Geart Tigchelaar

Koroanakrisis

logo.ensafh

Mei it pakje fan Bol.com yn ’e hannen rint er it hiem fan it hoekhûs op. Hy docht dit wurk no al sa lang, mar alle kearen is er wach op de mooglikheid dat earne ûnferwachte út it strewelleguod in hûn oandraven komt. Hy hat gjin hekel oan bisten, mar op bisten kinst nea alhiel oan, hat er fan thús út leard. Alle kearen tinkt er der efter oan dat minsken helte ûnbetrouberder binne. Benammen yn dizze nuvere tiden.
De situaasje doocht net hielendal, om’t er skoan wit dat frou M. Feenstra fan de Leeststrjitte nûmer 49 yn Waadwâld gjin hûn hat om’t dizze rûte al tsien jier lang syn fêste rûntsje is.… Lês fierder

Carsten René Nielsen, Geart Tigchelaar, Mette Norrie

Koroana / Corona

logo.ensafh

Koroana

Nim gjin stik hânsjippe
mei de stêd yn,
ear’t it in kreaze jurk oankrigen hat,
lit gjin wjerljocht sitten bliuwe
tusken dyn tosken,
as it tongeret,
en rin nea troch ’t park
mei ien oars as dysels
oan ’e riem.

Corona

Tag ikke et stykke håndsæbe
med i byen,
før det har fået en fin kjole på,
lad ikke et lyn blive siddende
mellem dine tænder,
når det tordner,
og gå aldrig tur i parken
med andre end dig selv
i snor.

Byldwurk: Mette Norrie

 … Lês fierder

Geart Tigchelaar

Relative romte

logo.ensafh

Dichter Geart Tigchelaar ûndernaam in fytsreis fan in moanne as fiif, seis troch Europa. Ditkear fytste er tegearre mei de faam. Hy wie fan doel om foar Ensafh yn alle lannen dêr’t hja kamen in proazagedicht te skriuwen. Hjirby de fjirtjinde, dy’t yn Roemenië skreaun is.

 

Foto: Geart Tigchelaat

Lês fierder
Simon van Wattum, Josine de Vries, Geart Tigchelaar

Josine de Vries lêst Simon van Wattum: ‘Feberwoarie’

logo.ensafh

Josine de Vries lêst op de Grutte Gedichtejûn fan 8 febrewaris 2019 it gedicht ‘Feberwoarie’ foar fan de Grinzer dichter Simon van Wattum.
It fers is troch Josine de Vries en Geart Tigchelaar oersetten yn it Frysk.

https://youtu.be/Y38zzXdsXjg

Feberwoarie

Wat zollen walen en muren
nou ’t duuster binnen krôpt
en spinnen van de gaist
bekenden en buren
vrunden en femilie
beheksen tot haalfmalen
wiezend mit de vinger:
dij doene (de roene veur de woagen
moar hou wie menden
’t was nait te winnen
van de witteklokkeslinger)
dij baist oet geut dat waist
dij streut gain chili op zien toene.

Wat boat de kroeke aan mien borst
nou stroom mie sleurt
tot over boôm van kilte
en jagt mie hoog
op regenboog van eerd noar eerd
en slagt mie doal
n glibberoal in foeke
veur aine dij niks eert

gain voader en gain moeke
gain laand gain stad gain stain
gainain

as ’t levent dat aal noader komt
hou zaachter ’t slôpt
hou vaalzer ’t glôpt
omtou de walen en muren,
omtou mien ber, mien vel dat kel
– de hoane plôkt –
’t neustrillen van de vos vernemt.… Lês fierder