusken de fingers út en sjocht my lamliddich oan. ‘Oerdeis gjin rêst en nachtenlang net sliepe, dy fleanende drokte, it iene nei it oare, al dy minsken en dat lûd! It fljocht my oan!’
‘Och jonge, noch mar in pear wike Kulturele Haadstêd fan Europa yn en it is dy nó al te folle?’
‘Genôch is genôch!’
‘Dat ik dy hjoed al wer mei werom nei hûs ta nimme moat.… Lês fierder

Lomme Schokker

Dêr dogge wy it foar

logo.ensafh

De pylderhillige sit sawat twa jier, njoggen moanne, tolve dagen, seis oeren en fjouwerentweintich minuten yn syn souderkeamer trijeheech-foar oan it Saailân op syn stien fan wizen te brieden mar it alles-ferhelderjend ynsjoch dat er sa begearet en dat inkeldris ferskynt as in ribbeltsje oan de sydkanten fan syn bewustwêzen, wie út de flecht wei sa sêft as in suchtsje.

Op de earste dei fan syn pensjonearring hat er bewust de wrâld fan it lytsminsklike ferlitten en him weromlutsen yn syn komfortsône fan in pear kwadraatmeter op it ienrutich souderke, fier fuort fan dy ferrotte mienskip fol kâlde en botte egoskrobbers, njirrige jildgnobbers, achterdehânhâlders, spoekbenaude deadwaners, kaffers en blaffers, keffers en bluffers, kribbekeurige kontkrûpers, bêdriddige liddichgongers, bedimjende mindwaanders, bitsige en hetsige poehawynders, moaiwaarsilers, lekskoaiers en lyntsjelûkers, de op de rêch skriuwende oerwurkútslovers, krinkjesspuiers, ôfsnutere kletslulders, plomkestrikers en pinnelikkers, liddige oerdriuwers, praatsjeferkeapers, beuzige boppedelsjenders, babbelers en rabbelers, stildeunske droechneukers, fodzjende ferlieders, flikfloaiers, rûchbûtsers, sjerpslikkers en rêchopstrikers, de swiertillers en de ûnheilsprofeten, de ûlewappers en de wittenskippers, de betterwitters, de keunstners en de fratsemakkers.… Lês fierder

Lomme Schokker

Dêr op Malta

logo.ensafh

‘Carolyn, einlings en te’n lêsten ha ik dy oan de telefoan! Daphne Caruana Galizia, dat is dochs famylje fan dy?’

‘Myn nicht. Se wennet yn Bidnya, wenne…, hjir in pear kilometer it easten op. Ik wie op it dakterras, ôfrûne moandeitemiddei. Ik ha de eksploazje heard.’

‘Wat moat ik sizze, ferskriklik!’

‘It is freeslik! It hiele lân is oerstjoer. De FBI hat de lieding fan it plysjeûndersyk, der binne hjir ek eksperts út dyn lân. Mar tink mar net dat it wat opsmite sil.’

‘Is ek de plysje by jimme korrupt?’

‘Wat tinkst? Wat tinkst? De polysjelieding is oansteld troch de politisy.… Lês fierder