Piter Boersma

Skriuwers oan it wurd op Skriuwerswykein

logo.ensafh

Op 5 novimber 2011 waard yn Riis yn Hotel Gaasterlân in Skriuwersbounwykein hâlden. Seis skriuwers wiene útnoege om wat oer harren skriuwerij te sizzen mei as tema ‘Ynhâld en ynspriraasje’. Trije – Greet Andringa, Hein Jaap Hilarides en Margryt Poortstra – hawwe wat se dêr sein ha sels op skrift steld. Fan wat de oare trije – Hidde Boersma, Koos Tiemersma en Akky van der Veer – nei foaren brocht ha (en de neipetearen) is troch Teake Oppewal fan Tresoar in ferslach opmakke (ek it neipetear by it stik fan Hein Jaap Hilarides). Alle seis stikken binne foar pleatsing op dizze ôflevering fan Ensafh beskikber steld.… Lês fierder

Koos Tiemersma

Reaksje Tiemersma op diskusje Kingma/Oppewal

logo.ensafh

Lang = poer?

In koarte reaksje op de diskusje tusken Sigrid Kingma en Teake Oppewal

Ik sil besykje koart te kriemen, oars tinkt Sigrid Kingma fan my ek noch dat ik ‘poer’ bin en har ‘in snotaap’ fyn. Earlik sein sjoch ik it kausaal ferbân net hielendal, ik tink earder dat Teake Oppewal in saaklike reaksje op in ûndersykje jûn hat en dat Sigrid Kingma dêr op de ien of oare manier net mei út ’e fuotten kin, ek sjoen har fierder wat warrige reaksje. Oppewal docht nammentlik wat de warbere studinten neilitten hawwe en dat is de konklúzjes dy’t men (wat al te hastich?) loek tsjin it ljocht hâlde.… Lês fierder

Koos Tiemersma

Faktoaren fan bûtenôf

logo.ensafh

Ik waard attindearre op in resint besprek oer De ljedder fan Van den Berg, oftewol de ferneamde boeklogger, dy’t him no opwurke skynt te hawwen nei it echte wurk: haadresinsint by Farsk. No hie dizze besprekker al earder op syn webloch Mind Games ûnder hannen nommen. Tige komysk, moai koart en dus o sa gaadlik foar it plakboek, ik ha der in soad wille om hân.

Oft it nijste besprek it ek sa fier skoppe sil? Ik tink it net, dêrfoar bliuwt de tekst my te fier ûnder de mjitte hingjen. De yndieling is oars wol opmerklik. Om in besprek te begjinnen mei in wiidweidige ferantwurding dy’t benammen oer de resinsint sels giet freget moed.… Lês fierder