Jacobus Q. Smink

rigels

logo.ensafh

trije rigels binne ferlern gien
yn de drokte mei de pc en ik
kin se net goed yn ’t sin bringe

it moatte wol te swiete sinnen
west ha oars soe ’k se noch witte
dochs sinniget it my net

ik sil krekt salang neitinke
oant ik se op ’e nij betink
mar tasizze kin ik neat nee

it is wol sa dat ik leavje kin
sûnder betingsten, soene jo
dat wol dwaan sei de idioat

eins fyn ik de lêste trije rigels
wol okee en lit it as sadanich

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jacobus Q. Smink

kutkapsels

logo.ensafh

 

kom ris op in nijjiers
kom al dy wiven tsjin
dy’t lebberje wolle my
op ’e snút, oeral oan sitte

mei fan dy kutkapsels
stiif fan spuit en lak
krammele, griis der fan
bliid dat ik se net thús

de moaiste stikjes hier
snoeid, poeskes keal en
útnaaid foar de fijnste
leafde, wat in nocht

tochtst no werklik wier
op harren spleetsje út, ik

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jacobus Q. Smink

salang’t

logo.ensafh

 

salang’t

har brune fytske by my binnen stiet
kin ik de hiele wrâld oan, hoe kin
dat no, no ja, ik wit it wol mar fertel

it, oan nimmen net; lit se mar yn de
stront dy apekoppen en bearelullen
wylst leit se hjir en sliept de wrâld

en ik sjoch nei har as wie se ien en
al wûnder; se is faaks in muze mar
ik wol justjes mear, geduld is grut

ha gjin haast, mar bin in sneinsbern
lykas in skouwe kat komt se dochs
werom en alle kearen wat tichterby

nea en nea krigest my, mar ik ha har
gjinien oars dy’t dêr patint op hat, ik
wol, fiel my like sterk as bijehunich

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jacobus Q Smink

de laatste eer

logo.ensafh

 

de karajonge fytst op ’e krykkrak, wiet grien ferve
in dûbelstange, fan de sate fan heit en mem
kofferke achterop foar wiken skjinne klean
nei de kop-hals-romp fan jan en jehanne

sy smookt sjekjes, dat is apart (foar in mem)
heit jan is in neef fan ús heit, hy is okee en âlder
kiestra syn froulju lêst er en jantsje (13) fielt har beurske
neffens him en hy wasket him sa goed, ik rûk de klok

letter rint er by syn simca wei
en falt samar op it gers
meand mei syn harre seine
earder op ’e dei

mar katten kin er oan ’e line hingje
as der in boarre tefolle is of se binne minnich
en it is gesellich as jehanne krúm praat
en paft as kúnre, wylst er syn kiestra lêst

sykje harren stien yn sondel, ik rûk de drum
twaris nocht te beroerd om nei de begraffenis te gean

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jacobus Q. Smink

nynke en de dieven

logo.ensafh

ús heit hie gjin easken sei ús mem
mar wie nana mouskouri op de radio
dan moasten wy stil wêze fan heit

hy hie gelyk, want we bin noch gek
op har bril en har sangerige sang
dat we hingje ryklik yn you tube om

nana song yn in protte talen, net yn
it frysk, mar dat is ek wol sa’n taal, sa
soene je it gryksk net betinke kinne

lokkich ha wy nynke, dy’t we ea ris
yn brussel sjongen hearden yn it
keninklik paleis, we krigen port

yn kristallen glêzen, dy’t we pikten
mar ja, dy wiene moai gau stikken

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Jacobus Q. Smink

wat dochst sa deis

logo.ensafh

 

as bart der nachts neat,
is der oerdeis in oseaan
fan ferfeling en tiid, ja
eigen baas is wat der mei giet

mar lis dat mar ris út
oan ien dy’t te stûf foar god
arbeidet, foar it slyk
fan d’ ierde en de hege dyk

nei de nijsgjirrige nacht
earst kofje en krante, in ein
iisbeare mei de kop foardel

dan de dyk út mei fier
de holle heechop de wyk yn
en winkelje, mei fan god

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Bertold Brecht, Jacobus Q. Smink

Alles…

logo.ensafh

 

Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.
Mar wat barde, is bard. En it wetter
Datst yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke.

Wat barde, is bard. It wetter
Datsto yn ‘e wyn jittest, kinsto
Der net mear út wei skinke. Mar
Alles feroaret. Op ‘e nij begjinne
Kinsto mei de lêste snik.

Oersetting: Jacobus Q. Smink

Alles…

Alles wandelt sich. Neu beginnen
Kannst du mit dem letzten Atemzug.
Aber was geschehen, ist geschehen. Und das Wasser
Das du in den Wein gossest, kannst du
Nicht mehr herausschütten.

Was geschehen, ist geschehen.… Lês fierder